Dorpssite Reduzum / Friens

Pjuttenijs april

Tongersdei  5 april ha wy op it pjutteboartersplak peaske fierd.
Doe’t de bern op skoalle kamen, mochten se fansels earst efkes boartsje, op de moters of op de fytskes ride  of lekker iten sierde en kofje drinke  yn de poppehoek.

Dernei binne we yn de kring sitten gong, earst sjen as eltsenien der wie en dêrnei mei-elkoar in ferske sjonge en dat ferske, dat giet sa.

 

Rode stippen op een ei

en een mooie strik er bij,

‘k heb een ei voor jou en een ei voor mij,

Welke kleur kies jij?

 

We hienen midden yn de kring in hiel grut aai lizzen, en de bern hienen allegear gekleurde rûntsjes

fan my krigen.  Om de beurt mochten de bern in kleur útsykje en dan waarden alle stippen fan de selde kleur op it aai lein.

 

We wienen noch net iens klear mei it ferske doe’t der op ús rút kloppe waard.

We mochten nei de basisskoalle ta. Dêr wie boppe foar ús in poppekast foarstelling foarbereid.

It ferhaal gong oer de peaskehazze, dy’t syn aaikes kwyt wie.

In pykje hie de aaikes fûn mar it kuorke mei aaikes wie foar him fiersten te swier.

Hy soe der tsjillen ûnder meitsje en sa it kuorke nei de peaskehazze werom bringe, mar doe’t it pykje wer werom kaam, wiene de aaikes fuort. Chocootje de bear hie de aaikes al fûn en woe se allegear sels op ite, Chocootje wie gek op sûkelade en woe der sop en stamppot fan meitsje.

De bern ha de peaskehazze en pykje holpen om de sûkelade-aaikes wer werom te krijen.

En omdat we sa goed holpen hienen krigen we allegear in peasaaike fan de peaskehazze.

 

Nei de prachtige foarstelling binne we wer nei ús eigen pjutteboartersplak gongen, wêr’t we wat drinken en in koekje krigen.

Doe’t we lekker oan it iten en drinken wienen, kaam der ynienen in echte peaskehazze de klas yn.

Dy fertelde dat juster har suske op de grutte skoalle west hie en doe alle peasaaikes kwyt rekke wie.

 

Se woe ús freegje as we har helpe woenen alle aaien wer op te sykjen.

Dat woenen wy fansels wol en doe’t alle bekers leech wienen en alle koekjes op, ha we gau de jas oan dien en binne we mei de peaskehazze nei bûten gong.

De bern koenen hiel goed sykje, der wienen bern dy’t wol 6 aaien yn ien kear by de peaskehazze yn de koer brochten.

Doe’t de koer fol wie, er der gjin aai mear te finen wie, fertelde de peaskehazze dat we de aaikes hâlde mochten. Dat wie fansels geweldich en we ha de aaikes earlik ferdield oer alle bern.

Doe’t we de peaskehazze út swaaid hienen, ha we noch efkes bûten boarte en doe binne we mei in kuorke mei aaikes wer nei ús heit of mem gongen om it wykein thús peaske te fieren.

 

It wie in prachtige moarn en ik wol noch efkes tank sizze oan eltsenien dy’t mei holpen hat om der san moaie moarn fan te meitsjen.

 

No noch efkes in oprop oan âlders fan bern dy’ (hast) 1 ½ binne of al âlder, en harren bern graach nei it pjutteboartersplak ha wolle.  Jou se asjeblyft sa gau mooglik op. Dit kin op de website www.sisa.nu   De groep sit op it momint fol mar dan kinne we sjen hoefolle bern  der  noch oan komme.

 

Oant de oare kear,

Hettie

Pjuttenijs febrewaris

Al wer hast in moanne foarby en ek noch wol sa’n moaie wintermoanne.

Op it pjutteboartersplak ha we dan ek drok oan it wurk west oer de winter.

We ha in fûgeltsje makke, dizze kear ha we oan it fervjen west mei wetterferve.

Pjuttenijs desimber 2011

De lêste moanne fan it jier is elts jier wer in feestmoanne. En dat is dit jier fansels net oars.

De foarige kear ha ik jim al ferteld fan de mûtse en de skuontsjes dy’t we makke hienen foar Sinteklaas en mei de oankomst fan Sinteklaas ha jim fêst de bern wol rinnen sjoen mei harren moaie mutsen op. Op de website fan Reduzum ha jim ek sjen kinnen wat we mei de skuontsjes dien ha. Dy skuon ha we fansels foar de kachel setten en de in ferske by songen.

Doe’t we de oare deis wer op skoalle kamen wienen de skuon fuort, mar de pjutten kinne hiel goed sykje en we fûnen se allegear wer werom, Swarte Pyt hie de skuon ferstoppe en der ek noch wat lekkers foar ús yn dien.

