Dorpssite Reduzum / Friens

Wurk yn eigen doarp

desimber 2008

Wurk
Wichtich en de kommende jierren noch mear!
De WURKgroep hat kontakt socht mei provinsje en gemeente om te kommen ta in soarte fan projekt foar plattelânsekonomy. Us briefke datoangeande oan it kolleezje, hat op ‘e ien of oare wize de Mid Frieslander helle. En dat wie ús doel net!  We stean noch mar oan it begjin en we ha gjin ferlet fan jûchei berjochten yn ‘e krante. Earst mar ris wat sjen litte en dan roppe.  
Goed. It is al sa.

As jo wilens  yn ús doarp oan ‘e slach wolle soene en jo  wolle ynljochtingen oer regels, mooglikheden, gebouwen, plak; jo kinne altyd telâne by Doarpsbelang of by de WURKgroep. Direkte oansprekpunten foar ûndernimmers binne Jan (elektra) Rodenburg en Fetze Tigchelaar.  Dizzen wize jo fierder.