Aprilmop
Ik die in taast ûnder myn bêd. It stie der noch. It trakteartrompke mei de reade framboazesuertjes dy't ik juster sels útsocht hie yn de Sparwinkel fan Teade-Kee oan de Ayttawei. Soene se der noch allegear ynsitte? Hie ik echt wol genôch suertsjes kocht? By it ljocht fan it skimerlampke lei ik de sûkerframboaskes opnij yn fiif rjochte rychjes fan tsien op it nachtkastke. Fjirtich suertsjes foar de bern fan myn klasse, twa foar juf en de rest foar de oare masters en juffers. Der soene in pear oerbliuwe as it goed wie. Jierdei! De wylgebeammen foar ús hûs soene as flaggen yn 'e sinne waaie.
Underweis nei skoalle, de wite strik stiif op 'e holle, kaam ik lykas alle dagen Klaas Terpstra tsjin, de freonlike boere-arbeider dy't ús net fan it lân stjoerde as wy fiele woene oft de jonge lamkes echt sa sacht wiene as se der út seagen. Klaas seach myn trompke, lokwinske my en stuts it earste suertsje yn syn laitsjende mûle: ,,Ien april, wat in mop! Wa fiert no syn jierdei op ien april? Bist der wol wis fan dat it echt dyn jierdei is of hâldst my foar de gek?''
Op skoalle like alles lykas oare dagen. Klompen ûnder de kapstokken yn 'e hege gong, de wat soerige rook fan pis en healwiete jassen. Yn 'e klasse sette ik it trompke foar my op de bank. Wannear soe juf der no oer begjinne dat it myn jierdei wie? Myn hannen fielden kâld en waarm tagelyk en ik bleau fol ferwachting sitten.
,,Juf hat in gat yn 'e jurk'', rôp ien fan de jonges. Juf bearde dat se skrok. ,,Ien april'', raasde de klasse. ,,Wy hawwe moarn frij'', rôp in oarenien. ,,Ien april'', rôp juf. ,,Wat flau..'', seurde in jonge ,,wy hawwe ek noait ris frij. ,,It is Baukje har jierdei'', probearre Melle boppe it geraas út te kommen. ,,Ien april'' lake de klasse wer. ,,Juf har feint stiet yn 'e gong'', ,,Juf har tean stekt út 'e skoech…''
It feesttrompke lei yn myn fak. Mei myn knibbel koe ik de râne fiele. It wie echt wier. It wie myn jierdei en ik hie gjin papieren roas op. Der stie gjin flagge op it boerd mei myn namme der yn. Ik mocht net traktearje en mei in freondinne, dy't ik sels oanwize mocht, by de oare klassen lâns. Ik hie ek net op 'e stoel stien. Gjin ien hie songen. Ik mocht net fertelle dat ik in pop krigen hie mei echte sliepeagen en trije wite bûsdoeken mei blomkes der op fan ús beppe. En in Sjors en Sjimmieboek.
It wie stil yn 'e klasse. De bern kôgen op 'e punt fan harren potleaden. Guon hiene de earmen stiif om it skrift. Troch de hege ruten koe ik de beammen sjen. It rekkenjen duorre hiel lang. Juf de Jong siet achter har tafel en seach de taallessen nei dy't wy juster makke hiene.
Hjoed wie it myn jierdei en dat wie in mop. 1 april 2010 - Nei 56 jier waard Baukje Wijtsma dôchs noch lokwinske. Master Henk kaam dizze dei spesjaal mei syn klas del om Baukje ta te sjonge. Oant 100 telleNeat wie spannender en heimsinniger as de waarme simmerjûnen. Nei iten bûtendoar boartsje yn 'e buorren oant de klok fan de tsjerketoer mei droanjende slaggen oanjoech dat it acht oere wie. En net in tel letter thúskomme!
Sidekrûpboartsjen diene wy by de peal oan 'e haven. Elkenien wie presint, ôfspraken hoegden dêr net foar makke te wurden. Ommers foar alles wie in tiid. As op ûnsichtber teken waard der sa troch it jier hinne knikkere, toudûnse, balle of bok-bok-hoeveel-hoorns dien. Sidekrûpboartsjen hearde by de simmerjûn.
Dy spanning, dat frije en lichtfuottige draven troch de buorren, der binne mominten dat ik noch krekt wit hoe't it fielde. ,,Auke ferlos!'' ,,Hinke ferlos! ''Monte en Freya ferlos!'' Folslein yn it spultsje ferlern, mei bûnzjend hert sykje om in noch heimsinniger ûnderkommen: in beam, in steech, in kûle achter it turfhok, in droege sleat. Dat iene heimsinnige plak dêr't nimmen dy fine soe.
Op in kear wie it raak. Ik bejoech my op ferbean terrein en ferstoppe my achter ien fan de hege doarren fan Fokke syn houtseagerij. Ik makke my sa lyts mooglik, sakke yn 'e hoksen. Ik rûkte it wiete hout. In frjemde wat eangstige opwining gong my troch de lea. As Fokke my seach, wat dan? Yn 'e fierte telde Sjoerd Engelsma yn tsien tellen oant hûndert. It spul fan sykjen en jeien koe begjinne. Klompen kletteren oer de dyk, der waard raasd, lake, ferlos roppen! Ik siet achter de doar en wachte, fielde hoe stiif myn skonken waarden. Nimmen kaam myn kant út. Doe't in oarenien opnij oant hûndert telde wist ik dat se my dizze jûn net fine soene. Ik siet einlings op it heimsinnichste plak dêr't it feilich wie en ik kaam moai net foar it ljocht al soe it hiele doarp om my raze. Dêr efter dy grutte doar wist ik: ik bestean net mear, ik bin fan de wrâld. Ik bin der en ik bin der net, sa wie it.
Dêr yn myn skûlplak seach ik sûnder dat ik wat sjen koe, foar it earst myn eigen wrâld. De âlde buorren dêr't ús heit en mem ek boarte hiene. De haven mei it swarte wetter dêr't wytfiskjes en iel yn swommen. De nei tarre rûkende boatsjes. Pompeblêden mei sulveren wetterpearels der op efter de iisbaantinte, ivich kôgjende skiep op 'e iisbaan, it griisferve houten brechje dêrst oan hingje koest. De deftige wite pastorije mei de grutte boekebeammen, it stek mei de gefaarlike spikers by beppe achter de buorren dat my in fikse groede oan myn linkerskonk besoarge hie. Bern dy't troch de buorren draafden by it sidekrûpboartsjen op in waarme simmerjûn. Bern dêr't ik by hearde. It doarp dat der altyd wêze soe, ek as ik echt net mear bestie. Dan noch.
BAUKJE WYTSMA
Sinteklaas op skoalleAlle jierren makket sinteklaas de bern yn ús doarp bliid In slach om 'e buorrenPietsje de Boer giet om 1942 hinne in slach om ‘e buorren |
|
