Dorpssite Reduzum / Friens

Doarpsbelangnijs

Nijs oer it nije masterplan
It nije masterplan foar Reduzum begjint foarm te krijen. De measte teksten binne al skreaun. De leden fan de wurkgroep binne no dwaande der ien gehiel fan te meitsjen. Op 28 juny komme hja foar de lêste kear foar de simmerfakânsje by elkoar om it konsept fêst te stellen. Nei in redaksjeslach giet dit konsept dan begjin july de ‘ynspraakronde’ yn. It bestjoer en de wurkgroepen fan doarpsbelang ha dan oant 15 septimber de tiid om kommentaar te jaan.It konsept sil ek foarlein wurde oan in oantal deskundigen. En lykas ôfpraat op de jiergearkomst kin ek elke ynwenner fan Reduzum syn of har miening jaan.

Ein september wurde alle reaksjes ferwurke yn de definitieve tekst. Yn de tuskentiid is dan ek hurd wurke oan de foarmjouwing: we wolle der in moai boekje fan meitsje. It doel is om it nije masterplan yn november te presentearen. Dan wurdt fansels ek de namme fan it nije masterplan bekend en kriget de betinker fan dy namme syn priis.

 

 

Benieuwd naar de inhoud het nieuwe masterplan?

Stuur dan een mailtje naar doarpsbelang@reduzum.net of bel Harke v/d Wal (602364).

Omstreeks 10 juli krijgt u het concept dan toegezonden.

 

 

 

 

 

Zomerweer, zwemmen!

Dat hoort erbij. En omdat het zwembad in Grou verdwenen is zwemmen we weer “gewoan yn ‘e feart”. Gelukkig is er water genoeg in en om Reduzum. En gelukkig is dat ook schoon genoeg om er veilig in te zwemmen.

 

Een probleempje…   
Bij de realisatie van “It Swinlân” is de bewoners van “It Suderom” toegezegd, dat de noordoever van “It Swinlân” een natuurlijke begroeiing zou krijgen  ( eco-oever) Dat is gelukt op één plekje na. In het verlengde van “Oan it Swin” is door verbreding van de vaarweg een stukje van de rietkraag verdwenen. De plek is afgezet met palen en er is al twee maal nieuw riet aangeplant. Om dit riet een kans te geven en om zo, als Doarpsbelang, te voldoen aan de gedane belofte, zou er een poosje niet gezwommen moeten worden.

 
 

 

 


Als alternatief is er de “Nije haven” We hebben daar de bagger laten verwijderen en we hebben een kort “zandstrandje" aangelegd. Het zou mooi zijn als dat als zwemplek benut zou worden. Kerk en pachter zijn akkoord. Zolang de haven niet vol in gebruik is zou het wat ons betreft kunnen. 

We willen niemand voorschrijven waar hij/zij wel of niet zou moeten zwemmen. We vragen alleen om medewerking om onze toezegging aan “It Suderom” na te komen.


Veel zwemplezier!

Doarpsbelang.

Nijs doarpsbelang

April

 

Titel Masterplan
In gefolch fan de keukentafelpetearen fan ôfrûne winterskoft, is dat der no efter de skermen wurke wurdt oan in nij masterplan. De wurkgroep Masterplan wol hjir in priisfraach oan keppelje. Wa’t in leuk idee hat foar in titel foar it plan kin dat maile nei alja.wiersma@gmail.com|
Slútingsdatum is 15 maaie 2010

Ut alle ynstjoerders wurdt in winner keazen, dy’t in leuke priis krijt.

De winner wurdt yn de folgjende Linepraat bekend makke.

 

Een gevolg van de keukentafelgesprekken die de afgelopen winter hebben plaatsgevonden, is dat er nu gewerkt wordt aan een nieuw Masterplan. De werkgroep die hiermee bezig gaat wil hier een prijsvraag aan koppelen. Wie een origineel en leuk idee heeft voor een titel voor het plan, kan deze mailen naar alja.wiersma@gmail.com

Sluitingsdatum is 15 mei 2010.

Uit alle inzendingen kiezen we de winnaar, die een leuke prijs in ontvangst mag nemen.

De winnaar wordt in de eerstvolgende Linepraat bekend gemaakt.

 

Haven
De gemeente heeft in zijn wijsheid besloten de verhuur van de 6 ligplaatsjes bij het Swinlân zelf ter hand te nemen. Voor zo ‘n € 250,- per jaar kunt U daar terecht met Uw boot. Als deze althans tussen de paaltjes past. Anders krijgt U te maken met “uitsteektoeslag” Tot havenmeester is aangesteld dhr. J. Van Teeffelen. Althans dat begrijpen we uit de brief die ons ( na twee jaar) is toegezonden. Waarschijnlijk zal hij eens per maand met pet, tafel, stoel en stempelkussen aanwezig zijn.

Gelukkig kunt U voorlopig nog terecht in onze eigen “doarpshaven” Voor een aardig zachtere prijsje. ( vanaf € 90,- p.j.    Inl. Havenmeester : M. Hof. Woont direct naast de haven.)

Het zou trouwens niet onaardig zijn, dat de eigenaar van de “duikboot” in de zuidwesthoek z’n vaartuig boven water zou willen halen. Er hangt zo te zien nog een goede moter achter.

 

Greidhôf
De Greidhôf staat te koop. Voor delen van de Greidhôf is belangstelling. Maar… de prijs is erg hoog. Vooral als je ook nog in aanmerking neemt, dat alleen het opknappen van de buitenkant al een investering van twee ton vraagt.

Dan moet je het gebouw nog inrichten, verbouwen, aanpassen. Met name de oostelijke vleugel ( sportzaal) is in slechte staat. Moet misschien wel vervangen worden. Op dit moment worden de mogelijkheden onderzocht. ER ziijn nog  geen vaste plannen.

 

Zodra dit wel het geval is wordt direct kontakt opgenomen met dorp en omwonenden.

Bovendien heeft het dorp een paar jaar terug een aantal voorwaarden geformuleerd waaraan het (nieuwe) gebruik van de Greidhôf zou moeten voldoen. Eisen over bestemming, geluid, verkeer, parkeerruimte, enz..

 

“WE hâlde jimme op ‘e hichte”

 

Jim eigen Doarsbelang

 

 

Verslag jaarvergardering 2010

Wa betinkt in titel?

In gefolch fan de keuketafelpetearen fan ôfrûne winterskoft, is dat der no efter de skermen wurke wurdt oan in nij masterplan. De wurkgroep Masterplan wol hjir in priisfraach oan keppelje. Wa’t in leuk idee hat foar in titel foar it plan kin dat maile nei alja.wiersma@gmail.com

 

Slútingsdatum is 15 maaie 2010

Ut alle ynstjoerders wurdt in winner keazen, dy’t in leuke priis krijt.
De winner wurdt yn de folgjende Linepraat bekind makke.

 

Een gevolg van de keukentafelgesprekken die de afgelopen winter hebben plaatsgevonden, is dat er nu gewerkt wordt aan een nieuw Masterplan. De werkgroep die hiermee bezig gaat wil hier een prijsvraag aan  koppelen. Wie een origineel en leuk idee heeft voor een titel voor het plan, kan deze mailen naar alja.wiersma@gmail.com
 
Sluitingsdatum is 15 mei 2010.
 
Uit alle inzendingen kiezen we de winnaar, die een leuke prijs in ontvangst mag nemen. De winnaar wordt in de eerstvolgende Linepraat bekend gemaakt.

 


 

 

Betinking 4 maaie

REDUZUM, FRIENS, IDAERD.

Alle ynwenners.

Ien kear yn de 5 jier betinke we yn ús trije doarpen de slachtoffers fan de twadde wrâldoarloch. Ek dit jier. Elk is fan herten wolkom. De betinking wurd organisearre troch it 4-maaie-kommitee yn gearwurking mei de TRIJE DOARPENSKOALLE en de TSJERKE.

 

PROGRAMMA:

4 maaie jûns.

 

19.45   - KLOK liede.

             Stille tocht fan it tsjerkhôf nei it MONUMINT by tsjerke.

20.00   - Krânslizzing troch learlingen fan de TDS.

             Oanslutend  2 MINUTEN STILTE.

20.15   - Boppeseal Kafee/bar        DE WELP

 

                 - Ûntfangst troch Dûmny    KNOL.

 

                 - Foardracht bern TDS.

 

                 - “BEFRIJING”, ienakter skreaun spesjaal foar de betinking.

 

                   Trude sil nei in fersoargingshûs. It âldershûs wurdt leechhelle.

                   Dan komt der in briif foar it ljocht…..

