Ut te fytsenFytsfroulju fan de NBvP/Vrouwen van Nu. Al rom 20 jier organisearje wy foar sportive froulju yn de simmermoannen wer fytstochtsjes. Ek dit jier kin elts wa’t hjir nocht oan hat, wer mei ús út fytsen. Soms ticht by hûs, in oare kear wat fierder fuort. Dan sette wy earst de fytsen efter op it fytsrek om ek ris yn in oare omjouwing de fytspaadsjes út te prebearjen. De earste kear dat wy wer mei elkoar fuort kinne is op 4 april o.s. Wy starte altyd by v.Dijk.
2/5, sette wy de fytsen earst efterop de auto’s om 13.00 oere ride wy fuort. 6/6, ek dizze kear earst mei de auto, no om 12.30 oere fuort. 4/7, bliuwe wy wat tichter by hûs, fuort om 13.00 oere . 11/8, de hiele dei der op út, 9.00 oere fuort mei auto's by v.Dijk. Sels kofje en broadsje meinimme foar de hiele dei. Wa't mei wol graach witte litte oan Ymkje, 058-2551117, Tsjeppie 601139 as Tjitske 601819. Nij dit jier; ek yn septimber as it waar it talit kin wy noch in kear fuort, en wol op 12/9 middeis om 13.00 oere .
Sjoch dus alle kearen efkes nei dit skema hoe let wy krekt fuort geane.
Graach oan ’t sjen, IJmkje v.d.Sluis, til. 058-2551117 Tsjeppie Hylkema, til 0566-601139 Tjitske Spijkstra, til 0566-601819
|
|
terug