Dorpssite Reduzum / Friens

Blauwe Tent: Bedrijf in Beeld

Op 11 mei 2011 stond de Blauwe Tent in de rubriek Bedrijf in Beeld

op de homepage van www.reduzum.com


Wie zijn jullie? Wij zijn Egge en Bea Huistra van de Blauwe Tent.

 

 

 

Waar zijn jullie momenteel druk mee? Wij zijn in ons werkterrein bezig met de voorbereiding van de dag.

 

 

 

 

 

Wat is het mooie aan jullie werk? Een tevreden klant die onze gemoedelijke sfeer en gezelligheid weet te waarderen. Dit geeft ons een goed gevoel.

 


 

De Blauwe Tinte 100 jier !

Yn it lêst fan de njoggentjinde ieu koe de tsjerke de earmesoarch net mear oan. Benammen yn it winterskoft, as der gjin wurk mear by de boer wie, hearske yn in grut tal húshâldens bittere earmoede. Der ûntstie politike strideraasje : it arbeidersfolk en elts dy’t him dêrmei solidêr fielde, organisearre him yn ferskillende groepen. Yn 1900 waard dûmny Boers yn Reduzum befêstige. Hy seach tige skoan de need, dy’t der ûnder it arbeidersfolk wie. Hy hie dêr in grut meilijen mei en hy besocht mei alle macht dizze minsken , dy ’t troch wurkleazens en benammen de drank yn it ûnleech rekke wiene, by de wâl op te lûken. Mei op syn krewearjen waard der yn 1911 in ôfdieling Reduzum oprjochte fan de “Nederlandse Vereniging tot Afschaffing van Alcoholhoudende Dranken”. Yn itselde jier liet dizze ôfdieling in Blauwe Tinte bouwe. Yn de earste jierren wie de tinte allinne sneins iepen en waard er yn ‘e hjerst wer oppakt. Hy wie fan hout, mar alle ûnderdielen wiene nûmere en koe sa op ienfâldige wize yn- en útinoar. De leden fan de pleatslike feriening betsjinnen sels. Hjoeddedei is de tinte sneins sletten, mar troch de wike is der, benammen de lêste jierren nei it trochlûken fan de Snitserdyk, in protte flecht op ‘e koai foar in grut ferskaat oan iten en drinken. Mar noch hyltyd alles sûnder alkohol.


Vla op verzoek


 

Blauwe Tinte yn top 10

Egge en Bea Huistra reagearen ferrast doe’t se hearden dat se yn de top 10 fan beste snackbars fan Nederlân steane . Har patatsje “feest” en in broadsje kroket soargje foar in 10e plak . Sjoch it artikel fan Omrop Fryslân