 

We ha it fansles net allinnich by de mûtse en skuon litten, we ha noch in Swarte Pyt en in Sinteklaas makke en ek noch in stoomboat. De ruten wienen dus aardich fol op 5 desimber en dat wie mar goed ek want 5 desimber kaam Sinteklaas mei syn Piten by ús op skoalle.

Moarns om healwei tsienen kamen de bern mei harren âlders nei skoalle ta. Doe’t eltsenien der wie, binne we nei de gymnastykseal gong. Dêr koene de bern in pitediploma fertsjinje. Se mochten op it dak klimme, pakjes ynpakke, kopketommelje, troch de skoarstien krûpe, pakjes yn de skoarstien goaie en in hiele grutte toer fan pakjes bouwe. De bern ha prachtich oan it boartsjen west yn de gymseal.  Om healwei alven wie der foar de bern ranja mei pipernuten en foar de âlders kofje as tee. En doe ynienen waard der hurd op de doar kloppe en wa kaam der binnen? Sinteklaas!!

De bern ha Sinteklaas sjen litten hoe goed se gymnastykje kinne en we ha ek noch ferskes foar Sinteklaas en syn Piten songen. Sommige bern ha Sinteklaas in hantsje jûn, of sels by Sinteklaas as Swarte Pyt op skoat sitten. En doe kamen de piten ek noch mei prachtige kado’s te foarskyn. Foar it pjutteboartersplak wie der in prachtige rede moter, en foar alle bern in prachtige koksskelk mei in set snien fruit. Doe’t alle kado’s útdielt en útpakt wiene moast Sinteklaas der al wer fantroch, hij moast fansels noch nei mear berntsjes ta.

It wie in tige slagge moarn.

 

Doe’t de bern de oare deis wer op skoalle kamen wie der fan Sinteklaas neat mear werom te finen, de Sinteklaastafel wie feroare yn in krystdoarp  mei in kryststâl.

Mei-elkoar ha we doe de krystbeam yn de klasse setten en dernei mei-elkoar de beam fersierd.

 

En doe wie it ynienen kryst op it pjutteboartersplak. We ha ek al drok oan it nifeljen west.

We ha stjerren foar yn de krystbeam makke en we ha ek ingeltsjes en fallende stjerren makke.

Ôfrûne tongersdei hienen we it wol hiel drok, we soenen allinnich in fallende stjer  meitsje mar doe kaam Sale mei beppe op skoalle en dy hie nijs. Syn mem lei yn it sikehûs, se wie net siik mar hie in baby krigen en Sale hie dus in suske krigen. Janne Marij, en dâr moasten we fansels ek wat foar meitsje. We ha in grutte bernewein makke, mei derop fan alle bern in hân ôfdruk. Sale, Rein, Janet en Erik fan herte lokwinske mei de berte fan jim suske en dochter.

 

Kommende tongersdei ha we ús krystontbijt, we beginne om 8:30 en sille mei-elkoar lekker

ite. Dêrnei is it krystfakânsje en  dan begjinne we 9 jannewaris wer oan in nei jier op it pjutteboartersplak.

 

Eltsenien noflike krystdagen en in sûn 2012 tawinske.

 

Hettie

 

Pjuttenijs

Septimber 2011

 

De simmerfakânsje is wer foarby en we binne al wer in pear wike nei skoalle ta.

Foar mij hie de fakânsje lang genôch duorre, 6 wiken fakânsje en der foar noch 7 wiken 

opknappe nei myn operaasje (eltsenien noch betanke foar alle tekeningen en kaartsjes) . Gelokkich hie ik de bern noch wol efkes sjoen mei it skoalreiske en it ôfskiet fan juf Gerbrich en juf Fetje.

 

It skoalreiske wie op woansdei 20 july, we binne mei alle bern, âlders en juffen nei Balorig in it Hearrenfean west. De bern ha har dr prachtich fermakke mei de ballen, klimrekken en glidersbanen. Foar de bern wie der ek noch limonade en sjips en foar de âlders in lekker bakje kofje.

Doe’t de bern út boarte wienen binne wer werom gong nei it pjutteboartersplak om mei-elkoar ôfskie te nimmen fan juf Gerbrich en juf Fetje. De pjutten hienen thús in stik karton prachtich opkleure, ferve, beplakt mei fan alles en noch wat, en wij, de aktiviteiten kommisje en de oare beide juffen ha der in prachtich flinter skilderij fan makke.

De bern mochten dit moaie kado oanbiede oan juf Gerbrich en juf Fetje en der wie foar elk ek noch in bon by, wêr’t se lekker mei út iten koenen.

