Doarpsbelang nijs
Acties
Voor het houden van plaatselijke acties (collectes) geldt als spelregel dat er per vereniging per jaar één huis-aan-huis actie gehouden mag worden. In uitzonderingen (bijv. een jubileum) mogen dit er twee zijn. Verder geldt de voorwaarde dat er niet meer dan één actie in een bepaalde week gehouden wordt. Landelijke collecties tellen hierbij niet mee. Sinds kort is het niet meer nodig om voor acties een vergunning aan te vragen bij de gemeente Boarnsterhim of bij de penningmeester van Doarpsbelang.
Verenigingen die acties willen houden in Reduzum melden dit voortaan bij het secretariaat van Doarpsbelang. Die zorgt voor coördinatie en publicatie in de Linepraat en op de website.
Byienkomst mei de wurkgroepen
Krekt as yn foargeande jierren ropt it bestjoer fan Doarpsbelang ek dit jier de fertsjinwurdigers fan de ferskate wurkgroepen wer by elkoar. Dit sil plak fine op woansdei 11 maart. Wy prate dan oer it ôfrûne jier en oer de plannen foar it kommende jier. Ek op de wurklist stiet it besjen fan it konsept fan de nije doarpsfyzje. In nije wurkgroep, ûntstien út de keukenstafelpetearen, hat hjir al in pear jûnen mei dwaande west.
Jiergearkomste
Dizze fynt yn 2010 plak op tongersdei 8 april. Oprop oan de skriuwers om harren jierferslach foar 10 maart oan te leverjen op it e-mailadres fan de Linepraat. Ek de ponghâlders moatte fansels harren bydrage ynleverje, foar harren jildt de datum fan 20 febrewaris en harren ynleveradres is Harke van der Wal.
Himmeldei
Ek dit jier wer in himmeldei. Datum fan dizze himmeldagen wolle wy hâlde tagelyk mei de lanlike frijwilligersdagen. Dizze data binne 19 en 20 maart. Graach dogge wy wer in berop op de ynwenners fan Reduzum, himmelers wurde wer troch it DB-bestjoer frege. Dizze himmeldagen barre yn gearwurking mei skoalle en de Sportstichting.
Enkête oer de wenningbehoefte yn Reduzum
Nei oanlieding fan de keukenstafelpetearen hat it bestjoer fan Doarpsbelang yn gesprek west mei Wies ten Have en Wytze Bosma fan Elkien (earder Welkom). Ien fan de redenen wie it foarstel fan harren om in enkête yn Reduzum te hâlden oer de wenningbehoefte. Dizze enkête kinne jo ynkoarten yn de brievebus ferwachtsje. By dizze de fraach om dizze enkête yn te fullen, sa’t wy in goed oersjoch krije kinne fan wêr’t ferlet fan is.
Werstrukturearring yn Reduzum
Yn de nijsbrief dy’t de bewenners krigen hawwe en yn it gesprek mei de fertsjinwurdigers fan Elkien binne wy op de hichte brocht wat de plannen fan Elkien binne, wat de werstrukturearring yn Reduzum oanbelanget. It giet om hierhûzen yn de Master Gorterstrjitte, op de Joksewei en op de Buorren. De planning fan Elkien sjocht der sa út:
- Begjin 2010 presintaasje definityf foarstel oan de bewenners
- 2e kwartaal 2010 beslútfoarming
- Neisimmer 2010 start útfiering ûnderhald en renovaasje
· Midden 2011 útfiering ferfangende nijbou
Renovaasje jildt foar de wenten Master Gorterstrjitte 10 o/m 26, ûnderhâld foar Buorren 12 o/m 26 en nijbou foar Master Gorterstrjitte 23 o/m 25, 28 o/m 32 en 42 o/ m 44 en Joksewei 6 o/m 16
|