Dorpssite Reduzum / Friens

Nijs fan doarpsbelang

septimber 2011

DE WINKEL
It is slagge.!!! Us doarpssuper giet troch!!!
“Bauke en Adri stoppen per 1 oktober en er is geen opvolging. “ Dat was het bericht dit voorjaar.

 

DAT VERANDERT!!!
De dorpssuper blijft. Op dezelfde plek. !!

Myja van der Meulen en Marco Zijlstra nemen het woonhuis en de winkel van Bauke en Adri Hallema over. Het woonhuis wordt geschikt gemaakt voor Mia haar kinderopvang. De winkel wordt verhuurd aan Alie Baarda. Zij gaat proberen de verkoop van kruidenierswaren, zuivel, groente .e.d. voort te zetten. Ook het postagentschap kan waarschijnlijk blijven bestaan.

Bauke en Adri verhuizen naar de Ds.Boersstrjitte.

 

Een prima oplossing voor alles en iedereen! Met name ook voor onze dorpen.

 

Iedereen die heeft meegedaan en meegedacht – ook bij het realiseren van andere oplossingen – van harte bedankt. !!!

 

LIT ÚS DER MEI ELKOAR WAT FAN MEITSJE!!!!

 

 

 

WENTEN
Der binne op dit stuit twa partijen dwaande mei ús wenten.

 

WOONPLAN.

Fan Chris v.d. Werf fan Woonplan ha we berjocht krigen dat er syn plannen mei de bebouwing fan it terrein fan de GREIDHÔF yntsjinne hat by de gemeente. It binne de plannen sa as we dy op de lêst ynspraakjûn ôfpraten binne. It kolleezje sil der nije wike oergear en dan sil it syn gong wol gean. It soe moai wêze as we takom maaitiid los kinne soene. Dat hinget fansels ek fan de ferkeap ôf.

 

ELKIEN.

ELKIEN hat de earste trije blokken fan de hierhuzen yn de Gorterstjitte opknapt. It lêste blok stiet by ús witten ek te keap. De folgjende stap is de sloop en de nijbou fan it fjiirde blok, fan de dupleks en fan de Jokse. Hoe ’n gong dat rinne sil hearre we op 10 oktober as we wer oerlis ha mei ELKIEN. Ek dit mei om ús takom jier syn beslach wol krije. We hâlde jim op ‘e hichte. Yn earste ynstânsje binne we hiel benijd nei ús oanpassing fan de Jokse. ( gjin 6 mar 4 wenten)

 

RINPAAD
We ha der foar keazen it skulpepaad bylâns it âld Swin net ôf te freedzjen mei in tried. De skiep hâlde frij tagong. Takom maaitiid sille we sjen oft der nije skulpen opbrocht wurde moatte.

 

NIJE HAVEN
We krije de nije haven no ek offisjeel yn behear. Der lizze op ’t stuit 3 boatsjes. Der soene noch in pear by kinne.

 

URNEMUORRE
Alien de Bruin en Margot Tubben binne dwaande mei it meitsjen fan in ûntwerp fan de urnemuorre. Durk van Gorkum sil it fertale yn in bouplan, de gemeente is dwaande mei in behearsplan foar har begraafterreinen en de Rabobank wol der mei de begraffenisferiening wol jild yn stekke. Je soene sizze, dat moat takom maaitiid ek syn beslach krije kinne.  

 

RABOBANK
De Rabobank hat yn goed oerlis mei Doarpsbelang ôfsjoen fan in firtueel kontakt punt yn ‘e âlde bank. It soe in ynvestearring wêze dy ’t amper foardiel opsmite soe. Ynstee dêrfan kin der praten wurde oer in bydrage oan de urnemuorre.

 

TSIENZERBUORREN
Der wurdt begong mei de nijbou fan it skeakelstasjon by de ôfslach Easterwierrum. As dat klear is wurdt it âlde stasjon sloopt en dan kin ek de krusing dêr oanpakt wurde. En dêrnei is Raerd - Blauwe Tinte oan bar. Wy prate op 24 oktober wer mei de provinsje. Want dat der problemen binne mei dúdlik wêze. Trochdat ien en oar feroaret hat Fedde Mulder fan Wâldsein syn plannen foar in pomp op ‘e Snitserhoeke earst op in sêft sin setten.

 

Fierder winskje wy jimme in goed winterskoft mei in protte (ferienings) genoegen.

 

P.