It âld Swin
Reduzum - 6 Novimber 2009
In jier as wat lyn hat doarpsbelang in kuierpadenplantsje makke. Dęrop stie ek in paadsje dat fan de Blauwe Tinte rjochting It Swin rűn. Doe ’t it nije útwreidingsplan “ It Swinlân” oanlein waard, wie der in boudyk nedich. Dy lei sa űngefear op it plak, dęr ’t we it kuierpaad ek tocht hiene. En der waard in protte gebrűk makke fan dizze kuierrűte. It “foarseach yn in behoefte” om it ris deftich te sizzen. En doe tochten we, dat we besykje moasten en hâldt dy dyk. Yn de foarm fan in rin- en/of fytspaad. No dat is slagge. It paad leit der en we sille it aanst mei elkoar iepenrinne.
Hoe ’t we dat sa foar elkoar krigen ha? We ha gelok hân. De tsjerke en de pachters woene wol meiwurkje. It lân krigen we om neat. It wetterskip soe krekt syn kades ferheegje en se woene ek wol meidwaan. Se makken it plantsje en it bestek en se leine foar in freonepryske in skulpepaad oan oer de nije kades. De gemeente fűn ien en oar prima en joech tastimming. En wy wiene as doarpsbelang ek ree en stek der tiid en jild yn. Sa ha we it ręden. 700 Meter rinpaad. Dwers troch de greiden en bylâns It Swin. In prachtpaad.
We sille it sa as sein aanst iepenrinne en dan sil Durk van Gorkum, de man dy ‘t de boel koördinearre hat, de namme fan it paad bekend meitsje. Mar earst wol ik hjir noch tank sizze oan de tsjerke en syn pachters, oan It Wetterskip, oan de gemeente en Welkom, dy ’t noch in potsje fan sa ‘n € 7500 oer hiene fan it Swinlân, oan de Rabobank, dy ’t ús stipe mei in € 5000, lykas de provinsje út syn plattelânsprojektenpot. En fansels ek tank oan de oannimmers. De oannimmer fan it wetterskip Wierda út Goďngea, Durk Visser fan Reduzum/Friens, dy ’t it talúd troch it lân groeven hat en Van Abema fan Idaerd, dy ’t de skulpen der yn lei.
It paad koste sa ‘n € 22.000. Us as doarpsbelang hat it, mei eigen wurk der by, in € 4000 koste. Dat nimme se yn de jildwrâld multipleije. Fan in bytsje in protte meitsje. Wy bin der wiis mei. Mei tank.
Enne… wat jim faaks net witte, dit paad is in stik fan de eastlike rűte fan it Jabikspaad. De iene kant rint dus nei Sint Jabik, de oare kant komt yn Spanje út.
Piter M. Renia.
|