Dorpssite Reduzum / Friens

Hinne as werom

Reduzum 18 september - Op dizze moaie, droege hjerstmiddei stapten in soad fleurige minsken oan board fan de Anguilla fan ielfisker Ale de Jager. Swin.swette naam dizze middei har namme wol hiel letterlik. Se organisearren in fartocht oer it Swin nei de Swette, hinne as werom. Mei oan board sjonger Doede Veeman. Mei syn sankjes oer Bart-Jan, omke Wopke syn begraffenis en de frustraasjebloes waard it in gesellige fartocht. By de Swette stie in terraske klear mei foar elk in lekker gleske drinken en in hapke rikke iel. Hjir gong de earste groep passagiers al kuierend nei Reduzum, en koene de nije gasten oan board foar fartocht mei Doede Veeman werom nei Reduzum.