Mei de fyts derop útFytsklup Vrouwen van Nu/NBvP. Reduzum e.o.
Ek dit jier hat dit klupke fan sportive froulju wer in pear kear yn it simmerskoft út te fytsen west. De iene kear ticht by hûs in oare kear wat fierder fuort.
4.4. De earste kear dat wy der nei de winter wer op út gongen, giene der 13 froulju mei.It Swette-paad del nei Weidum en Jellum en binnentroch, troch de 7 klapstekjes nei Blessum, Deinum en Ritsumasyl om sa lâns de Harnser trekwei yn Ljouwert by it FEC út te kommen. Dwers troch de stêd , de rûnwei del nei de nije tunnel ûnder it Oostergooplein troch nei de Campanila foar in bakje kofje Ymkje traktearre ús op wat lekkers, om’t sy dit jier ek wer mei kin te fytsen. Oer Goutum, it Loo en Wurdum wer op hûs oan. Mei 35 kilometer op’e teller in moaie start fan it seizoen.
2.5. Fan út Hurdegaryp oer Ryptsjerk en de Mûnein op’e kop yn’e wyn nei Burdaard. Yn’e lijte by de brêge op it terras oan de Ie foel de kofje der dus lekker yn. In pear froulju hiene de wanten oan doe’t wy fierder fytsten oer Wyns nei de tegeltsje-brêge. Mei de wyn yn’e rêch oer Gytsjerk werom nei Hurdegaryp wêr de fytsen wer op’e auto’s koene.
6.6. Fanwege de rein dy’t Piet Paulusma ús foarsei, giene wij dizze middei mar net fuort.
4.7. Mei 14 froulju oer it Frienzer binnepaad nei Grou, Burstum en Nes. In slach troch it útwreidings- plan Boarnstee en doe oer de brêge nei Sorremorre. Dêr stienen wy efkes stil by de tinkstien dy’t hjir oanbrocht is foar de omkommen bemanning fan in fleantúch ut de 2e wrâldoarloch. Fierder gie it oer Goingahúzen nei de pont oer de Wide Ie. Kofje dronken op’e Headammen en oer de Warren en de Burd wer op hûs oan. It wie noflik fytsen, want wy hiene de hiele middei de romste wyn.( 45 km.)
17.8. Op dizze dei giene wy wer de hiele dei der op út. Earst mei de auto nei Appelskea. De dei wie in wike útsteld om it minne waar; in goed beslút want dizze dei wie it prachtich fytswaar. Wy ha de oarspronklike route wat oanpast om net yn de drokte fan de Appelskeaster fyts 4-daagse te bedarjen. Dizze kear net troch de bosken bij Appelskea, mar oer it Fochteloöer Fean. It wie de oare deis wakker yn it nijs, om’t der seldsume Slange Arenden sjoen wiene. Wy ha se ek sjoen kompleet mei fûgelspotters. Dêrnei nei Feanhúzen, Westervelde en Een. By Haulerwyk troch it Blauwe Bosk, oer de eardere “vuilstort”fan de Weperpolder nei Fochteloo en sa wer nei it Besiker-sintrum by Appelskea wêr wy de fytsen wer op’e auto’s setten. Op it terras koene wy noch efkes neiprate oer de prachtige ôfwikseljende tocht fan san 53 kilometer, oer moaie fytspaden.
10.9. Gean wy wol fuort of bliuwe wy thús; dat wie de fraach dy’t 5 froulju harren stelden doe’t sy om 1 oere byelkoar kamen by it café fan v.Dijk. It waaide hurd, wynkrêft 7 en ek net alhiel droech. Piet koe der ek net folle oars fan meitsje yn dizze wiete simmer fan 2011. Wy woene it der dochs mar op weagje, mar ris sjen hoe fier wy kamen. Oer de Hegedyk nei Raard, wêr wy Rjimkje ek noch mei krigen. Troch de Lege Geaen joegen de beammen oan de kant fan’e dyk noch wat beskutting. Op Tersoalstersyl kamen wy foar de tichte doar, dus mar fierder lâns it kanaal nei Jirnsum. Yn de eardere Fermanje fan Jirnsum siet it droech en waarm. Alice Jongbloed sette gau in bakje kofje en fertelde hoe’t sy 5 jier ferlyn begûn wie mei de restauraasje fan dit lytse tsjerkje. Sa sletten wy dit fyts-seizoen tige gesellich of.
Yn 2012 geane wy der grif wer op út, wolle jo ek ris mei hâld dan de Linepraat takommende maitiid yn’e gaten foar de datums.
