Dorpssite Reduzum / Friens

Oant 100 telle

Neat wie spannender en heimsinniger as de waarme simmerjûnen. Nei iten bûtendoar boartsje yn 'e buorren oant de klok fan de tsjerketoer mei droanjende slaggen oan­joech dat it acht oere wie. En net in tel letter thúskomme!

 

Sidekrûpboartsjen diene wy by de peal oan 'e haven. Elkenien wie presint, ôfspra­ken hoegden dêr net foar makke te wur­den. Ommers foar alles wie in tiid. As op ûnsicht­ber teken waard der sa troch it jier hinne knikke­re, toudûnse, balle of bok-bok-hoeveel-hoorns dien. Si­dekrûpbo­artsjen hearde by de simmerjûn.

 

Wa't him wie moast by de peal oant hûndert telle, mei de eagen ticht neffens de rigels fan it spul. Wy telden as wylden, wylst wy fansels omraak tusken de fingers trochloer­den. Hoe hurder wy telden hoe minder tiid foar de oaren om in goed beskûl te fi­nen. Dan moast der socht wurde. De keunst wie om earder as de siker by de peal oan te tikjen om ferlos te rop­pen.

Dy spanning, dat frije en lichtfuottige draven troch de buor­ren, der binne mominten dat ik noch krekt wit hoe't it fielde. ,,Auke fer­los!'' ,,Hinke ferlos! ''Monte en Freya ferlos!'' Folslein yn it spultsje ferlern, mei bûnz­jend hert sykje om in noch heimsinni­ger ûnderkommen: in beam, in steech, in kûle achter it turf­hok, in droege sleat. Dat iene heimsinnige plak dêr't nimmen dy fine soe.

 

Op in kear wie it raak. Ik bejoech my op ferbean terrein en ferstoppe my achter ien fan de hege doarren fan Fokke syn houtsea­gerij. Ik makke my sa lyts mooglik, sakke yn 'e hoksen. Ik rûkte it wiete hout. In frjemde wat eangstige opwining gong my troch de lea. As Fokke my seach, wat dan? Yn 'e fierte telde Sjoerd Engelsma yn tsien tellen oant hûnde­rt. It spul fan sykjen en jeien koe begjinne. Klompen klette­ren oer de dyk, der waard raasd, lake, ferlos roppen!

Ik siet achter de doar en wachte, fielde hoe stiif myn skonken waarden. Nimmen kaam myn kant út. Doe't in oarenien opnij oant hûndert telde wist ik dat se my dizze jûn net fine soene. Ik siet einlings op it heimsinnichste plak dêr't it feilich wie en ik kaam moai net foar it ljocht al soe it hiele doarp om my raze. Dêr efter dy grutte doar wist ik: ik bestean net mear, ik bin fan de wrâld. Ik bin der en ik bin der net, sa wie it.

 

Dêr yn myn skûlplak seach ik sûnder dat ik wat sjen koe, foar it earst myn eigen wrâld. De âlde buorren dêr't ús heit en mem ek boarte hiene. De haven mei it swarte wetter dêr't wytfiskjes en iel yn swommen. De nei tarre rûkende boatsjes. Pompeblêden mei sulveren wetterpearels der op efter de iisbaantinte, ivich kôgjende skiep op 'e iisbaan, it griis­ferve houten brechje dêrst oan hingje koest. De deftige wite pastorije mei de grutte boekebeammen, it stek mei de gefaarlike spikers by beppe achter de buorren dat my in fikse groede oan myn linkerskonk besoarge hie­. Bern dy't troch de buorren draaf­den by it sidekrûpboarts­jen op in waarme simmerjûn. Bern dêr't ik by hearde. It doarp dat der altyd wêze soe, ek as ik echt net mear bestie. Dan noch.

 

BAUKJE WYTSMA