Troefmark giet troch
Nijs út de Troefmarkt
Earst fansels it nijs dat wy der mei stopje woene: krante, radio, we wisten net wat ús oerkaam. Wer in doarpswinkel ticht……………..
Ek witte we no wat in mal gesicht dat is ! Skappen leech, friezer leech, minder suvel en stadich oan minder guod………..
Al mei al, echt neat oan !!
Mar,
It komt oars !!
De winkel bliuwt yn Reduzum !!
It kin net better !!
De skappen aanst wer fol
en Bauke en Adri haww wer lol !!
nei in spannende tiid fan oerlis mei Doarpsbelangen en Sakeklup, kin it trochgean, is it finansjeel helber, kinne we no sizze:
it giet oan !!
it sil heve !!
efkes foarstelle ús nije Troefmark eigenaresse:
Alie Baarda
Alie wennet mei Ronald Talsma (ús doarpsskilder) en har beide soannen Stefan en Léon yn’e Haedstrjitte op nr. 43.
Alie hat eartiids erfaring opdien yn Easterwâlde mei in SRV-wein. Doe’t sy hearde dat de winkel ticht gie, wie se fuort enthousiast om dêr mei troch te gean.
En dat is slagge ! My tinkt, dêr kin elts wiis mei wêze!
Op’e nij alle gemak ûnder ien dak.
Under de slogan ‘Lekker makkelijk’ giet Alie aanst fierder.
Nei 1 oktober is de winkel 3 dagen ticht, der fynt in metamorfose plak !
Benijd nei Alie en de winkel ?
Woansdei 5 oktober fanôf 19.30 oere is it ‘iepen winkel’.
Elts kin dan kennis meitsje en sjen hoe’t it wurden is !
De nije iepeningstiden binne:
Moandei 8 oant 12 en 1 oant 6 oere
Tiisdei 8 oant 12 en 1 oant 6 oere
Woansdei 8 oant 12.30 oere
Tongersdei 8 oant 12 en 1 oant 6 oere
Freed 8 oant 12 en 1 oant 6 oere
Sneon 8 oant 14 oere
Wy binne bliid dat it sa rûn is.
Myja Zijlstra – v.d. Meulen mei de ‘Bernewrâld’yn it ‘foarein’, Alie Baarda mei de winkel yn it ‘achterein’ en Blijke Vellinga mei ‘de Eskeblom’dêr sa’n bytsje tuskenyn. Wat in pracht oplossing. Dan brûst it wer yn’e buorren !
We hawwe altyd mei in protte genoegen de winkel fersoarge en sille it grif misse, mar dat sil wol wenne ………..
Eltsenien alfêst betanke foar de klandyzje !!
We hoopje noch lang yn Reduzum te wenjen.
Aanst stiet de kofje klear op de Ds. Boerstrjitte 14 !
Betanke foar alles en oant sjen !
Bauke en Adri.
Troefmarkt: bedriuw yn byld
Op 8 juni kreeg de Troefmarkt extra aandacht op de homepage van www.reduzum.com
in de rubriek Bedrijf in Beeld:
Wa binne jim? - Bauke en Adri Hallema
Wêr binne jim no mei dwaande? - Woansdeis is ín súteldei. Ien kear yn'e wike giet Bouke nei de Tsienzerbuorren. Dêr lizze de boadskipboekjes klear. Dy wurde ophelle en yn winkel klearmakke. Fanút Raerd en Jirnsum wurdt der trochbelle. Nei't de boadskippen klear binne wurde se útsútele.
Wat is it moaie fan jim wurk? - Mei minsken omgean. Der is hjir gjin dei gelyk. It belutsen wêze by in protte dingen dy't yn it doarp barre.