Fysklub 20 jierFytsklup NBvP/Vrouwen van Nu 20 jier. Op 6 april starten wy mei 12 froulju. Oer Idaerd en troch it Leechlân nei Grou, it haadplak fan no noch Boarnsterhim, efkes by de nij oanleine haven lâns oan’e Pikmar en in slach troch it doarp om sa ûnder it akwadukt fan it PM kanaal troch, de Leppedyk nei Akkrum te nimmen. Hjir gie it oer de v.Sminiadyk en de âld strjitwei wer werom nei Akkrum. By Goerres op it terras oan it wetter lieten wy ús de kofje mei wat lekkers der by goed smeitsje en sa setten wy oer Jirnsum en it Frienzer binnenpaad wer op nei hûs ta. Mei 39 kilometer op’e teller wienen wy dizze earste kear wol tefreden. 4 maai Wy giene dizze kear earst mei de auto nei de Jouwer en stapten by it Party Sintrum it Haske op’e fyts. Troch Broek Noord by de Swettepoel del nei it nije pontsje oer de Noorder Oudeweg en sa by de sylskoalle del yn de Bloksleat polder. Ûnder de autodyk Snits- de Jouwer troch rjochting Langwar. Wy komme by de Skarster Rien út en fytse hjir by lâns oan’e Tsjûkemar ta. Efkes sitte oan’e mar by Paviljoen Reahel en dan wer fierder nei Sint Jehannesgea. Dernei namen wy it moaie fytspaad nei it Nannewiid. By Haskerhoarne stutsen wy wer oer de grutte dyk nei it Fean om sa wer by de auto’s út tekommen. 40 kilometer. 8 juny Op dizze moaie simmerdei mei hast gjin wyn, gie it mei 8 froulju oer Wurdum nei Ljouwert. Dwers troch de stêd namen wy it fytspaad lâns de Dokkumer Ie oan ’t Tichelwurk ta om hjir ôf te slaan rjochting Stiens. Op Donia State hie Wieke v.Dellen mei har kliïnten samar de kofje en de tee foar ús klear. Wat siet it dêr noflik yn’t sintsje, mar nei 3 kertier moasten wy wol wer fierder fansels. Oer Jelsum wer nei Ljouwert en sa oer Barrahûs wer op hûs oan. 46 kilometer. 6 july Mei 4 auto’s en 8 froulju nei Ysbrechtum en fan dêr út nei Blauhús, Greonterp en hjir troch de griene greiden nei Parregea. Lâns de Trekwei nei Nijhúzum om dêr oer it fytspaad lâns De Brekken yn Aldegea út te kommen. It waaide dat it rikke dizze middei, mar wy hienen lokkich de hinnereis it measte yn’e wyn. Ut’e wyn en yn’e lijte koenen wy noflik bekomme yn Aldegea. Mei de wyn yn’e rêch gie it no lâns it spoar nei Drylts, Easthim en Folsgeare werom nei Ysbrechtum. 42 kilometer. 12 augustus Sa as wy wend binne is de ôfslúting fan it fytsseizoen altyd in hiele fytsdei. Dizze kear gjin geregel mei auto’s, nee wy giene út Reduzum wei, oer Tsjaard en Hikkemiede nei Wergea. Stutsen efkes by de nije brêgewachters fan de Palma Brêge oan, en lieten ús foarljochtsje oer it betsjinjen fan 3 brêgen op ôfstân. Nei dit opûnthâld gie it nei de Jachthaven fan Warten, wêr wy yn 2 kear mei it sinnepontsje “de Oerhaal”oer it Pr.Margrietkanaal oersetten waarden. Sa betearde it dat de iene helte fan de 14 froulju yn Warten en de oare helte healwei Earnewâld oan’e kofje siet. By de Headammen wachte de pont “de Grietman”ús al op om ús nei de oare kant oer te setten. Sa bedarren wy mei de wyn yn’rêch al gau fia Boarnburgum en Koartehimmen yn’e bosken fan Olterterp. Dêr yn’e smoute koene wy moai ús stikje bôle opite, wylst de lieding fan de fytsklup in blomke en in attinsje oanbean krigen. In hiel aardich gebaar fan de leden om op dizze manier efkes stil te stean by dizze jubileum fytsdei. De lieding seach ûnderwilens ris op it horloazje en de kilometerteller en besleat om de rûte noch mei in lyts luske troch de bosken út te wreidzjen, sadat wy om goed 3 oere oan’e kofje sieten op it terras fan it Wite Hûs yn Olterterp. Nei goed 3 kertier waard it no dôchs wol tiid om wer oan’e weromreis te begjinnen. Dy gie troch de nijbou wiken it Himsterhout en de Drait fan Drachten noch altyd foar de wyn. Mar doe’t wy oer de Hege Warren en de Burd fytsten die pas bliken dat it gebeurd wie mei it fytsen mei de wyn yn’ e rêch, it wie bealgjen hjir op’e romte yn’e wyn op. Oer Grou en Jirnsum moast der oantrape wurde om noch op’e tiid by de Blauwe Tinte oan te kommen. Dêr hienen Egge en Bea in waarm miel foar ús klear stean, dat der tige ynfoel. De mieningen wienen wat ferdield oer de kilometers dy’t wy dizze dei makke hiene, mar as it no 75 as 85 wienen, seker wie wol dat dit de langste deitocht wie yn ús 20 jierrich bestean. Tenei dôchs mar wer earst in stikje mei de fytsen efterop de auto’s ???????? Takom jier mar wer ris sjen wêr wy hinne sille te fytsen. |
|