 

                   Spilers:     Trude, de mem                                     Marjan de Jager

                                   Albert, har soan                                               Taeke v.d.Woud

                                   Reina, de dochter                                            Afke Mouffakir

                                   Antsje, frou fan Albert                          Nynke Brinksma

                                   Piter, beppesizzer                                            Jitse Terpstra

                                   Jildo, syn “suske”                                             Lisette Woltjer

                                   Betsy, de thúshelp                                           Sus Tiesema

                                   Kees en Jannes fan de kringloop                      Liuwe en Jannes Tilma

 

                                                           Ynstekster                                Nynke Brinksma

                                                           Rezjy                                       Piter Renia

 

                    It stik einicht mei in LIED út de 40-er jierren.

                   Sang:       Astrid Woltjer

                   Mesyk:    Jappy de Vries en Hylke Tromp.

 

                   Eventueel neisit mei kofje.                       

 

                                                                                  Kommitee: Harmien Scholten

                                                                                                       Jappy de Vries

                                                                                                        Germ van Essen

                                                                                                       Piter Renia


 

Stimburo Reduzum

Utslach stimburo Reduzum

Omt der troch eltse Boarnsterhimmer op elts willekeurich plak yn de gemeente stimd wurde koe binne de útslaggen op it stimburo net neist de útslaggen fan foargeande jierren lein.

It oantal stimrjochtichden wie fansels net oars as oars, mar it opkomstpersintaazje hjir wie oanmerklik leger as bij eardere gemeenteriedsferkiezings. De oare oarsaak is fansels it opdûken fan Boarnsterhim : hat it noch wol nut om te kiezen ? Gelokkich wie dat foar goed 55 % fan de minsken wol it gefal.

Fan de 1006 oproppen kiezers kamen der 550, dêrbij wie gjin ien stim blanco of ûnjildich.

 De útslach :

Gemeentebelangen 150 ( 27,3 %)
Partij van de Arbeid 117 ( 21,3 %)
FNP 111 ( 20,2 %)
VVD 60 ( 10,9 %)
Grien Links 54 (   9,8 %)
D'66 32 (  5,8 % )
CDA 26 (  4,7 % )

 

De útslach fan alle partijen, mar ek de telling per kandidaat fan  alle stemdistricten in de gemeente.

Doarpsbelang nijs

Febrewarris 2010

Doarpsbelang nijs

Jannewaris 2010

Piter Renia ferlit tydlik bestjoer Doarpsbelang Reduzum

Troch de ferhuzing fan Jelle de Visser is Piter Renia keazen yn de rie fan Boarnsterhim.
Riedslid en foarsitter fan Doarpsbelang kin net tegearre.
Fandêr dat vice-foarsitter Harke van der Wal tydlik, oant de ferkiezings yn maart, foarsitter wurdt.
It bestjoer giet mei 4 man fierder, der komt gjin nij bestjoerslid by. 

 

 

 


 


 

Doarpsbelang nijs

Novimber 2009

KEUKENTAFELPETEAREN.
Wer ris wat oars. Wy kamen by jimme. Gewoan thús. Om ris te praten oer ús doarp.
It hat ús goed foldien. We hoopje jimme ek. En we hoopje dat it in moai doarpsplan opleveret sa dat we wer 10 jier foarút kinne.  “REDUZUM 2020.”
Der hawwe 12 groepen west fan in man/frou as 5 – 6. In 70 minsken ha har bûgd oer de takomst fan dit doarp. Da ’s moai! Spitich dat it gros fan dizze minsken boppe de 40 wie. We misten de jongerein wat, mar hawar.
De oantekens fan ús 4 (geweldige) notulisten – Anke, Jet, Agatha en Jantsje – gean nei de “konsept-groep.” Dizze makket in opset fan de doarpsfyzje en dy krije jim kommende maaitiid wer ûnder eagen.

FRJEMD FOLK.
Snein 15 novimber swalke der in kliber frjemd folk troch de buorren. Finnen, Esten, Litouwers, Hongaren, Britten, Belgen, Griken, wat al net… Binne   en Piter derby en wat folk fan Doarpswurk. Se hiene   by Jeroen en Lutske iten en se wiene dêr   traktearre op in leske oer hoe ’t men in doarpsbelang organisearje kin.
Fansels moasten we doe ek efkes sjen litte wat we sa al út ‘e wei set hiene yn dit – ús -doarp.   Dan bin we moai wis in bytsje grutsk op wat we mei elkoar kinne. Mei wol, no?
En dan wolle we in oar der ek wol by helpe om harren doarpen ek op priemmen te setten. Dat sa. 

IT ÂLD SWIN.
Prachtich paad. Alhiel klear. Iepen rûn en doe bedronken mei in man as 30. Pers der by. In moai ferslach yn de MF. In foto yn it Friesch Dagblad. Mei in sels optocht ferhaal derby. “It paad fan de snackbar nei it doarp” Hoe betinke se it. We hiene ek noch wol it ferhaaltsje fan de foarsitter op papier setten. Net lêzen, tink.?    De LC wie der ek, mar dy hat der hielendal neat fan makke. Spitich.  Want, om op eigen manneboet in paad fan € 22.000 oan te lizzen is dochs  wier gjin kattedrek. We ha der wer in “ommetje” by. No takom jier it paad fan de Nijlânsreed rjochting Easterwierrum noch. Kin we wer in stapke fierder.

STRUKTUERSKETS/WENPLAN
Op dit stuit wurket de gemeente oan in struktuerskets oant 2018. Dêr stiet dan yn wat men tinkt mei de gemeente te dwaan foar de kommende 10 jier.   Foar ús is fan belang, dat wy yn de hoeke lizze ,dêr ’t de lânbou foar master opslacht. Dêr ha we alhiel gjin swierrichheden mei. Wol ha we yn de ynspraak oanjûn, dat der neffens ús omtinken komme moat foar it wegennet hjirre. De masines wurde al mar grutter en ús dykjes binne noch sa ’t se 400 jier lyn ek wiene. Dat byt elkoar wol ris wat.
In ûnderdiel wie ek   it WENPLAN. We kinne binnen de beboude kom bouwe sûnder kontingint. En dêr bûten foarlopich net!.! We ha oanjûn dat we lykwols noch altyd ferlet ha fan “jongereinwenten”, lyts dus en “ambachtwenten”, mei wat mear romte dus foar bedriuwichheid . Se ha ús oanheard. Like goed wiene der fan de 16 doarpsbelangen yn dizze gemeente, mar 4 op ynspraak. “Da ’s niet veel.”      

SINTERKLAAS
21 Novimber. Sneontemoarn healwei alven. It oargel spilet. De bern sjonge. De kade stiet fol. Dêr komt de boat al oan. Sinterklaas. Mar wêr binne syn Piten?  Och earme, kin Sinterklaas gjin Piten mear betelje?  Hat de krisis ek al taslein yn Madrid? In plysjeauto hearre we. Sirene oan. Gelokkich, dêr komme de Piten útrôljen. Fersliept, de boat mist.
Dan achter de muzyk oan, nei de boppeseal by Jeroen en Luts. Noflik. Gjin wanklank heard.
Jûns wer. Murphy “s Ouizzz. Foar jong en âld. In hiele seal fol. Gesellich. En.. echt jong en âld. 
Sa moat in doarpsjûn wêze. Kompliminten oan de aktiviteitenkommisje. Takom jier mar wer.

Extra vergadering bestuurlijke toekomst Boarnsterhim

De gemeenteraad van Boarnsterhim zal in een extra vergadering op 1 december 2009 de bestuurlijke toekomst van Boarnsterhim bespreken in een meningsvormend debat. In die vergadering hebben burgers gelegenheid in te spreken.
In de besluitvormende vergadering van 15 december 2009 is géén gelegenheid meer om in te spreken, maar zijn alleen de raadsleden aan zet.
Spelregels inspraak raad 1 december 2009
U kunt inspreken namens een organisatie, vereniging of uzelf. U heeft als inspreker maximaal 5 minuten spreektijd (tekst van 1 A4).Gebruikelijk is dat in totaal voor het inspreken een half uur uitgetrokken wordt. Bij meer dan 6 aanmeldingen, zal de voorzitter aan de raad voorstellen om de totaaltijd voor inspreken uit te breiden.Het is mogelijk dat de voorzitter genoodzaakt is om de spreektijd per inspreker in te korten. Neem een kopie van uw inspreektekst op papier mee en overhandig deze aan de griffier. Hij verspreidt na afloop van de vergadering deze tekst onder de raadsleden.
Meldt u uiterlijk 12.00 uur op dinsdag 1 december 2009 aan bij de griffie of stuur een e-mail met uw naam, adres en telefoonnummer naar: ruttena@boarnsterhim.nl
Veel inwoners zijn benieuwd naar het debat over de bestuurlijke toekomst op 1 december 2009. Mocht u het debat in de raadszaal mee willen maken, dan is het van belang tijdig aanwezig te zijn in verband met de verwachte belangstelling. In de vergaderzaal zullen stoelen bijgeplaatst worden. De capaciteit van de raadszaal is echter beperkt. U kunt het debat ook rechtstreeks volgen via de Boarnsterstim.

