Dorpssite Reduzum / Friens

In slach om 'e buorren

Pietsje de Boer giet om 1942 hinne in slach om ‘e buorren

Ik begjin by de skoalhoeke. Dêr sieten fan dy grize roastergatten, der slipen we de griffels. Oan de oaren kant fan de dyk wie in sleatsje. Wy neamden dat it miichsleatsje, want dêr pissen de jonges yn yn it skoft.

1e hûs nei skoalle, dêr wennen Teake en Tryntsje de Jong, dy hiene in winkel mei potten, pannen, knikkers, leien en skriften. Teake sutele ek wol mei in karre mei potten en pannen. Se hiene ek in hûn. As dy op de stoepe siet, kamen wy net yn de winkel.
2e hûs wenne Anne Hilverda. Dútse Anne waard se neamd, omdat se yn Dútslân wenne hie mei har soannen Jan en Anne.
3e hûs wennen Lolke en Hendrikje Wytsma, de pake en beppe fan Boukje Wytsma. Lolke wie karrider.
4e hûs wennen Jacob en Fetsje de Vries-v.d. Veer, se hiene buorkerij.
5e hûs wennen Teake en Roelofje Venema, se hiene in grientewinkel. Dy hiene in hûn, Pieter, dy sliepte yn’t teekastke, hiel apart.

Oan de oare kant fan de dyk wennen Sake en Hendrikje Hemstra. Sake naam de wettermeter op en soarge foar de brânkranen.
2e hûs wennen Durk en Grietsje Hoitinga, se hiene in molkkarre.
3e hûs wennen Bertus en Afke de Vries mei harren soan Jan Bertus, dy wie grêfdelver.
4e hûs wenne de famylje Rinke de Vries. Rinke wurke by de boer.
5e hûs wennen Siebren en Jitske Tjepkema mei harren bern Wiep, Theo en Corrie. Se hiene in hûn, Topsie, dy koe hiel heech springe. Siebren wie skilder.
Dêr  neist Kees en Tsjitske Hoitinga mei soan Germ.
Op de side wenne Sjoerd Kleiterp, der achter Teake Jel, in hiele dikke frou.
7e hûs wennen Siebe en Annie v.d. Hei, Siebe wie skilder.
8e hûs wenne Aaltsje van Oostrum, hja wie bôlerinster.
9e hûs wennen Theunis en Grietsje Lantinga-Brander mei dochter Femke.
Dêr neist Gooitsen v.d. Hei , kleanmakker, letter ferhuze nei de steech achter Daam de Boer.
Dêr neist Wietse en Kobe v.d. Hei, brânstofhannel.
Dêr achter, mei de ruten richting Idaerd, Evert en Janke Schaafsma-Kalverboer.
De huzen fan Theunis, Gooitsen, Wietse en Evert binnen om 1942 hinne ôfbaarnd. |
Lêste hûs Sjoerd en Hiltsje de Vries, hy molkriid en hie in bok, dy stonk sa.
Dêrfoar stie it hûs fan Tetman en Renske Hettema, se hiene in petroaljekarre. Renske stive wol wite mûtsen ûnder it earizer. Se wiene de pake en beppe fan Hettema dy’t it boarstbyld makke hat fan Tetman de Vries.

Dêr tsjinoer de grutte bleek. Dêr koene je de wask blikke, oant Teake Venema syn grientetún mei in haach by de dyk lâns.

Op de hoeke wennen Willem en Coba de Boer – Siksma, se hiene in buorkerij.
Yn de steech neist en achter Willem de Boer wennen Matte en Hinke, mem en dochter.
Letter doe al, tink ik, Hedzer en Janke Gorter mei Sjoukje en Klaas.
2e hûs, Tiete Dijkstra, húsnaaister, se naaide by de minsken thús.
3e hûs, Jisk Drijver, skuonmakker. Nei de brân Gooitsen en Lena v.d. Hei, kleanmakker.
4e hûs Albertsje de Jong, mem fan Hendrik de fisker en Klaas (post) de Jong.

