Dorpssite Reduzum / Friens

Earste ljipaai foar Ljouwert

18 maart 2010 – Fannemiddei hat Hylke Hylkema it earste ljipaai fan de gemeente Ljouwert oan boargemaster Crone oerlange. Hylkema fűn it aai juster yn de greide tusken Wytgaard en de Swette. Om't it earste ljipaai fan Ljouwert (16-03) ek it earste fan Fryslân wie, waard dit twadde aai it earste offisjele fan Ljouwert. Hylkema krige foar syn aai in jildbedrach en in oarkonde.

De útstjoering fan Mercuriusrtv (item komt nei 8 min 20)