De agenda voor de bijeenkomst op 1 december is als volgt:
Tiisdei 1 desimber 2009 om 19.00 oere yn de Riedseal fan it Gemeentehûs, J.W. de Visserwei 10 yn Grou.
W U R K L I S T :
1. IEPENJE
2. MIENINGSFOARMJEND
2.1 Gelegenheid foar boargers om yn te sprekken
2.2 Debat oer "Bestuurlijke Toekomst Boarnsterhim"
3. SLUTE


Oanmelding foar it sprekrjocht fan boargers uterlik oant 12.00 oere by de griffy, tel. (0566) 629 383/207, of e-mail: ruttena@boarnsterhim.nl
De riedsgearkomste wurdt útstjoerd troch de Boarnsterstim, Ether 105.6 Mhz.FM, kabel 96.1 Mhz-FM. Fia www.boarnsterstim.nl is de útstjoering rjochtstreeks te folgjen.

Reduzum bedankt

Beste inwoners van Reduzum,

It âld Swin

Reduzum - 6 Novimber 2009
In jier as wat lyn hat doarpsbelang in kuierpadenplantsje makke. Dęrop stie ek in paadsje dat fan de Blauwe Tinte rjochting It Swin rűn.  Doe ’t it nije útwreidingsplan “ It Swinlân” oanlein waard, wie der in boudyk nedich. Dy lei sa űngefear op it plak, dęr ’t we it kuierpaad ek tocht hiene. En der waard in protte gebrűk makke fan dizze kuierrűte.  It “foarseach yn in behoefte” om it ris deftich te sizzen. En doe tochten we, dat we besykje moasten en hâldt dy dyk.  Yn de foarm fan in rin- en/of fytspaad. No dat is slagge. It paad leit der en we sille it aanst mei elkoar iepenrinne.

Hoe ’t we dat sa foar elkoar krigen ha? We ha gelok hân. De tsjerke en de pachters woene wol meiwurkje. It lân krigen we om neat. It wetterskip soe krekt syn kades ferheegje en se woene ek wol meidwaan. Se makken it plantsje en it bestek en se leine foar in freonepryske in skulpepaad oan oer de nije kades.  De gemeente fűn ien en oar prima en joech tastimming. En wy wiene as doarpsbelang ek ree en stek der tiid en jild yn. Sa ha we it ręden. 700 Meter rinpaad. Dwers troch de greiden en bylâns It Swin.  In prachtpaad.

We sille it sa as sein aanst iepenrinne en dan sil Durk van Gorkum, de man dy ‘t de boel koördinearre hat, de namme fan it paad bekend meitsje. Mar earst wol ik hjir noch tank sizze oan de tsjerke en syn pachters, oan It Wetterskip, oan de gemeente en Welkom, dy ’t noch in potsje fan sa ‘n € 7500 oer hiene fan it Swinlân, oan de Rabobank, dy ’t ús stipe mei in € 5000, lykas de provinsje út syn plattelânsprojektenpot. En fansels ek tank oan de oannimmers. De oannimmer fan it wetterskip Wierda út Goďngea, Durk Visser fan Reduzum/Friens, dy ’t it talúd troch it lân groeven hat en Van Abema fan Idaerd, dy ’t de skulpen der yn lei. 
It paad koste sa ‘n € 22.000. Us as doarpsbelang hat it, mei eigen wurk der by, in € 4000 koste. Dat nimme se yn de jildwrâld multipleije. Fan in bytsje in protte meitsje. Wy bin der wiis mei. Mei tank.

Enne… wat jim faaks net witte, dit paad is in stik fan de eastlike rűte fan it Jabikspaad. De iene kant rint dus nei Sint Jabik, de oare kant komt yn Spanje út.
Piter M. Renia.


Greidhôf bewenne

It wie guon fan jimme grif opfallen; der wenje minsken yn de Greidhôf. We ha ris frege nei it hoe-en-wat. It binne minsken, dy ’t der troch Ad Hoc Beheer út Swolle delsetten binne. “Antikraak” sis mar. Soks yn ôfwachtsjen fan de ferkeap fan de Greidhôf. Makeler Hoekstra sil dat dwaan. Dêr hearre we grif noch fan.

Wilens wurdt de tún noch wol byhâlden, mar aktiviteiten yn de Greidhôf kinnen nei nije wike( kleinveeshow.) net mear. Soks ek yn ôfwachtsjen fan de ferkeap. No mar hoopje dat der goede dingen barre. Der is yn dit doarp ferlet genôch fan romte.

Doarpsbelang nijs

Oktober

Rinpaad
It rinpaad It âld Swin is no alhielendal klear. It paad om de nijboukavel fan de famylje de Jager hinne, is op 15 oktober yn de skulpen lein, en in dei letter is it paad oer de polderdyk noch wat opknapt. De buordsjes op de stekken binne dúdlik. We wolle graach foarkomme, dat hûnen yn it lân omstrune en sa soargje kinne soene foar siik fee. Benammen hûnestront heart net yn it lân. Wat net op de buorden stiet is dat it nimmen fan in koartere route troch it lân nei de wite brêge fansels ek net de bedoeling is.  Hâld it paad en lit it lân oan de boer. Fierders stiet yn de fergunning fan de gemeente dat wy eltsenien warskôgje moatte dat it in partikulier paad is en dat it ynrinnen op eigen risiko is. Jim binne dus warskôge. 
Nei al dizze preuvelemintsjes; We hoopje dat jim noch jierren lang genietsje sille fan dit "kuierke-by-Durk-en-Afke-om".  

Iepening rinpaad
It rinpaad âld Swin is no alhielendal klear dêrom in ÚTNOEGING oan de bewenners fan Reduzum, Friens, Idaerd en Aegum. Op sneon 7 novimber wolle we mei jimme it nije skulpepaad tusken de Blauwe Tinte en it doarp iepen rinne. Jimme wurde noege, om om healwei fjouweren middeis te ferskinen op it “carpool-plak “ by de Blauwe Tinte. Nei in pear wolkomswurden fan de foarsitter fan Doarpsbelang Reduzum rinne we mei elkoar bylâns  IT ÂLD SWIN.
Ús kuiertocht( sje.) einicht yn kafee/bar ‘De WELP”  Dêr wolle we dizze nijkommer bedrinke en beklinke.
We rekkenje elk op jimme.

Wâlkant Súd.
Doe ’t we It Swinlân oanlizze woene, hiene we de help nedich fan de bewenners fan Súd. Se ha (hast) allegear meiwurke, sûnder al te folle innen en oanen. Har is doe in begroeide wâlkant tasein.   Dat is doe ek slagge op ien plakje nei. De begroeiïng dêr ( reit) is fuort rekke troch dat it wetter dêr ferbrede is.  Lykwols: “Belofte maakt schuld” .

We binne fan doel en kom de tasizzing nei. It soe betsjutte dat der efkes net swommen wurde kin. We wolle op de jiergearkomste mei jim oerlizze, wêr ’t der dan wol in swimplak oanlein wurde kin. We binne as doarpsbelangbestjoer fan doel en meitsje dêr dan ek foarsjennings, bgl. in dûkplanke en sa.
We hoopje dat jimme begryp hawwe foar de sitewaasje en we oerlizze fan ‘t maaitiid graach mei jimme.                             

  

Toekomst Boarnsterhim

Enqűete Toekomst van Boarnsterhim en Reduzum

Hoe komt het met de gemeente Boarnsterhim?

Begin september maakte het college van B en W haar standpunt en haar plannen bekend: eerst de gemeenteraad inlichten, daarna hoorzittingen in de dorpen en medio december besluitvorming door de gemeenteraad.

Wij als bestuur van Doarpsbelang dachten dat de inwoners van Reduzum wel op grote schaal zouden zeggen: “maar zo gauw mogelijk naar Leeuwarden”. En we waren eigenlijk van mening dat wij als bestuur van Doarpsbelang geen rol hoefden te spelen in dit proces, nu de gemeente zelf zorgde voor hoorzittingen voor de inwoners in de dorpen en dat de uiteindelijke besluitvorming toch bij onze politieke vertegenwoordigers, in de gemeenteraad lag. Maar omdat we twijfelden of wij het wel goed zagen besloten we om nog voor de hoorzitting een enquête onder de inwoners te houden. Daaruit bleek dat we het niet goed hadden ingeschat: Reduzum twijfelt op dit moment (eind oktober, voor de hoorzitting) nog. En er is wel degelijk een rol voor Doarpsbelang.