Dêr’t Noordenbos no de wurkpleats hat wenne Boukje Hylkema-Peul, beppe fan Baukje Wytsma, mem fan Renske, Rense en Ietsje Peul.
Dêr neist wennen Ruurd en Jantsje Koelstra. Jantsje rûn ek mei de bôlekoer. Se wiene de heit en mem fanHans Koelstra, dy’t in winkel hie oan de púndyk. Letter wennen Bauke en Jantsje Drijver dêr.

Oan de Haven 1e hûs Popkje Fopma mei dochter Gé, beppe fan Sipke Fopma. Nei de brân Theunis en Griet Lantinga.
2e hûs Saakje Sixma. Earst v.d. Woude, hat model stien foar boekje Ot en Sien. Se hie in winkeltsje mei kofje en thee. By har wennen dochter Akke en har soannen.
Klaas en Han (Johan) hiene brânstofhannel. Johan de Vries hie in skip yn de haven lizzen.
3e hûs wenne de famylje Bouke en Ietsje Tolsma-Peul mei pake Pieter Peul. Pieter koe breidzje en makke einekuorren. Bouke gong ek mei de harmonika by de doarren lâns en ûnderhold bougrûn. Yn de oarloch hiene de boeren der ek bougrûn by. Bouke kaam út Arum en hie der ferstân fan. Hy koe ek hiel goed pankoek bakke, hy goaide de pankoek omheech en fong him dan wer op. In fleurich man. Syn frou wie doof. In bysûndere húshâlding, mar o sa mei-elkoar.
4e hûs ûnder Minke de Vries, mem fan Leendert de Vries, beppe fan Jan de Vries, molkeferfier.
Dêr boppe wennen Pier en Aaltsje Riemersma. Pier wie by de timmerman en se hiene ek in petroaljekarre.

Skieding dûmny syn tún, haach, swart tarre skut fan grutte bleek oant de haven.
Oan de haven pastoary mei in hiele grutte tún mei apel-, parre-, nute- en kersebeammen, achter yn de tún stie it koetshús. Yn de pastoary wenne earst dûmny Boers, letter dûmny Snijdelaar.

Neist de pastoary wennen Ide en Anne v.d. Schoot, se hiene it postkantoar en hy wie postrinner en hie al in auto. Se wennen ûnder it lokaal fan tsjerke.
3e hûs Molle en Jitske Spijkstra, Molle wurke op ‘e molkfabryk.
4e hûs bakker Wiebren en Jetske Eizenga, mei Cobie en Gerrit.
5e hûs Jan en Dukke Wijnstra ? wie ferversfeint by Cor Mulder.
6e hûs, Pieter Flora ?
7e hûs, allinne foar in foardoar en lange gong nei achteren, it wenhûs hie ruten op it easten, dêr wennen frou de Jong mei soannen Hendrik en Line.
8e hûs,   Klaas en Riemkje de Jong, kleanmakker, mei dochters Albertsje en Dukke. Klaas wie letter postrinner en postkantoarhâlder en wy koene dêr belje.
9e hûs   ?   Letter hearenkapper Rinse Kloosterman.

Op de hoeke Siebe en Minke Sytema, frachtferfier, se hiene ek brânstof te keap, se hiene 2 dochters: Riemke en Janny.
2e hûs, de winkel Excelsior, dêr wennen Romke en Sietske v.d. Wal mei soannen Johannes en Jurjen.
3e hûs, Wiebe en Houkje Jellema, âlders fan Cees Jellema.
4e hûs Cees en Rieke Jellema mei soan Wiebe, manefaktuerenwinkel.
5e hûs, frou Zoethout mei Benny en Suske, man stoarn, wurke foar Excelsior.
6e hûs Zweitse en Neeltsje Hoekema mei dochters Sjoerdsje en Doet, feeferfier en se hiene in lykwein.
7e hûs Jouke en Eke Gercama mei soan Rients, grientehannel.
8e hûs Tjeard en Hanne Stavinga, fytsmakker.

Dan de kleuterskoalle en de grutte skoalle. Je koene allinne de Buorren yn de rûnte rinne.
Yn de simmer koene je ek de Legedyk, Tolhek, Trije Romers,
Púndyk yn it rûn rinne. Je hiene allinne de Púndyk nei de strjitwei en in dyk nei it spoar, letter Ayttawei.

Der is hiel wat by kommen de lêste 65 jier.