Dorpssite Reduzum / Friens

Pjuttenijs jannewaris

 

It âlde jier is wer foarby en it nije jier, 2012, is al wer in pear wiken oan de gong. Oeral koene je hinne foar in nijjiersboarrel en dit jier ek , foar it earst, op ús pjutteboartersplak.

Moandei 9 jannewaris wie it sa fier. De bern kamen moarns om njoggen oere op skoalle. Nei dat se in skoftsje boarte hienen moasten we fansels earst sjen of elkenien der wol wie. Dêrnei mocht elk fertelle of hja ek fjoerwurk sjoen hie, der kamen moaie ferhalen oer stjerkes ôfstekke, knallers fan heit, mei pake nei it fjoerwurk sjen en noch folle mear. 

 

Nei dat de bern allegear wat ferteld hienen wie it tiid om de hapkes foar de nijjiersboarrel klear te meitsjen. Moarns hienen Tineke en ik al wat foarwurk dien, we hienen tsiis, komkommer en woarst snien en wat drúfkes wosken. De bern mochten no fan al dy lekkere dingen eltse kear twa op in stokje prikke.

 

Je koene goed sjen dat inkele bern net fan komkommer as drúfkes hâlde en der kaam dan ek allinnich tsiis en woarst op in stokje. De stokjes leinen we dan op in grutte skaal. Tineke en ik hienen dy dei gelokkich twa ekstra helpjuffen, Maaike, de mem fan Esther en Nynke de dochter fan juf Tineke. Dit wie sa no en dan ek wol nedich want der wienen bern dy’t, as se in stokje klear hienen, de tsiis of woarst der fuort wer ôf iten.

 

Gelokkich hienen we genôch en koe it wol wat leie. Nei dat alle tsiis, woarst, komkommer en drúfkes op wienen mochten de bern noch efkes boartsje en setten wy de tafel mei drinken en hapkes klear.

 

Om healwei alven kamen de earste heiten en memmen nei it pjutteboartersplak ta, mar der wienen ek pakes en beppes, dy’t mei ús it nije jier fieren gongen. Foar eltsenien wie der in gleske appelsop, druvesop as sinasappelsop en foar de bern wie der limonade.

De bern wienen net by de tafel wei te slaan want dêr stiene de lekkere hapkes en chips fansels op. De bern ha der hearlik fan iten en de âlders ha ek wol wat hân, mar dy hienen it ek drok mei praten mei-elkoar. Neffens my fûn elkenien it wol hiel gesellich om sa mei elkoar it nije jier te begjinnen en kin it takommend jier wol wer.