Fiskersbedriuw in BeeldOp 3 augustus kreeg Fiskersbedriuw de Jager extra aandacht op de homepage van www.reduzum.com in de rubriek Bedrijf in Beeld:
Wêr hast it op 't stuit drok mei? Ik bin no dwaande mei it ielrikjen. Ik rikje alle wiken sadat ik farske rikke iel oan hûs ferkeapje kin.
IelriedeÚtslach ielrieden
Ale en Marjan de Jager stiene by Roel en Durkje op it hiem en ferkochten dêr harren hearlike iel ( mei in glêd feltsje witte jo wol). Men koe der ek wer riede op it gewicht fan in mânske iel, dy 't dêr lei. En se binne der noch, dy grauwe ielen. Dizze wie 1525 GRAM ! Adrie Hallema wie der it tichst by mei 1542 gram. En dêr hat Ale dyselde freedtejûn noch heechstpersoanlik de iel fileard. De hiele merke iel op toast!
Tichtby wiene Wiebe de Boer mei 1485 en Loekie Renia mei 1575 gram. De opbringst fan de riederij wie wer foar ROTO.
We hoopje dat dizze tradysje noch mannich merke oerlibje sil.
Nije thúshaven foar fiskersbedriuw
Fisker fangt steurFisker Ale de Jager komt soms nuvere fisken tsjin yn syn netten. Sa as dizze steur. Hjir kin jim ek it artikel út de Ljouwerter krante lêze.
Net ielfiskjeOmrop Fryslân makke hjir in reportage oer. Mei ielfisker Ale de Jager yn de haadrol. |
|||||