UITSLAG VAN DE ENQUETE
Reduzum kan het beste bij een zelfstandig Boarnsterhim blijven:                  77             33 %
Reduzum kan met de gehele Boarnsterhim het beste bij Leeuwarden         19             9 %
Reduzum kan het beste bij Leeuwarden                                                               78             34 %
Reduzum kan het beste bij Littenseradiel                                                             37             16 %
iets anders, namelijk ......                                                                                          18            8 %
(naar o.a Heerenveen, Sneek, Idaerderadeel en Skarsterlân)

Daarnaast is er vrij groot aantal inwoners, die geen mening gaven, omdat zij eerst de hoorzitting wilden afwachten, meer informatie van andere gemeenten en dorpen in ander gemeenten wilden

Rol van Doarpsbelang
Bij de vraag welke rol er dan voor Doarpsbelang in dit proces is, kregen we een groot aantal suggesties. We hebben hieruit de volgende vier rollen afgeleid:

1.        Het verstrekken van informatie aan de inwoners.
Sommigen gaven ook aan dat men liefst eerst een informatie-avond had gehad. Een van de respondenten schrijft letterlijk: ‘nu is het meer een emotionele dan een rationele keuze voor veel inwoners’.

2.        Woordvoerder namens de inwoners van Reduzum.

  • mening van de inwoners peilen en die verdedigen
  • de mening van de Redústers luid en duidelijk doorspelen naar de gemeente en de pers
  • vertegenwoordigen van burgers op de hoorzitting
  • de stim fan it doarp hearre litte, lûd en dúdlik
  • het verdedigen van de keuze van de burgers, inwoners van Reduzum, die hebben het nou voor het zeggen

3.        Belangen behartigen van Reduzum.

  • er voor zorgen dat we bij een goede, financieel gezonde gemeente komen
  • fungeren als een soort deelraad adviserende rol
  • er voor zorgen dat Reduzum Reduzum kan blijven
  • actief de wensen bepleiten
  • dat het dorpsbeheer eindelijk weer eens gaat lopen

4.        Voor een bepaald belang opkomen, namelijk:

  • zorgen dat we niet bij Leeuwarden komen!!! (als we bij Leeuwarden komen, gaan wij zeker weten verhuizen!)
  • Reduzum kan het beste bij Heerenveen (meerdere keren)
  • Reduzum kan het beste bij Sneek (meerdere keren)
  • het begeleiden van het proces naar een andere kleine gemeente (Littenseradiel)
  • zorgen dat de kleine plaatsen ook aan bod komen

Tot slot waren er nog diverse soms zeer bijzondere opmerkingen waarvan we er een aantal willen noemen:

  • goed letten op democratisch proces, of alles wel in het rapport komt; bandopname maken op inspraakavond
  • Jan Galama op financiën
  • Reduzum moet de vrijheid gegund worden om te kiezen onder welk gemeentebestuur ze haar eigenzinnige karakter kan behouden

Keukentafelgesprek

Uitnodiging keukentafelgesprek           -              Wy ha jim nedich!!!

Beste dorpsgenoten,
In de Linepraat van augustus vertelden we dat we deze herfst met zoveel mogelijk inwoners en met alle verenigingen en commissies willen overleggen over de toekomst van ons dorp.

Om uw meningen en ideeën te inventariseren hebben we gekozen voor de methode van zogenaamde “keukentafelgesprekken”. Hierbij kunt u in een open gesprek met ± 6 dorpsgenoten uw mening geven over onderwerpen die betrekking hebben op ons dorp. Graag willen wij van u weten hoe u de toekomst van Reduzum ziet, bijvoorbeeld wat betreft verkeer, woningbouw, groen, clubs en voorzieningen. Kortom: hoe moet ons dorp zich ontwikkelen?

Met de resultaten van deze gesprekken gaat een werkgroep in de komende winter aan de slag. Het plan is om op de jaarvergadering in april een eerste concept te presenteren van "Reduzum 2020".

De gesprekken vinden 's avonds plaats van 20.00 - 22.00 uur. En inderdaad: aan de keukentafel van iemand bij u in de buurt. Zonodig worden er op een avond meerdere gesprekken gehouden. In onderstaande lijst vindt u de datum waarop uw straat aan de beurt is.

13 Okt

Gorterstrjitte, Joksewei, Stânfriesstrjitte, D.S. Bangmastrjitte (van Joksewei tot Legedyk)

14 Okt

Ayttawei, Ienswei

19 Okt

Sportclubs

20 Okt

Culturele clubs

28 Okt

Tsienzerbuorren, Overijsselsestraatweg, Nijlânsdyk

29 Okt

Ds. Boersstrjitte, De Trije Romers, Haedstrjitte (van Gorterstrjitte tot De Trije Romers)

3 Nov

Buorren, Haven, Legedyk, Haedstrjitte (van Legedyk tot Gorterstrjitte/Boersstrjitte)

4 Nov

Oare clubs, Sakeklup

10 Nov

Suderom, Op 'e iisbaan, It pypke, Oan it Swin, De Terp, Smedingstrjitte

11 Nov 

D.S. Bangmastrjitte (van Haedstrjitte tot Joksewei) en It Houtstek

U kunt zich opgeven door middel van onderstaand antwoordstrookje.

Lever het strookje in vóór 10 oktober bij Geeske Smorenburg, Haedstrjitte 53.
U kunt ook bellen (0566-602164) of e-mailen naar doarpsbelang@reduzum.net

Geef ook uw adres en telefoonnummer door, zodat wij u kunnen bereiken om door te geven waar het gesprek gehouden zal worden. Zodra u zich heeft opgegeven, gaan wij ervan uit dat u verschijnt op die datum. Mochten er op bepaalde avonden te veel deelnemers blijken te zijn, dan proberen wij deze te verdelen over de andere avonden.


Opgavestrookje keukentafelgesprek

Naam:              _____________________________________________

Straat:              _____________________________________________

Telefoon:         _____________________________________________

O   Ik meld mij aan voor het keukentafelgesprek op ___________________ (datum invullen)

O   Ik meld mij aan voor een keukentafelgesprek, maar ben verhinderd op de geplande datum. Ik zou wel kunnen op ___________________________________ (graag meerdere data invullen).

  Lever dit strookje in -of bel of mail uw gegevens door- vóór 10 oktober 2009.

Nijs Doarpsbelang

Nijs augustus 2009

WY HA JIM NEDICH !!!

Kommende hjerst wolle we mei safolle mooglik ynwenners oerlizze oer de takomst fan ús doarp. Alles kin oan de oarder komme. Wenten, romte, grien, foarsjennings, klubs, ….
We oerlizze per “hoeke” ( strjitte, wyk) en mei ferienings en/of kommisjes.

De earste ynfintarisaasje wurdt dien troch jim bestjoer. Dêrnei sil in wurkgroep in plan foar de takomst fan Reduzum útwurkje, sadat we op de jiergearkomste yn april in konsept ha fan wat faaks “REDUZUM 2020” hite moat.
Dit is dan de opfolger fan it “Masterplan” fan 2001 en fan it dêroan foarôfgeande “Reduzum2000”, ús earste doarpsfyzje.

Drok, mar de muoite wurdich.
Jim hearre noch fan ús oer plak en tiid.

 

Rinpaad âld Swin

Begjin augustus is it wetterskip begûn mei de kade opheging fan it Swin en it âld Swin. It moaie waar hat der mei foar soarge dat it wurk sawat al klear is. De stekken moatte der noch op en it ynsiedzjen moat noch barre. It skulpenpaad leit der ek al op.

Spitich wie it dat de grutte bult grûn (2000 m3)   noch krekt te min wie. Sa is der op ien dei noch in pear hûndert m3 troch it doarp riden. Bliid dat dy 2000 m3 der al lei, oars hie it wol twa wiken riden west mei de grûn.

Ynkoarten sil no ek it skulpenpaad fanôf it âld Swin nei de Overijsselse strjitwei oanlein wurde. Wy hoopje dat foar 1 oktober it paad klear is, op it stikje nei dat oanslút op Oan it Swin. Dat moat wachtsje oant de bouwerij fan de famylje De Jager klear is.

 

 

Zwemmen op Súd

Dorpsbelang is blij dat er in dit dorp zoveel huishoudens zijn met kinderen . En we vinden it ook fijn dat het zwemwater van goede kwaliteit is.  Maar…
Als er gezwommen wordt dan zou het aardig zijn dat de mensen aan wiens erf dat gebeurt daar geen last van hebben. Schelden, schreeuwen, met modder gooien, aan een ander zijn spullen of erf zitten. DAT HOORT ER NIET BIJ

Graag zouden wij zien dat de ouders hun kinderen daar op zouden willen wijzen. Misschien nog beter, kom af en toe eens kijken. Want echt het ging al een aantal keren  helemaal mis. EN DAT HOEFT NIET
Zwemmen moet voor iedereen leuk zijn. Ook voor de omwonenden.
Met elkaar,  dat moet toch kunnen??

                                                                                                          Dorpsbelangbestuur.


Doarpsbelang: Nijs juny 2009

Nijs fan Doarpsbelang.
Net sa folle dizze kear.

