Dorpssite Reduzum / Friens

Kālde kak en tatoeaazje

In stik van Carl Slotboom fertaald troch Abele Krist.
Eugene fynt tusken de reklamefolders in brief fan Sjef Bruinsma, in fiere neef. Sjef skriuwt dat hy fan doel is om meikoarten by syn neef del te kommen. It past net dat Sjef komt yn ferbān mei de kommende trouwerij fan dochter Marie-Claire en har ferloofde Willem-Jan. Omdat Sjef syn ūnbekende famylje ferrasse wol, stiet er mei syn frou en slūchslimme soan foar de doar. De famylje Van Sloten is folslein yn panyk as Sjef seit dat er sa'n fjirtjin dagen bliuwe sil. Der folgje allerhande brike situaasjes en ferwikkelingen foar it oan de trouwerij ta is en de famylje Bruinsma wer fuort giet.


Spilers:
Eugene van Stoetenweg - Lieuwe Tilma
Adelheid van Stoetenweg - Marjan v/d Meulen
Marie-Claire van Stoetenweg - Klaasje Tigchelaar
Willem-Jan Buitenveld - Klaas de Boer
Svetlana Karpatova - Janet Wynstra
Sjef Bruinsma - Catrinus Bouma
Truus Bruinsma - Gerda de Boer
Boris Bruinsma - Pieter Roorda

Meiwurkers
Rezjy - Monte Huizinga
Ynstekster - Anita Terpstra
Schmink - Marjan de Jager
Hier - Klaske Tigchelaar
Lūd & ljocht - Jouke Hallema (JHAudio)
Dekor - Ale de Jager, Arie Broekstra
Wiebe de Boer


Flatsoadsje

In blijspul yn trije bedriuwen

Skreaun troch Alan Ayckbourn

Fryske oersetting fan Joop Mast

It stik spilet him ôf yn in appartemint, wêr't Trudy op de planten passe sil foar de minsken dy't fuort binne. It stik begjint as in romantyske komeedzje, mar slacht stadichoan om yn in spannende skriller. Trudy is in jonge aktrise sûnder wurk en sûnder freon, dy't har oantreklike buorman Mark besiket te ferlieden. Hy is belizzingsadviseur, mar is er dat eins wol? Sûnder dat Trudy it yn' e gaten hat, komt se yn in binde terjochte, wêr't it fansels om jild draait. En wêr't it gefaar hieltyd mear tichterby komt. Mar oan it ein fan it stik komt alles wer goed. Mark tinkt dat hij der in beste slach oan oer hald, sawol Trudy en de cinten. Mar mei it jild? der giet it oar der mei fan troch.

 

Anette Pleite de Jong

 Doutzen Bergsma

Trudy Blanken

 Yfke Terpstra

Mark Flesseman

 Lútzen Zijlstra

Erna Struiken

 Klaske Tigchelaar

Mara de Man

 Gerda de Boer

Frans Freijling

 Klaas de Boer

Ronny Engel

 Lieuwe Tilma

Rezjy

 Monte Huizinga

Ynstekster

 Anita Terpstra

Lûd/ljocht

 Jouke Hallema

Schmink

 Marjan de Jager/ Marjan Rodenhuis

Dekor

 Ale de Jager/ Wiebe de Boer/ Arie Broekstra


 

Tine kin it paad net fine

Koarte ienakter
Skreaun troch Froukje Popma
Spilers: Afke Moufakkir en Froukje Popma
Souffleur: Douwe Rodenhuis
Regie: Pieter Renia

Koarte ynhâld:
Nora hat in geheim ôfspraakje mei har “oanbidder” yn’e sportskoalle De Stive Spier.
Se tinkt dat se dêr ûnbehindere in oerke mei har frijer trochbringe kin, mar dat hat se mis. Se wurdt steurd troch Tine, in âldere, wat ûnnoazele frou, dy’t op’e hometrainer neiTerkaple wol.
Dêr wennet har suster nammentlik, dy’t krekt ferhuze is.Tine hat noch noait yn Terkaple west en totaal gjin gefoel foar rjochting, dus wol se de reisdêrhinne earst op’e hometrainer meitsje, mei help fan Jap, in navigaasjesysteem.
Se nimt de oanwizings fan Jap wol hiel serieus en Nora ergeret har blauw. Healwei de reis kriget Tine rûzje mei Jap en dat giet net sûnder geweld. Nora, bliid datTine einlik opkrasse sil, bellet har freon, mar dy lit it ôfwitte.Nora giet woast ôf, mar komt even letter werom mei in boadskip foarTine...

