Dorpssite Reduzum / Friens

Wurkgroep Swinlân

 
De taken fan de wurkgroep binne:  
  • De wurkgroep is it skeakelpunt tusken gemeente (en of útfierder fan it plan nammens de gemeente) en de takomstige bewenners en de buerbewenners;
  • De wurkgroep soarget dat de útfiering plak fynt op grûn fan de fêststelde útgongspunten;
  • De wurkgroep soarget ek dat inisjativen út de buert of fan de nije bewenners beoardield wurden en bepleite by de gemeente;
  • De wurkgroep soarget foar ynformaasje oan de nije bewenners mar ek oan de buerbewenners;
  • De wurkgroep wurket ûnder eineferantwurdlikheid fan it bestjoer fan Doarpsbelang. It kin dus wêze dat fan in bepaalde aksje de fertsjintwurdiger(s) fan it bestjoer fan Doarpsbelang sizze, dat foar útfiering earst it bestjoer rieplachte wurde moat.
 Leden:
  • Durk van Gorkum (vz.)
  • Ria Noordenbos (skr.)
  • Geeske Smorenburg
  • Klaas de Boer
  • Siep van Lingen
  • Lutzen Zijlstra