Beheerplannen
Wy ha gear west oer 300 bledsiden beheerplannen, de 34 miljoen dy’t der oan efterstallich ûnderhâld yn grien en griis yn ús gemeente is.
De   wichtichste punten dy’t foar Reduzum yn kaart brocht binne:

  • de brêge yn de Ayttawei, de leunings en it weidek binne min
  • de trochgeande sleatten moatte útbaggere wurde
  • de gersfjilden, de paden en de hagen op it begraafplak toane gebrekken
  • alle beammen yn Reduzum wurde neisjoen
  • de bushokjes moatte opknapt wurde

Nije Doarpsfyzje
Doe’t de wurkgroep WURK yn petear mei Doarpswurk wie oer it sykjen fan romte foar lytse ûndernimmers, joech Doarpswurk it advys om earst in nije Doarpsfyzje te meitsjen.
Hjir geane wy, as bestjoer fan Doarpsbelang, nei de simmer mei oan de slach. Wy begjinne mei húskeamerpetearen, troch dizze petearen wolle wy besykje om der efter te kommen wat der libbet yn it doarp en wat de ynwenners fan Reduzum graach wolle.
Nei de simmer hearre jimme hjiroer mear.

Oant safier, Geeske

 

Stimburo Reduzum

Utslaggen stimburo Reduzum

Europeeske ferkiezings 04-06-2009

  EP '04  % EP '09  %
Totaal 467 47  415 42
PVDA  217 46,5  125 30
CDA  61 13  67 16
VVD  72 15,5  43 10,5
D'66  5 1 34  8
Groen Links  28 6  39 9,5
SP  22 4,5  38 9
Lijst Pim Fortuin  13 3    
Anders  49 10,05    
Christen Unie     2 0,5

Neweuropees

    4 1
Partij vd Dieren     13 3
Klokkeluiders      2 0,5
Groenen      1 0,5
P V V     46 11
L D P      1 0,5
 

Hjir de foarlopige útslagen yn de gemeente Boarnsterhim

Doarpsbelang nijs maaie 2009

Nijs fan Doarpsbelang

Strjitnammebuordsjes
As jo no troch it Swinlân fytse, mei de auto ride of rinne, dan witte jo net krekt wêr’t jo binne. Der binne noch gjin strjitnammebuordsjes. Der is by de gemeente al in pear kear frege, mar se binne der noch net. Wy hâlde hope, it liket der op dat dit ynkoarten feroarje sil. Wy wachtsje it ôf.

Meldpunt
Is der wat stikken, mankearret der wat oan griis of grien, dan kinne jo dat melde by it Meldpunt (Geeske Smorenburg, 602164). Jo meie it sels ek trochjaan oan de gemeente, mar graach wolle wy dat jo it ek oan it Meldpunt trochjouwe. Belangryk foar de koördinaasje fan saken.

Beammen
Hjir en dêr steane der op iepenbier terrein yn Reduzum beammen suterich by. Fandêr dat it de bedoeling is, dat alle beammen yn Reduzum neisjoen wurde, der in ynventarisaasje makke wurdt fan minne en deade beammen en dan besjoen wurdt hokker beammen der ferfongen wurde moatte. Eltsenien wit dat de gemeente krap by kas sit, komt der warskynlik wol op del dat Doarpsbealng dit sels betelje moat.

 

Onveilige situatie Legedyk

13 april 2009 - Er is door dorpsbelang al enige malen gewaarschuwd naar de gemeente toe. Maar door nalatigheid van de gemeente was de situatie aan de Legedyk vanmiddag kantje boord. Een ouder echtpaar uit Leeuwarden was een middag fietsen. Op de Legedyk kwam de man met fietsband in het spoor tussen de tegels. Gevolg: hij kwam in de sloot terecht. De net gepasseerde Jelle en Karin van Marrum kwamen op het hulp geroep van de man af. Jelle kon de man nog net het hoofd boven water houden. Met behulp van zijn vrouw heeft hij de man uit de sloot gehaald. Sietse Broersma die ook op hulp geroep afkwam heeft het geschrokken echtpaar thuis gebracht.


Rinpaad âld Swin

Under de jiergearkomste hat doarpsbelang   it plan fan in rinpaad lâns it âld Swin presintearre. Oan de hân fan in fotokollage, makke troch Piet Elzinga, kinne we de route no al rinne.  Rinne jim mei?

Doarpsbelang nijs

It lęste nijs

Greidhof
Yn septimber ferline jier krigen we berjocht dat de Greidhôf bestimd wurde soe as opfang -/ wurk -/wenplak foar 24 minsken mei in autistyske steuringen.  Dat giet net troch. Talant fynt Reduzum dôchs minder geskikt foar dat soarte fan opfang. It komt der op del dat der dôchs te min te belibjen is foar de minsken , dy ’t dêr plak krije soene. De Greidhôf komt no te keap. Gewoan fia in makelder.  Elk kin dan in bod dwaan. Fan de kant fan Doarspsbelang is sein dat de betingsten oer parkeardruk, lûd en gebrûk fan dat gebou bestean bliuwe sille. Dizze sille de makelder meijûn wurde.

Boudyk
De boudyk giet der út. Hy is no al ôfsluten. Der wurdt noch efkes gebrûk makke fan it stik troch it lân om de grûn foar de kades oan te fieren., mar it "troch-riden" is al oer. Nije wike ferdwynt alles.

Fruchtbeammen
Nije wike freed komt de nije deputearre Konst nei it SwinlIan. Hy sil symboalysk de fruchtbeammen oan biede. Freed 27 maart. 16.30 oere.

Doarpsbelang nijs

Jannewaris 2009

Oaljebollen aksje
De opbringst fan de oaljebolleanaksje yn desimber wie € 405,--. Dit jild sil brûkt wurde foar de oanskaf fan de defibrillator.

Nij bestjoerslid
Binne Sjonger wol de kommende 5 jier   it bestjoer fan Doarpsbelang wol fersterkje
Hy draait no al mei yn it bestjoer, mar dit hâldt net yn dat tsjinkandidaten harre net mear melde kinne.
Wa’t belangstelling hat, kin him/har oanmelde by Piter Renia of Geeske Smorenburg.

Oerlis mei de wurkgroepen
De wurkgroepen en ek oare klups hawwe in útnoeging krigen om mei it bestjoer op 12 febrewaris om ´e tafel te sitten. De wurklist fan dizze jûn bestiet út:

  1. Iepening, wêryn foarsitter Piter Renia fertelt oer de gong fan saken, oangeande ús startende en trochgroeiende ûndernimmers.
  2.  Ytsen Strikwerda, Doarpswurk, fertelt oer it plattelân yn de takomst.
  3. Diskusje/petear nei oanlieding fan de ynbring fan boppeneamde sprekkers
                Skoft
  4. Nijs út de wurkgroepen
  5. Rûnfraach

 

De defibrillator rukt op

“Een hartstilstand overleven wordt ook in De Trije Doarpen kansrijker.”
Maar als dit voor alle 3 dorpen ook werkelijk kan worden gerealiseerd, dan zullen alle inwoners en verenigingen de beurs moeten trekken.
Het totale kosten plaatje voor de 3 dorpen bedraagt incl. 6 % BTW 3x € 2120 = € 6360.
Inmiddels hebben de Dorpsbelangen, de Sportstichting, de Merkekommisje en de Ned. Herv. Gemeente en het Rode Kruis al behoorlijke bedragen toegezegd.
Ook de Sakeklup staat zeer positief t.o.v. de gevraagde bijdrage, maar deze organisatie zal dit nog in het bestuur op korte termijn bespreken.
Maar desondanks is er dan nog een tekort van ongeveer € 2500.
Bovengenoemde instanties zijn dan ook van mening dat dit apparaat voor iedere inwoner bedoeld is en ze vinden het dan ook niet meer dan billijk, dat ook andere verenigingen een financiële bijdrage leveren.
Zij hopen dan ook, dat u als inwoner, een bijdrage wilt leveren om het gestelde doel te bereiken.
Ook de wolwêzenkommisje wil dit verzoek gaarne ondersteunen.
Als het kan wil ik graag voor 15 jan. 2009 een reactie van u.
Ik verzoek u namens alle bovengenoemde instanties een bijdrage te storten op rek. nr. 3562.11924 t.n.v. G. van Essen , inzake sport en recreatie.
Door al deze steun worden de dorpen weer een stukje veiliger (en dus leefbaarder ).
Bij voorbaat hartelijk dank voor uw medewerking.
Voor nadere inlichtingen kunt u contact opnemen met:
Germ van Essen, tel. 601227
e-mail : germvanessen @freeler.nl

Kapvergunning

 

Waardevolle bomen en boomstructuren - Wel of geen kapvergunning?

