NL doetIt giet oan………….. Mar ……. Thomas, Judith, Christiaan, Jannes Thomas, Nadine, Fimke, Ammarens, Fenna,Thijs, Anouk, Peter, Nadine, Sieta, Meike, Lotte, Jorn, Brecht en jimme freon of freondintsje en fansels ek de pake en beppesizzers fan Swinlânbewenners…………………….. we ha jimme help ek neadich. We moatte sân skeppe, de bult klút frij meitsje, tekeningen meitsje op de stoepe, flaggen meitsje foar op de boat, wat ite en drinke mei inoar ensf…… Minsken dy’t helpe wolle……………….Erwin Posthumus of Durk van Gorkum dêr moatte je dan wêze……………. Fansels hoopje we dat jimme allegearre efkes lâns komme om te sjen De Boarterstúnkommisje Mear ynformaasje op de site fan NL doet
Boarterstún SwinlânVeel actie in Reduzum op deze prachtige zaterdag. Niet alleen bij het 'himmeljen' van het dorp maar ook bij het realiseren van de nieuwe speeltuin op it Swinlân. Strjitteferljochting SwinlânYn it ferline is ôfpraat dat oer de LED-strjitferljochting in saneamd "tevredenheidsonderzoek" hâlden wurde soe. Op basis fan dat ûndersyk soe besluten wurde soe oer mooglike oanpassings. It ûndersyk is yn 2009 hâlden en wie wol aardich posityf oer de strjitferljochting. It resultaat is op 9 febrewaris 2011 bepraat mei de fertsjintwurdigers fan de gemeente (dhr. Steinvoorn) en dhr. Oldenburger fan Lemnis, de leveransier fan de LED-ferljochting. Yn it oerlis ha wy praat oer de krityk dat de wenten 10-14 min ferljochte is, it net goed ôfstellen fan in oantal armaturen wêrtroch hinderlik skerp ljocht ûntstiet, it (troch guon minsken fûne) donkere gat fan de terp en de kleur fan it ljocht. Wy ha mei-elkoar de ûndersteande aksjes ôfpraat.
1. By de wenten 10 -14 komt oan de ein fan it paad in ferljochtingspeal mei in pealtop armatuur en wyt LED ljocht. 2. In oantal pealarmaturen sil better ôfsteld wurde. 3. Doe't de strjitferljochting hjir pleatst wurden is, wie der noch net wyt ljocht beskikber, dat is no wol it gefal. 4. De gemeente moat dit jier in protte armaturen fan de strjitferljochting ferfange. Tocht wurdt oan in ferfanging mei LED ferljochting. Reduzum is ree belangstellenden út de gemeente de strjitferljochting sjen te litten en wat te fertellen oer ús erfarings. Yn dat ramt sil de strjitte oan it Swin dan ek tydlik wyt LED ljocht krije.
As der guon minsken binne dy wat mear ynformaasje ha wolle, dan kin dat op de buert by Agatha Vermeulen of Durk van Gorkum.
Durk van Gorkum Alde fruchtrassenAlde fruchtrassen foar Swinlân Led op SwinlânNachtelik farren oer Swin |
|