Dorpssite Reduzum / Friens

Nijsbrief Vrouwen van Nu

Ofd. Reduzum, Idaerd, Eagum, Friens en Wytgaard

 


Marianne Kemmere
It Pypke 8

9008 RA Reduzum
Telefoon: 0566-623822
email: mb_kemmere@hotmail.com


 

Nijsbrief jannewaris 2012

 

Wy noegje jim fan herte út foar ús jiergearkomste

op woansdei 18 jannewaris o.s.

om 19.45 oere

yn it Lokaal yn Reduzum

 

wurklist:

1.         Iepening

2.         Ynkommen stikken en meidielings

3.         Jierferslach 2011

4.         Jierferslach ponghâldster

            Beneaming lid en reservelid kaskommisje. Oftredend: Afke van Gorkum

5.         Bestjoersferkiezing:           ôftredend en net op’e nij te kiezen: Djoeke v.d. Hem

                                                    kandidaat-besjoerslid Anneke Boersma

                                                    ôftredend en op’e nij te kiezen: Tryntsje Hemstra

6.         Omfreegjen

7.         Skoft

Nei it skoft sil Bistedokter Menno Wiersma ús fertelle oer syn wurk

 

Kursussen en workshops en meidielings

·           25 jannewaris kursus Digitaal foto-album meitsje yn it lokaal.

Der kinne noch in pear misken by.

Opjefte by:Tryntsje Hemstra, tel. 0566 601051.

·           Wurkgroep Snits organisearret in ‘Politieke Scholing’ op 23 en 30 jannewaris en 6 febrewaris. Foar mear ynljochtings en opjefte kinne je kontakt opnimme mei: sikretaris Tsjeppy Hijlkema, tel. 0566 601139.

·           8 maart Internationale Vrouwendag yn Trebol yn Harns.

Opjefte foar 6 febrewaris by it bestjoer, kosten € 16,--

·           Yn Tresoar is in tentoanstelling oer de Mennisten. Spesjaal foar Vrouwen van Nu Friesland binne der twa data foar it Anne Zernike Arrangement fêstlein. Dit is op 2 febrewaris en 1 maart fan 13.30 oere oant 17.00 oere.

 

Foar mear nijs oer provinsjale aktiviteiten sjoch op de site: www.vrouwenvannufriesland.nl

 

* Nij bestjoerslid:

   Krekt as ferline jier bestiet it bestjoer ek dit jier mar út fjouwer froulju. Wy sykje fersterking, om meiïnoar ús aktive feriening libben te hâlden. Wa doart de útdaging oan? Wolle jim earst wat mear ynformaasje ha, freegje dan ris ien fan de bestjoersleden. Wy wolle jim graach fertelle, wat we by de ein hawwe!

As we as ôfdieling bestean bliuwe wolle, moat der fansels wol in bestjoer wêze!

 

It bestjoer.