In het kader van de deregulering wil Gemeente Boarnsterhim haar kapvergunningstelsel versoepelen. Op dit moment dient voor elke boom een kapvergunning te worden aangevraagd. In het nieuwe stelsel zal alleen voor bomen en boomstructuren (verzamelingen bomen) die waardevol voor de gemeenschap zijn een kapvergunning aangevraagd moeten worden. Voor de overige bomen geldt dan dat de eigenaren zelf beslissen of er gekapt mag worden.

In het afgelopen jaar heeft de gemeente een voorlopige lijst met waardevolle bomen en boomstructuren opgesteld. Op de lijst van Reduzum staan de bomenrijen langs Trije Romers en Overijsselsestraatweg, Legedyk, Bangmastrjitte, Haedstrjitte en Ayttawei en de bomen op   de begraafplaats. Daarnaast staan circa 20 andere bomen op deze concept-lijst. De meeste eigenaren van deze bomen zijn hierover intussen door de gemeente benaderd, de rest zal zo spoedig mogelijk bericht ontvangen.

Enkele weken geleden kreeg Doarpsbelang de conceptlijst toegestuurd met het verzoek om deze te controleren en zonodig aan te vullen. De grienadvysgroep, in dit geval bestaande uit Bartle de Leeuw, Lambertus de Ree en Fetze Tigchelaar, heeft zich hierover gebogen. Hun advies luidde om een aantal verspreid staande bomen toe te voegen, één bomenrij toe te voegen en één bomenrij van de lijst te halen.

Onze reactie wordt de komende tijd verwerkt. Daarna volgt een besluitvormingstraject, waarin de definitieve lijst en kaarten o.a. ter inzage 6 weken ter inzage liggen in het gemeentehuis. Het streven is dat de nieuwe regeling komend voorjaar van kracht wordt.

Daarna is voor de meeste bomen in onze tuinen geen kapvergunning meer nodig!

 

Doarpsbelang: nijs desimber 2008

 Doarpsbelang: nijs desimber 2008

Wurk
Wichtich en de kommende jierren noch mear!
De WURKgroep hat kontakt socht mei provinsje en gemeente om te kommen ta in soarte fan projekt foar plattelânsekonomy. Us briefke datoangeande oan it kolleezje, hat op ‘e ien of oare wize de Mid Frieslander helle. En dat wie ús doel net!  We stean noch mar oan it begjin en we ha gjin ferlet fan jûchei berjochten yn ‘e krante. Earst mar ris wat sjen litte en dan roppe.  
Goed. It is al sa.

As jo wilens  yn ús doarp oan ‘e slach wolle soene en jo  wolle ynljochtingen oer regels, mooglikheden, gebouwen, plak; jo kinne altyd telâne by Doarpsbelang of by de WURKgroep. Direkte oansprekpunten foar ûndernimmers binne Jan (elektra) Rodenburg en Fetze Tigchelaar.  Dizzen wize jo fierder.

En no we it dochs oer wurk ha, we ha Ljouwert ek witte litten dat we stjerrende ûngelokkich binne mei plannen foar in grut winkelkompleks op de WERPSTERHOEK. As dat trochgiet kinne we alle winkels yn ‘e wide omkriten fierder wol slute.

Tsjin direkte konsumintewinst (miskien) oer stiet dan in grut ferlies oan libbendichheid fan ús plattelân.

Wetter
We ha de gemeente witte litten dat we graach wolle soene dat de nije haven oerdroegen waard oan ús havenstichting. Mar… dan moat de haven earst wol ôfmakke wurde (steigers ensfh, sjoch foarrige LP). Boppedat ha we berjocht dien dat der nochal wat ûndjipten binne by de tagong fan de haven en lâns de westkant fan It Swinlân.  It wetterskip is ek op ‘e hichte brocht fan de ûndjipte foar de wite brêge, dy ’t nei alle gedachten it gefolch is fan it ynstoarten fan de kade, doe ’t de grûn fan it Aldehoustertsjerkhôf der lei.

Huzen
De wentestichting hat ús op ‘e hichte brocht fan de plannen mei har huzen.
- Joksewei:        ôfbraak en nijbou   (2x 2, model Swinlân)
- Gorterstrjitte:   earste 9 (3x3) - renovaasje, mei in badkeamer op ferdjipping. 
                             blokje fan 3 - ôfbrutsen en ferfongen,  2x fan 2 ferdjippings. 
                             dupleks súdkant   - ôfbrutsen, oare kant bliuwt earst.
- Achter de Buorren; bliuwt, wurdt wat opknapt. 

Foar de parkearderij achter de buorren is gjin oplossing jûn.

Doarpsbelang hat de gemeente frege om it ein fan de Gorterstrjitte (dupleks/ griene krúsgebou) de status gemengde bestimming te jaan, sadat der bedriuwichheid plak fine kin (hiel lytsskalich fansels). Mei de wenteboustichting is oerlein oft der yn dit gebiet ek wenten mei in lytse bedriuwsromte setten wurde kinne. It hat de oandacht.

Dit ferhaal hjir boppe moast noch mei de bewenners oerlein wurde. Wat dat oerlis opsmiten hat wit ik op dit stuit net. Der kin dus ek bêst wol wer wat feroare wêze.

Fierder saken, dy’t ús omtinken hawwe:

  • it húshâldlik reglemint fan de wurkgroepen
  • in nije plattegrûn en buordsjes
  • byienkomt op 12 febrewaris mei de wurkgroepen
  • jiergearkomste op 2 april

 

 

Statistieken

Cijfers van Doarpsbelang Reduzum per 1 december 2008:

 

aantal adressen

 

475

 

 

 

bedrijfspanden

10

 

 

 

aantal woningen

465

 

 

 

leegstaand

21

5%

 van de woningen staat leeg

aantal huishoudens

444

 

 

 

geen lid

44

10%

 van de huishoudens is geen lid

aantal leden

400

90%

 van de huishoudens is lid

meerpersoons

306

77%

 van de leden is meerpersoons

eenpersoons

94

24%

 van de leden is eenpersoons

 

Cijfers Doarpsbelang Reduzum d.d. 10 oktober 2007:

 

aantal huisnummers

466

 

 

 

bewoond

444

 

 

 

leegstaand

10

2%

van totaal woningen

bedrijfspand / recreatie e.d.

12

 

 

 

aantal huishoudens lid

395

89%

van aantal huishoudens

waarvan:

 

 

 

 

meerpersoons

310

 

 

 

1-persoons

85

 

 

 

aantal huishoudens niet-lid

49

11%

van aantal huishoudens

 

 

 

 

 

aantal nieuwe leden in 2007

12

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Doarpsbelang: nijs novimber 2008

Fan it bestjoer

Nij bestjoerslid
Yn april 2009 is der wer in jiergearkomste fan Doarpsbelang. Krekt as yn foargeande jierren wurdt der op dizze gearkomste wer ôfskie naam fan ien fan de leden fan it bestjoer. Hâldt yn dat it bestjoer no al wer op syk is nei in nij bestjoerslid. Wy hawwe al inkele minsken op it each, mar noch nimmen frege. Wy wolle nammentlik ek de help freegje fan de doarpsbewenners. Hawwe jo sels belangstelling of witte jo immen, dy’t   miskien in sit yn it Doarpsbelangbestjoer nimme wol, nim dan kontakt op mei Piter Renia (601016) of Geeske Smorenburg (602164)

LED
Dat is jim fansels net ûntgong. Op it Swinlân skine de lantearnen grien!
Moat grif wenne. Jout wol ljocht en is ek sunich. Se bin der ek yn oare kleuren, want dy ’t ik thús ha skynt gielich. Sa ’n ien krije jimme ek.   At se allegear binnen binne ( 550 stiks) sil it mûnebestjoer se rûnbringe. Doar oan doar, yn de trije doarpen.

GREIDHOF
Gjin nijs op dit stuit.

WURK
De wurkgroep giet rêstich syn/har gong. Dat moat ek, want it is fansels wol in spul fan lange azem.   Yn ‘e foarige LP ha we jim sjen litten, wêr ’t yn dit doarp plakken binne om bedriuwichheid op te setten   (ynventarisaasje).   Want it nije streekplan seit, dat je earst yn it doarp sjen moatte en as it dêr absolút net kin, dan kin der tocht wurde oan “rânebebouwing”   Mar dan “ien-foar-ien” Op foarrie mei net! Dus gjin bedriuweterrein.
We prakkesearje oer twa saken:     
1. In DOM ( doarpsontwikkelinngsmaatskippij) mei in “doarpsmakeler”, Immen, dy ’t minsken en saken by elkoar bringe kin.
2. It opsetten fan in pilot “plattelânsekonomy” yn ‘e mande mei de gemeente, de provinsje, plattelânsprojekten, Doarpswurk, e.o.   Se binne allegearre tante ( frege) en se wolle yn prinsipe wol. No, wa wit.

