Dorpssite Reduzum / Friens

Earste ljipaaien

Jan Posthumus fûn 12 maart 2008 it earste ljipaai fan de gemeente Boarnsterhim. Op syn jierdei, 13 maart, koe er it oan boargemaster Schadd oanbiede. Guus Terpstra, dy't yn itselde lân oan it sykjen wie, hat it twadde ljipaai fan Reduzum fûn. Om't Jan Posthumus it earste ei oan de boargemaster oerlange hie, koe Guus it oan Jeroen van Dijk oanbiede. Sa as de tradysje it foarskriuwt, wurdt dit aaike oanbean oan de pleatselike kafé-eigner.
13 maart, moarns efkes foar tsien oere, fûn Hylke Hylkema it earste ljipaai fan Littenseradiel. Middeis mocht hy it aaike oan boargemaster Johanneke Liemburg oanbiede. As belening krige er € 15 en in oarkonde.
Yn neifolging fan Jan Posthumus en Hylke Hylkema fûn Marco Zijlstra 13 maart ûnder Wytgaard it earste ljipaai fan Ljouwert. In dei letter gong er ûnder begelieding fan de brânwacht by syn baas, boargemaster Fred Crone, op besite.