Dorpssite Reduzum / Friens

Argyfgroep

 

Doarpsargyf
ynformaasje: Henk Korf
Douwe S. Bangmastrjitte 53,
9008 TK  REDUZUM
tel. 0566-601759

h.korf1@upcmail.nl


Sûnt in jier as fyftjen is der yn ús gemeente de Dokumintaasje Stifting Boarnsterhim. Dy Stifting bringt geakundesamlers mei inoar yn kontakt, hat der foar soarge dat mei help fan de bibliotheek Mid Fryslân yn al dizze doarpen op in unifoarme (Tresoar) wize ynfentarisearre en registrearre is fan wat der oan notuleboeken, keap- en ferkeapakten, jierferslaggen en tal fan oare dokuminten yn de ferskate doarpen oanwêzich is. Boppedat wurde der sa út en troch ynformative gearkomsten holden en ekskurzjes nei oare ynstânsjes organisearre, dy’t harren ek dwaande hâlde mei de doarpsskiednis.

Redúster model as foarbyld
Fan it begjin ôf dogge wy dêr oan mei middels in bestjoersfunksje. Nei in presintaasje foar de Feriening Lytse Doarpen is it “Redúster model“ foar ferskate doarpen yn hiel Fryslân in foarbyld wurden. It bewarjen fan kranteknipsels en foto’s waard yn ús trije doarpen al folle langer dien, mar it wichtichste, it behâlden fan de ferieningsnotulen, reklamefolders, oanplakbiljetten en rekkens fan bedriuwen, boutekeningen, kasboeken, ledelisten, keap- en ferkeapakten is hjir gelokkich hiel sterk oppakt troch de Argyfgroep. Yn fjouwer grutte, brânfertraachjende kasten yn de Trije Doarpen Skoalle stean in grut tal soerfrije doazen fol mei tal fan histoaryske gegevens út Reduzum, Friens, Idaerd en Eagum. De trefwurden binne al op it ynternet te finen mar de tûzenden foto’s moatte noch digitalisearre wurde.

De âldere generaasje hat noch in protte bining mei dit materiaal, mar it is de fraach oft de jongerein ek ynsjocht dat dy doaze, dy't faaks by jo yn 't hoekje op 'e souder stiet, bewarre bliuwe moat as jo der sels net mear oer beskikke kinne. En it soe dochs ivich skande wêze as al dat guod sa by it âld papier telâne kaam, want dan is it echt fuort. En de tiid hat leard dat de ynteresse fan de jongerein mei de jierren komt en dêrom sammelje wy no. En dêrom krije wy de stipe fan pleatselik belang. En dêrom sitte wy op in A-lokaasje eltse fjirtjen dagen op woansdeitemiddei by inoar. En dêrom kinne jo der fan op oan dat wy goed op it spul passe, mar derby: it bliuwt fan jo en it is elts momint fan de dei yn te sjen. Troch eltsenien.

Ferlinepraat
Al yn 1992 is der in boek út kaam oer de âlde en nije skiednis fan de fjouwer doarpen, tal fan minsken hawwe dêr harren ferhalen, mar ek in protte foto’s foar oanlevere. Dat “Ferlinepraat”-boek is (no noch) foar € 12,50 op skoalle te keap, krekt as de fideofilm, dy’t gearstald is út opnames fan aktiviteiten yn 1955, 1965 en 1975.

 Leden:  Henk Korf Afke van Gorkum
  Lutske Kuipers Korrie Postma
  Tineke Fopma Dukke Zijlstra   
  Tjitske Spijkstra Hylkje Hettinga
  Carina van de Weg Pyt Elzinga
  Anneke Boersma