Dorpssite Reduzum / Friens

Doarpsbelang nijs

Febrewarris 2010

 

Jiergearkomste.
Dizze fynt yn 2010 plak op tongersdei 8 april. By dizze noch in kear in oprop oan de skriuwers op harren jierferslach foar 10 maart oan te leverje op it e-mailadres fan de Linepraat. Ek de ponghâlders moatte harren jieroersjoch ynleverje, foar harren jildt de uterlike datum fan 27 febrewaris en it ynleveradres is de ponghâlder fan Doarpsbelang, Harke van der Wal.

 

Himmeldei
Ek dit jier wer in himmeldei. Datum fan de himmeldei falt dit jier tagelyk mei de lanlike frijwilligersdei, werfoar wy ús by de lanlike organisaasje ND DOET oanmeld ha. De datums binne 19 en 20 maart.

Foar dizze himmeldei komt der wer in kontener op it sportfjild en binne der wer prikstokken by Geeske Smorenburg te ferkrijen. Graach dogge wy wer in berop op de ynwenners fan Reduzum om harren strjitte skjin te meitsjen.

 

Enkête oer de wenningbehoefte yn Reduzum
De enkête, oer wenningsbehoefte ûndersyk yn Reduzum, kinne jo yn maart yn de brievebus ferwachtsje. Jo krije sa’n dei as tsien om dizze enkête yn te fullen en wurdt dan wer by jo ophelle. By dizze de fraach om dizze enkête yn te fullen, sa’t wy in goed oersjoch krije kinne fan hokker wennings der ferlet fan is.

 

Rinpaad
Op de stekken oan it begjin fan it rinpaad sitte buordsjes, wêr op stiet dat hûnen op it rinpaad net los rinne meie. Hûnen meie net los litten wurde, mar al hielendal net op dit rinpaad. Dit omdat dit paad troch it lân fan in boer rint en hûnestront gefaarlik is foar it fee, wat aanst wer yn dizze greide rint. Dochs sjogge wy faak dat hûnen los litten wurde en yn dit stik lân skite. Fan it Doarpsbelangbestjoer dêrom mei klem de fraach om dit net mear te dwaan. It soe dochs net sa wêze moatte, dat wy dit paad slute moatte, omdat inkele hûnebesitters harren net oan de regels hâlde.