|
Fan Logo- nei WebDesign
Ik bin yn 2008 útein set mei myn bedriuw Skelp LogoDesign. Sûnt 2010 meitsje ik neist logo’s en hússtilen benammen websites en dêrom haw ik de namme fan myn bedriuw feroare yn Skelp WebDesign Ik ûntwikkelje benammen websites, logo’s en hússtilen foar lytse bedriuwen en begjinnende ûndernimmers.
Professionele website mei CMS
Ik wurkje mei de nijste techniken en standaarden sadat jo in doelrjochte en goed wurkjende website ha dy’t hielendal op jo doelgroep ôfstimd is. In website dy’t boppedat goed fûn wurdt troch sykmasjines en dy’t snel ynlaadt, in must op it ynternet dêr’t alles draait om snelheid. En troch it gebrûksfreonlike content management systeem, der’t ik mei wurkje, kinne jo jo site hiel maklik sels ûnderhâlde, sûnder ekstra kosten.
Spesjaliteit
Ik rjochtsje my by foarkar op organisaasjes dy’t bewust omgean mei harren omjouwing. Fanwege myn grutte affiniteit mei dit type organisaasjes kin ik har winsken optimaal fertale yn websites en oare grafyske producten.
Ien adres foar al jo reklamemateriaal
Neist it meitsjen fan websites en hússtilen kinne jo my fansels ek freegje foar allerhande oare grafyske saken. Tink b.g. oan it ‘digitalisearjen’ fan in besteand logo sadat it geskikt is foar drukwurk en belettering, fotobewurking, it opmeitsjen fan ferslaggen, kalinders, (digitale)advertinsjes, banners foar websites, ensfh. Koartom, ik kin jo in totaalpakket biede op it mêd fan reklame en foarmjouwing.
Liesbeth Hiddema
|