HIERWENTEN
En dan benammen de sloop, herbou, ferbou. Jim witte dat it by Welkom op ‘e rôle stiet. Guon hierwenten wurde ferkocht, ( DSB.) guon sloopt, ( Gorter, Jokse? ) guon opknapt. (Gorter, Buorren?)   Hoe ’t it krekt komt witte we kommende tongersdeitejûn. ( 27 nov.) Dan sil de wentestichting prate mei de bewenners en mei jim Doarpsbelang.

Us winsken lizze al in jier by dizze stichting. It giet dan om parkearromte en om sloop/nijbou yn goed oerlis mei de bewenners.   We ha as nij punt, dat wat ús oangiet ek de hoeke by it Griene Krúsgebou en de dupleks wol mingde bestimming krije kin. As men de dupleks dochs ôfbrekt(allinnich de súdlike) dan koene der faaks “ambachtwenten” foar werom komme kinne.

( “gemengdebestemming” yn it bestimmingsplan jout romte foar wurk en wenjen. De kavel mei dan oant bgl. 95%folboud wurde – fgl. ús winkels)

RINPAAD
It kin der komme as we sels € 10.000,- op it kleed bringe kinne.   De kearnwurkgroep keart op dit stuit alle potten om.

HAVEN
It like ús ta dat de nije haven gewoan by de Havenstichting ûnderbrocht wurde moatte soe. En dat de plakken dan krekt sa yn ‘e ferhier komme moatte as by de oare Haven. Mar dan moat de Haven earst klear wêze, oars wol de stichting him net ha. En dêr heakket it. De gemeente jout gjin sjûge.  

We ha wol oanjûn dat der ûndjipten sitte yn de Haven en by de (wite) brêge.

KLAPPER
As dat gjin klapper wurdt.! Yn “grutteminsketaal” hyt in “klapper” fan defibrilator, mar dat is sa ’n raar wurd.   Lykwols de Sportstichting, de Sakeklup en Doarpsbelang dogge harren bêst om hjir sa ’n apparaat te krijen.   We dogge dat yn ‘e mande mei it sikehûs fan Snits. Dat hat op dit stuit in aksje. We krije dan krekt sa ´n klapper as dat der yn in sikewein sit.   It moaiste soe wêze as dit gemeentebreed dien waard. Dan falle Friens en Idaerd der ek ûnder. Ien sa ‘n klapper kostett € 1850,- mar dan is der in kursus by foar 10 man /frou. Op den duur soe de alarmearing fia de alarmkeamer rinne kinne. Dizze 10 minsken krije dan berjocht op harren mobyl De iene helte om nei it slachtoffer te gean (réanimaasje),   de oare helte om It apparaat te heljen.   Dat soe moai wêze. Oer it plak moatte we it noch ris ha. ( Rabobank-hal, gymlokaal.?)

WER en WAT?
We sille besykje de weiwizers op it wetter en yn ‘e Haedstrjitte wer sa te meitsjen, dat se brûkt wurde kinne. Der ha wer ferskriklike sterke keardels oan hongen.  

Ek bin we dwaande it ynformaasjeboerd te ferfangen troch in nijenien.

Sa moat it earst mar. Wat fergetten is, komt yn desimber.

  

Doarpsbelang nijs

De WURKgroep

Sa ha we de groep “doopt”, dy ’t him dwaande hâldt mei bedriuwichheid yn Reduzum.
Nei it “ôfsjitten” fan it bedriuweterrein troch de provinsje, hat doarpsbelang earst noch efkes besocht om mei in útwurke plantsje fan súd Reduzum oan te toanen, dat op den duur it bedriuweterrein wol tsjin it doarp oan lizze soe. Dat holp net! It wie neffens sawol provinsje as gemeente mar hiel de fraach oft der wol nije huzen komme soene yn de takomst.

We ha de saak doe omdraaid. Provinsje, sis jim mar hoe as it al moat!
Mei twa man, Harke v.d.Wal en Piter Renia, hawwe we kontakt socht mei Albert Formsma fan PlatteIânsprojekten en mei Gerwin Venema fan de provinsje.
Doe ha we as doarpsbelangbestjoer kontakt socht mei de sakeklub. Mei elkoar wit je ommers it measte. Fan it sakeklub bestjoer wiene Fetze Tigchelaar en Jan Rodenburg ree en stap mei ús yn in wurkgroep. De WURKgroep.
Mei syn seizen ha we in ynventaris makke fan alle plakken yn Reduzum, dy ’t yn ‘e beneaming komme kinne soene foar bedriuwichheid. En we ha sein hokker kategoryen yn it doarp festige wurde kinne en wa ’t gading meitsje nei in plakje.

Kategoryen:
1. Thúsbedriuwkes (sliepkeamer, garaazje) 
2. Bedriuwkes, dy ’t mear romte nedich ha (dûbele garaazje oant 2500m2
3. gruttere bedriuwen (kin hjir net)

It bestimmingsplan jout foar de Haedstrjitte en de Buorren kategory “gemengd” Dêr kin dus de kombinaasje wenjen /wurkjen oangean. Yn it doarp is der dan romte ( opsomming, fierder net)

Lokaasjes:
- Grienekrúsgebou/dupleks. 
-  De hoeke Vellinga/Hallema/Witteveen/Haven. 
-  Lytse Twiksel (efter) 
-  Daam de Boer 
-  Praktyk Wiersma 
- Jan Velstra 
-  Van der Werff 
-  Loads Sixma   (kroech) 
-  Winkel Gercama (kroech) 
-  Loads Langeberg   (haven) 

Miskien dat it minsken op in idee bringt. Fansels folslein nei eigen goedtinken.

In oare mooglikheid om yn it doarp wat te dwaan soe wêze kinne, om mei Welkom en/of Talant bedriuwswenten/ plakken te realisearjen by de dupleks of yn de Greidhôf.
Noch in oare mooglikheid is it oprjochtsjen fan in “dorpsontwikkelingsmaatschappij” .
En as lêste soe men tinke kinne oan in terreintsje foar wenjen/wurkjen op it Swinlân II. Dat leit tsjin it doarp oan, no?
Alle kearen ha we it dan oer “ambachtswenten” . Wen/wurklokaasjes yn de foarm fan in hûs/pleatske.    Gjin “doazen”   of oar “raar” ark.                                                                                     

5 novimber prate we fierder.  Jim hearre noch fan ús.                                     
Jim eigen doarpsbelang.

 

LED op it Swinlân…………

Op 25 oktober (de nacht fan de nacht) wurde der op It Swinlân in 20-tal Ledlampen offisjeel yn bedriuw steld. Fansels brâne se al earder. Elk is dêr wolkom. Yn skoalle is in ‘minisymposium’ oer duorsumens en der faart in pream mei belangstellenden fan Grou nei Reduzum. As ús ljochten offisjeel baarne, wurdt it stokje trochjûn oan Raerd. Dat wol yn syn nijbou ek Led-ferljochting.
(Wisten jim trouwens dat as yn de hiele gemeente led-ferljochting wie, dat dan de gemeente sa’n € 200.000 skeelde op jierbasis?)  

De Greidhof bliuwt…

En wurdt ôfbrutsen…………

In nije doarpsfisy?

Us doarpsfisy (masterplan) is fan 2001. De wichtichste ynset wie romte te hâlden of te meitsjen foar âlderen, jongeren, starters en űndernimmers.

Doarpsbelang nijs

Verslag bijzondere ledenvergadering Doarpsbelang Reduzum

Nijs fan it Doarpsbelang bestjoer

Ferslach jiergearkomste Doarpsbelang Reduzum

Datum: 3 april 2008

Maitiid-Himmeltiid

De jaarlijkse Redúster Himmeldagen staan weer voor de deur; de jaarlijkse dorpsschoonmaak.

Bysűndere ledegearkomste

Útnoeging foar in bysűndere ledegearkomste fan Doarpsbelang Reduzum

In slach om 'e buorren

It bestjoer fan Doarpsbelang Reduzum, stipe troch ferskate wurkgroepen, is dwaande mei de takomst fan Reduzum. Mar wurkje oan de takomst sűnder yn it ferline te dűken, kin swierrichheden jaan. Der is ien wurkgroep dy’t har dwaande hâldt mei de skiednis fan ús doarp, de Argyfgroep. It bestjoer hat dy wurkgroep frege om te besykjen de histoarje fan it doarp wat yn kaart te bringen. Doel wie om de nije, mar ek âlde ynwenners wat mear ynsjoch te jaan yn de Redúster histoarje.
Under de jiergearkomste fan Doarpsbelang krige ôftredend foarsitter Durk van Gorkum it earste eksimplaar fan it boekje” IN SLACH OM ’E BUORREN” oanbean. De Argyfgroep hat dit boekje gearstalle mei âlde en nije foto’s en ferhalen fan ús doarp.
It boek is meikoarten te keap foar € 5,00 euro


Doarpsbelang nijs

Maart 2008

Nijs fan it Doarpsbelang bestjoer

Bedriuweterrein
Spitigernôch hat de provinsje “nee” sein tsjin de plannen, dy’t inkele Redúster ûndernimmers makke hienen.
Fandêr dat Doarpsbelang de tekeningen, mei de útwreiding dy’t yn it Masterplan stiet en dy’t bestiet út in twadde nijbou fase en in lytsskalich bedriuweterrein oan de súdkant fan Reduzum, wer út de kast helle. Harren plannen, dêr sil foaral de kearngroep harren mei dwaande hâlde, binne útwurke en oer dizze plannen hawwe hja al in gesprek mei de wethâlder hân. Fjirdere stappen binne om dit plan foar te lizzen by de provinsje, ris hearre wat sy der fan sizze.

