Pjuttenijs november 2011
Pjuttenijs
De foarige kear ha ik ferteld oer de bisten wêr’t we op it pjutteplak mei oan it wurk wienen. We ha dêr nei noch twa bisten makke en dat wiene in iikhoarntsje en in papegaai. De bisten ha in skoft op de ruten of yn de beam hongen en de iikhoarntsjes yn de finsterbank stien. Doe’t de iikhoarntsjes mei nei hûs gongen, fûn ik letter noch in iikhoarnkopke yn de boskjes bij it pjutteplak, lokkich hat dat kopke syn bealchje wer fûn.
Nei it bistespul moasten we mei ús lampion oan de gong want Sint-Marten kaam der al gau wer oan. Dit jier ha we in Ernie makke. Jim ha se fêst wol sjoen op 11 novimber. De bern ha earst de eagen, de mûle en de noas fan Ernie prikt, prikke is bêst wol in dreech wurkje mar de bern dienen it super goed. Dêrnei mochten se Ernie oan alle kanten oranje fervje. Dit gong ek wer prima.
Dêrnei wie it de taak oan Tineke en my om de lampions yn elkoar te setten. De hiele wike wienen we ferskes oan it oefenjen en de lêste twa dagen mochten de bern ien foar ien en inkele bern mei harren twaen mei juf Tineke nei de gong. Se mochten dan op de doar klopje en dan yn de rûnte in ferske sjonge. Der wienen dan fansels ek wat snoepkes en nei it sjongen waard der dan lekker snobbe. 10 novimber mochten de lampions mei nei hûs. Wat wiene de bern grutsk op harren lampion. Iris sei in pear kear “ik ha thús wol in ljochtsje mar noch net in Ernie” en wat wie se bliid doe’t se dan doch einliks har Ernie mei nei hûs nimme mocht.
11 novimber kamen de bern mei harren âlders jûns nei it pjutteboartersplak, nei dat we earst de ferskes noch efkes oefene hienen gongen we nei bûten ta. It waar wie stikken better as foarich jier, doe ha we omdat it sa stoarme yn de gymnastykseal ús rûntsje rûn. Mar no koene we gelokkich nei bûten. It wie wol kâld mar mei de wanten oan en de mûtse op wie it wol te dwaan. We ha bij 6 hûzen oanbelle en ús ferske hearre litten en oeral krigen we pûdsjes mei lekkers yn ús koer. Doe’t we wer werom wienen op it pjutteboartersplak, ha we alle pûdsjes ferdield. Der siet in lekker mandaryn, wat snoepkes en in stuiterbal yn.
No, nei Sint-Marten, stiet it folgjende feest al wer foar de doar en we binne dan ek al drok foar Sinteklaas oan it wurk. As earste ha we in mûtse makke want dy moat op as Sinteklaas yn Reduzum oan komt. Dit jier ha de pjutten allegear in kadootsje mei in strik op de holle. Se ha dit kadootsje prachtich ferve, elk kadootsje hat in oare kleur want de bern mochten sels de kleur fan de ferve útsykje. Nei de mûtse ha we in skoech makke, de bern mochten no ek wer sels de kleur fan de skoech útsykje en dernei beplakke mei rûntsjes en blomkes, it binne fleurige skuontsjes wurden.
Wat we fjirder noch allegear meitsje sille en hoe gesellich it wurdt as Sinteklaas by ús op it pjutteboartersplak komt ,dat hearre jim de oare kear wol wer.
Oant de oare kear, Hettie |
|
terug