Dorpssite Reduzum / Friens

Stimburo Reduzum

Utslach stimburo Reduzum

Omt der troch eltse Boarnsterhimmer op elts willekeurich plak yn de gemeente stimd wurde koe binne de útslaggen op it stimburo net neist de útslaggen fan foargeande jierren lein.

It oantal stimrjochtichden wie fansels net oars as oars, mar it opkomstpersintaazje hjir wie oanmerklik leger as bij eardere gemeenteriedsferkiezings. De oare oarsaak is fansels it opdûken fan Boarnsterhim : hat it noch wol nut om te kiezen ? Gelokkich wie dat foar goed 55 % fan de minsken wol it gefal.

Fan de 1006 oproppen kiezers kamen der 550, dêrbij wie gjin ien stim blanco of ûnjildich.

 De útslach :

Gemeentebelangen 150 ( 27,3 %)
Partij van de Arbeid 117 ( 21,3 %)
FNP 111 ( 20,2 %)
VVD 60 ( 10,9 %)
Grien Links 54 (   9,8 %)
D'66 32 (  5,8 % )
CDA 26 (  4,7 % )

 

De útslach fan alle partijen, mar ek de telling per kandidaat fan  alle stemdistricten in de gemeente.