In tredde boarterstún
Noch hieltyd drokte op it Swinlân, nei de twa-ûnder-ienkap wenten, is ek de bou fan de soarchwentenlos gien. As alle wenten klear binne, kin begûn wurde mei de oanklaaiïng en oanlis fan grien en griis.

De boarterstúnkommisje wol ek yn aksje, hja tinke deroer om by de soarchwenten inkele boarterstastellen te pleatsen. Kinne de bern te plak, as hja by pake of beppe op besite komme. Ferdivedaasje foar jong en âld dus.

Rinpaad
It Doarpsbelangbestjoer hat yn harren gearkomsten al inkele kearen praat en neitocht oer in rinpaad fan út Swinlân, rjochting de âlde Dwinger, lâns it âld Swin, rjochting Oeriselsestrjitwei. Dizze rinpaadplannen wurde efkes opskoud. De finansjele situaasje by de gemeente lit net ta dat hjir jild foar beskikber is. Ek witte wy noch net hoe’t it mei de útwreiding fan Reduzum komt. Miskien kinne wy jimme hjir in oare kear mear oer fertelle.

Oant sa fier, Geeske

Bedriuweterrein

It bestjoer fan Doarpsbelang hat justerjűn praat oer de ôfwizing fan de provinsje fan it bedriuweterrein de Wite Bręge. Wy ha besletten op koarte termyn in gearhingjende fisy te meitsjen foar it gebiet súdlik fan Swinlân. It plan sil basearre wurde op it masterplan fan 2001.

Gjin eigen bedriuweterrein foar Reduzum

It bestjoer fan Doarpsbelang Reduzum krige 8 februari it berjocht dat de provinsje, fertsjinwurdige troch deputearre Andriesen, net akkoard wie mei it plan foar in lytsskalich terrein foar wurkjen en wenjen by ‘de wite bręge’ yn Reduzum. In lyts bedriuweterrein soe wol trochgean kinne as it tsjin it doarp oan situearre waard.

Doarpsbelang nijs

Jannewaris 2008

Nijs fan it bestjoer

Nije bestjoersleden.
Kommend jier, yn april 2008, binne der 2 bestjoersleden, dy’t harren sit yn it bestjoer fan Doarpsbelang der wer op sitten hawwe. Fandêr dat, wy no al wer neitinke oer en op syk binne nei nije bestjoersleden. Dêrby woene wy graach gebrûk meitsje fan jo help. Witte jo immen, dy’t wy dêr foar freegje kinne, dan soene wy graach wolle dat jo dat oan ien fan de bestjoersleden trochjouwe.

Nije tastellen yn de boarterstunen.
Ek inkele tastellen yn de boarterstunen hawwe harren tiid der op sitten. Al is dit om in oare reden as de bestjoersleden. Fan’t hjerst sille der 2 boarterstúntastellen ferfongen wurde. Dit jildt foar de glydsbaan op it sportfjild en foar de karrûsel yn de A.J. Smedingsstrjitte.

Swimmen gefaarlik.
Net tsjinsteande it feit dat de simmer net de hytste simmer is, dy’t der ea west hat, wurdt der dochs regelmjittich swommen by de brêge tusken Súd en it Swinlân. Mar, swimme dêr is net hielendal sûnder risiko’s. Trochdat de âlde brêge ferfongen is troch in nije brêge leit der noch guod, sa as betonizer op de boaiem fan it Swin. Swimmers dêr, oppasse dus.

Snelhydsmjitting op de Ayttawei
Yn maart hat der op de Ayttawei twa kear in snelhydsmjitting plakfûn. Tidens dizze mjittingen, dy’t beide kearen in heal oere duorren en op de neimiddei plakfûnen, wie der ien VW Golf, dy’t te hurd ried. Noch gjin reden dus om maatregels te nimmen. Warskynlik wurdt der yn de kommende tiid, omdat der dochs wol klachten fan de buertbewenners komme, noch  wer op ´e nij mjitte.


De Greidhof stiet leech

De lêste pupil is ferdwûn. De Greidhof stiet leech !
It gebou is noch fan Talant. Doe 't dy oankommen seach dat de saak
oerstallich wurde soe ha se it gebou oanbean oan doarpsbelang.
Tsjin boekwearde.
Fanwege de prima kontakten dy 't Talant en Reduzum altyd  mei elkoar hiene.
Doarpsbelang hat yn in gearkomste de rânebetingsten foar ( nij ) gebrûk 
formulearre  ( bgl. oer parkearen en lûd.)  en is doe om 'e tafel gong mei
Talant, (de eigner) Noorderbreedte, (brûkte in part foar bgl. bewegen foar
âlderein) en Doarpswurk (goede rie).

We woene de Greidhof leafst wol yn bedriuw hâlde, sûnder it sels  eksploitearje te moatten.
It liket der no op dat Noorderbreedte en Talant it iens wurde sille (mei noch wat slaggen om de earm, hear.)
Mooglik wol men dêr de opfang fan in 2-tal spesjale doelgroepen hawwe. Dêrneist sil der dan plak wêze foar bgl. berne-opfang , fysioterapy en oare gebrûkers dy 't harren al oanmeld hawwe.  Dat hoopje we alteast.
We wachtsje noch efkes ôf, mar we ha al begrepen dat Noorderbreedte al dwaande is mei it tarieden fan it nije gebrûk.
Wol sil der faaks noch wat fertimmere wurde moatte. 
Jim hearre noch.


Wentebou en sloop

De wenningboustichting is dwaande har besit op te ikkerjen. Guon huzen wurde ferkocht ( DSB )   guon op 'e nij ynrjochte ( Gorterstrjitte), guon sloopt en ferfongen.
Mei de hierders fan oanbelangjende huzen is kontakt west. Twa bijienkomsten binne der belein, dêr 't ek doarpsbelang by wêze mocht.
It giet om de "bejaardewenten" oan 'e Jokse en achter de Buorren.
En de dupleks en oare  hierwenten oan de Master Gorterstrjitte fan Otto de Hoog ôf.
De bejaardewenten en de dupleks oan de súdkant fan de Gorterstrjitte soene dan sloopt wurde moatte en ferfongen, de oare hierwenten oan de Gorterstrjitte soene op 'e nij ynrjochte wurde.
Wy ha swierrichheden mei sloop en nijbou.
Want foar 18 wentsjes, dy 't by de jongerein "gewild" binne soene der mar in 11 à 12 weromkome. Tsjin in hegere priis. Dat sit ús dwêrs. Boppedat ha we noed oer de parkearderij. En oer de ynrjochting fan it grien.
Yn septimber komt de Wenteboustichting mei de oanpaste foarstellen. Elk kin dêr dan oer meiprate.  
Jim hearre noch.

 


Kuierpaden

We soene ek wol ris wat nije kuierrûtes ha wolle. Mar dat is net maklik.
Eins hie it moatten yn de tiid fan de ruilferkaveling.No sit nimmen noch te wachtsjen op gegriem yn syn lân en ek it jild dêrta ûntbrekt.
It plan foar in paad by  it Swin del nei de Snitserdyk en dan oantakje op 'e Ienswei litte we dan ek mar sjitte. En sitte. Idaerd is dwaande mei in "rûntsje fiadukt". Dat sil it ienichste wêze dat mooglik is. En der komt fansels noch in oantakking fan de Nijlânsreed oer de Swette hinne nei in nij paad Mantgum/Dille ( Easterwierrum)   en dan fierder nei Dearsum. De prikken ha al yn it lân stien, mar se binne wer fuort. Hoe dat sit sil we nei fernimme.

Jim hearre noch


Bestrjitting op it Swinlân

 
Ein juny ferhuzen de earste bewenners nei it Swinlân, yn it simmerskoft kamen der noch 2 húshâldings by. Fandêr dat it no tiid wurdt foar de strjitten. Yn wike 35 wurdt der begongen mei de strjitte tusken de famyljes Van Gorkum en Van Lingen. Yn de wiken dêrnei giet it fierder parallel oan it Swin en Súderom nei de brêge ta. De plannen binne om dizze bestrjitting yn ûngefear  4 wike klear te hawwen, mar dit is fansels wol ôfhinklik fan it waar.