 

No nei de fakânsje moatte we it sûnder juf Gerbrich en juf Fetje dwaan, we sille se wol misse en foar inkele bern is wol efkes wennen, in oare dei en oare juffen, mar no’t we in pear wike fierder binne giet it al tige best.

De earste kear nei de fakânsje wie op merke moandei, en omdat de pjutten noch net mei dogge mei de spultsjes op it sportfjild hienen wy moandei te moarn ús eigen spultsjesmoarn.

We hienen de bern yn trije groepkes ferdield, de eintsjes, de barchjes en de fiskjes.

We hawwe earst oan it blik goaien west, de blikken en de ballen fleagen troch de hiele klasse.

Nei it blik goaien gau de jas oan en nei bûten ta, want de optocht foar it matinee kaam lâns skoalle en dy moasten we fansels wol efkes sjen.

Der binne ferskate âlders lâns kaam yn de prachtichste kreaasjes. Inkele bern werkenden harren eigen heit as mem, mar der wienen ek âlders by dy’t net te werkennen wienen.

Nei de optocht wer werom nei skoalle wêr’t we fierder gongen mei ús spultsje moarn.

 

De bern mochten op leppels snoepkes nei in bakje bringe, ûnderweis moast de leppel goed rjocht bliuwe, oars leinen de snoepkes op de grûn. It moaiste fan dit spultsje wie dat se, doe’t it spultsje ôfrûn wie, de snoepkes op ite mochten.

 

Nei it fruit iten en it drinken ha we ek bûten noch in spultsje dien. Mei bekerkes wetter fan de iene nei de oare amer bringe. Ek dit fûnen de bern fansels fantastysk, lekker mei wetter grieme. Foar’t wy it wisten wie de moarn al wer foarby en gongen de bern wer nei hús ta.

 

De tongersdei nei de merke binne we begûn mei it tema Bisten.

It earste bist dat we makke ha wie in hûn, in tekkel.

Nei dat we earst it Dick Bruna ferhaaltsje fan Snuffie lêzen hienen, ha we in keukenrol, poatsjes, in kopke en twa grutte lang earen brún ferve. Fan al dizze brún ferve stikken ha Tineke en ik letter in prachtige tekkel foar de bern makke.

 

De moandeis derop ha we in lapkes kat makke. Op in oranje kat mochten de bern allegear ferskate lapkes plakke. En by dizze kat paste fansels in moai ferhaaltsje fan Dikkie Dick.

Dizze dei wienen der ek noch twa berntsjes foar it earst op it pjutteboartersplak, Romke en Hannah. Se hienen it gau by ús nei it sin en ha fansels ek sa’n moaie lapkeskat makke.

 

 

Tongersdei 15 septimber stie yn it teken fan knyntsjes. It ferhaaltsje fan Tomke en Yana Yu

dat ôfrûne wike in de Fryslân krante stie paste der krekt by.

Yana Yu hie in moai wyt knyntsje krigen, mar it knyntsje wie útnaaid en hie him ferstoppe.

Nei lang sykjen fûnen se it knyntsje gelokkich wer in de fytstas fan Kornelia.

 

 

We ha ek in ferske oer in knyntje songen en dat giet sa

 

In knyn, mienemien, mienemien, mienemien, mienemien

Hat twa hiele lange earen en in tige kreaze sturt,

En ik soe sa hiel graach wolle dat ik rinne koe sa hurd

In knyn, mienemien, mienemien, mienemien, mienemien.

 

Nei it sjongen fan dit ferske ha we fansels ek in knyntsje makke.

Op in wyt papieren knyntsje ha de bern allegear wite watsjes plakt.

Dit wie wol wat in dreech wurkje, de watsjes bleaunen oeral oan plakken en gelokkich úteinlik ek op it knyntsje.

 

De moandei der op ha we in fiskkom mei in goudfisk makke, de bern ha mei blauwe ferve in fiskkom ferve en mei oranje in goud fisk. Jim snappe fansels wol dat it no in fleurige bisteboel is op it pjutteboartersplak.

 

We ha fan de fisk ek noch twa ferskes songen en dy geane sa.

 

            Fiskje, fiskje yn it wetter haststo net in hûs,

            Fûgels bouwe moaie nestkes, yn in holtsje krûpt in mûs.

            Mar de fiskjes hawwe neat, dy swimme altyd yn de feart.

 

            Fiskje, fiskje, yn it wetter.

            Fiskje, fiskje yn de kom.

            Fiskje, fiskje kin net prate.

            Fiskje, fiskje draai dy’s om.

 

By dizze ferskes hearre ek allegear bewegingen en as jim thús it ferske sjonge dan litte de bern fêst wol sjen hokker bewegingen wy der altyd by dogge.

 

We bliuwe noch efkes by de bisten en gean letter fansels oer nei de hjerst.

Hoefier we oare moanne binne lit ik jim de oare kear wol witte.

 

Hettie