Besjoch in filmke op Reduzumonline

 

 

 

 

 

 

 


 

 

It doek giet op foar moard

In skriller yn trije bedriuwen 
Skreaun troch Bettine Manktelow
Fryske oersetting fan Tineke Hoekstra

In ploech toanielspilers binne oan it repetearjen yn in lyts theater op it ein fan in pier. Fons, de regisseur, is troud mei Josė , dy’t in ferhâlding hat mei Hugo, ien fan de spilers fan it stik. Katja, de freondinne fan Hugo, hat har fermoedens en giet stikem nei it theater. Sa komt sy der achter dat har fermoedens wier binne en komt se Hugo en Josė oer it mad. De gefolgen binne dramatysk. Mar der barre noch mear frjemde dingen tidens de repetysje. Sandra, in jonge toanielspylster, falt troch it lûk fan de toanielkelder en ferûngelokket. Mieke, in wat âldere frou, drinkt cognac út in fleske, dêr’t Fons earder in slok út nommen hat en falt dea del. De iene moard folget op de oare en úteinlik binne Hugo en Josė noch allinnich oer. Wachtet harren itselde lot as de oare toanielspilers. Of binne de dingen dochs oars as se lykje?


Spilers: Alle-Jan Wijnstra,Marjan Rodenhuis, Klaasje Tigchelaar, Yfke Terpstra, Lieuwe Tilma, Klaas de Boer, Klaske Tigchelaar, Froukje Popma

Rezjy :Monte Huizinga
Ynstekster:Anita Terpstra
Lûd/ljocht: Jouke Hallema
Schmink:Marjan de Jager/ Marjan Rodenhuis
Dekor:Ale de Jager/Wiebe de Boer


 

It Orakel

Koarte ienakter
Skreaun troch Froukje Popma
Spilers: Gerda de Boer en Froukje Popma
Regie: Pieter Renia
Ynstekster: Nynke Brinksma

Koarte ynhâld:
Janna de Boer hat in probleem. Jierren ferlyn hat se fan har tante Etsje jild “liend”, wylst har tante dat sels net wist. Janna hie it jild nammentlik gewoan út tante har tas pakt, mei it doel it letter werom te beteljen. Mar tante Etsje, dy’t in grutte priis yn’e postcodelotterij wûn hie, wie nei it bûtenlân ôfreizje. Janna en har âlders krigen kaarten fan har út alle wrâlddielen, mar ha no al yn twa jier neat fan tante Etsje heard. Janna kin dus har skuld net ôfbetelje en dat sit har danich dwers. Se siket help by Madame Estella, in wiersister.
Madame Estella besiket kontakt te krijen mei it “oarakel”, in sprekkende glêzen bol.
Dat slagget net goed, it oarakel sprekt wartaal en Janna fielt har slim bedondere.
Temear omdat bliken docht dat Madame Estella en tante Etsje ien en deselde binne...

Polly Perkins

Jûnfoljend stik
Skreaun troch Murry Douglas
Oerset troch Willem de Vries
Spilers: Marjan de Jager, Nynke Brinksma, Adriana von Bannisseht, Catrinus Bouma, Lieuwe Tilma, Marjanne Rinsma en Sjouke v.d.Ley.
Regie: Romke de Leeuw
Ynstekster: Anita Terpstra

Koarte ynhâld:
Titia Joustra is in jonge widdo dy’t op reis in âldere man moete hat, dy’t fereale op har waard. De leafde kaam lykwols fan ien kant. It stik begjint as dy âldere man krekt stoarn is. Titia kriget berjocht dat hy syn fermogen fermakke hat oan Fred, in omkesizzer fan him. Dy Fred kin oer it fermogen beskikke op betingst dat hy mei Titia trout. As Fred op ôfspraak by Titia op besite komt, is dy net thús. Der wurdt Fred meidield dat Titia ûnferwachts nei in sike freondinne moast. Se hat in bryfke achterlitten en noeget Fred dêr yn   út salang mar by har te útfanh ú zjen. Mar Titia is wól thús, se hat har as tsjinstfamke ferklaaid om Fred sa neutraal mooglik te observearjen. Fansels lizze Fred en it tsjinstfamke it meielkoar oan, dat leit foar de hân, netwier.