Dorpssite Reduzum / Friens

Boerelogika

Simmer yn Fryslân, wat preamkefarre en filosofearje oer sinnewaarmte en…. noflik buorkjen. Simmerdeis wat farre op it wetter en lekker neat dwaan kin, om’t wy yn de rest fan it jier drok oan’t garjen binne. Sa stean ik no oan it roer fan in pream en sjoch oer de polderdyk de boeren ûngetiidzjen.
Under it farren komme der allerhande betinksels by my op. De boeren binne no oan ’t haaien en oan ’t garjen. Simmerdeis genôch hea meitsje, betsjut winters wat melke, sa no en dan wat byfuorje en fierders wat rêstich efteroer sitte. Mei dizze gedachtegong as basis (hiele âlde boerelogika), filosofearje ik al farrende wei fierder.

It seizoen foar boeren leit faaks oars, neffens in hiele protte oare minsken. Filesofjearjendewei sjoch ik dôchs in soad oerienkomsten tusken in boerebedriuw en mei myn eigen deistige dingen. Hea en strie foar it fee en ek hout en turf binne produkten fan de streek en waarden froeger mei de pream ferfierd. Simmers waard it hea mei de pream nei hûs brocht en yn’e hjerst it hout en de turf.

Sa ’n pream bestjoer ik no sels ek. Jo kinne der yn ien kear in hiele swiere lading op meinimme en hjir mei gie dit transport al in stik fernimstiger as mei in lyts, hastich boatsje. Jo hoege ûnder it farren allinne mar wat fjirder foarút te sjen en op’e tiid in hiel lyts bytsje by te stjoeren. In pream is in echte stayer!

Mei dit simpele fernuft as ûnderlizzer, bouwe wy yn Fryslân Finske houtkachels. Wat hawwe Finske houtkachels no mei in pream te krijen? Hea is foar it fee en wy baarne it net op yn’e kachel. Turf kinne jo mar ien kear ôfgrave, dêr nei is it op! Hout net, it groeit altyd op’e nij, lykas hea. Hout (ek ús eigen streekhout) is goed besjoen in machtich moai produkt om sinnewaarmte fêst te setten. As jo de pream der mei folladen hawwe, dan kinne jo der thús jierren waarm fan sitte, en maklik tsientûzenen kubikemeters ierdgas mei ôffange. It is eins dé perfekte sinne-akku! In akku dy’t in hiele hege waarmtekapasiteit hat yn fergelyk mei gewoane sinnewaarmte en bygelyks sinnepanielen en... mei in hiele, hiele f e r s k r i k l i k lange bewartiid. Der is net in sinne-akku (ek gjin gewoane akku) te betinken, dy’t sa lang enerzjy fêsthâlde kin as hout: tsien, tweintich, as fiiftich jier bewarjen, sis it mar. Alle sinne-enerzjy bliuwt der yn sitten en simmerdeis it garje, kin winterdeis in soad profyt opleverje.

Mei hout kinne jo de sinne yn’e hûs op elts momint dan (lykas op tsjustere dagen), ûnôfhinklik fan oaren werom skine litte. Wa wol soks winterdeis no net? Yn it hege noarden wol eltsenien dat wol graach. Hout soarget foar sinne yn de winter. Yn Finlân giet it hout heljen it hiele jier troch. Yn haadsaak foar de houtyndustry en mar in lyts bytsje foar it ferwaarmjen fan de wenningen. Mei in eigen houtsteapeltsje ûnder in ôfdakje kin men dêr winterdeis sa no en dan de sinne wer efkes op’e nij skine te litten. Mei in swiere Finske houtkachel yn’e hûs is de waarmtebehearsking lyk as preamke farren. Dizze ôfladen stienklute,  jout in fergelykbere waarmtegong as dy fan in ôfladen pream. Altiten evenredich en nea tefolle. De behearsking yn top, in echte stayer.

Sa’n waarmtegong fielt gâns nofliker oan as mei de gong fan in hjoeddeistich speedboatsje. Jo hoege hjir mei ek allinne mar wat fierder foarút te sjen en sa no en dan in bytsje byfuorje. It brûken liket in soad op winterdeisk buorkjen. Ien kear deis, mooglik in pear kear yn ‘e wike ofhinkelik fan it waar wat byfuorje, is al genôch om jo hûs op temperatuur te hâlden en fjirder is it noch in bytsje strontfeien en wat noflik efteroer sitte.

Hjir moatte de Friezen mear fan witte! Optuugje dizze pream en lâns de Alve Stêden der mei. Farre mei dy pream! Sa stean ik yn’e sinne it Fryske lânskip oer te sjen en mei dizze bespegelingen mysels in bytsje te fermeitsjen. Finske waarmte gelyk oan wintersk buorkjen, mei de gong fan in ôfladen pream? Kinst it frjemder betinke? Soe der noch immen my begripe? "Koe’st wol in sinnestek oprûn ha’’, sille in protte minsken sizze as sy dit lêzen hawwe.

Fetze