Rûntsje túnDe túnklup fan de Vrouwen van Nu gong op tongersdei 23 juny nei It Heidenskip. It wie in dei mei ôfwikseljend fikse buien en sinneskynwaar. Oankommen by de prachtige romantyske tún fan Lies en Feiko Pijst oan de Heidenskipsterdyk 49 stie de sinne gelokkich heech oan de himel. Der waard dan ek fuortdaliks begûn mei in kuier by de fiver del dêr´t in grutte diversiteit oan te borders sjen wie, ek stiene rûnom de roazen yn folle bloei. De tùn, 3000 kante meter, lei prinshearlike yn it wide lânskip mei yn de fierte it ùtsicht op de wite seiltsjes fan fan de boatsjes op de Fluessen. Gastfrou Lies Pijst hie de kofje en de tee klear stean yn it seishoekige túnhûs dêr´t al gau in pear froulju harren efkes noflik deljoegen op de reiden stuollen. Ek bûten, smûk tusken de roazen, wiene in pear terraskes oanlein. Elk hie alle tiid om yn eigen tempo en op eigen wize te genietsjen fan de bysûndere planten, de fruitbeammen, de ferrassende kombinaasjes oan kleur en de ferrassende `doorkijkjes’.De freonlike wite hûn Sem, ek al in lust foar it each, folge de gasten op de foet. It wie in moaie en gesellige middei yn it doarp It Heidenskip dat sintraal stiet yn it boek De oerpolder fan Hylke Speerstra. Vrouwen van Nu dogge it foar dyn doarpReduzum is mei noch tolve oare doarpen útkeazen om mei te dwaan oan it televyzje programma ‘Doch it foar dyn doarp’
Tongersdei 9 juny moarns sil der in promoasjefilmke opnaam wurde. Hoe’t we dat dwaan sille is foar jim noch in ferrassing. Dit sil 9 juny middeis yn de live útstjoering op televyzje komme.
Sjoch dus allegear fan 7 oant en mei 11 juny nei it programma Doch it foar dyn doarp op Omrop Fryslân. Utstjoertiden 16.30 oant 17.00 . Herhelling de folgjende dei om 09.30, 10.30 en 11.30 oere. Utstjoering mist? www.dyndoarp.nl
Neist it televyzjeprogramma dogge we noch oare aktiviteiten. It is wer maitiid, en dus tiid foar ús kofjemoarn foar de 70+ leden! Dit is bard op tongersdei 19 maaie. De froulju hawwe by Djoeke van der Hem yn Eagum in gesellige moarn hân.
De froulju fan de túnklub hawwe der ek op út west. 12 maai hawwe se nei de tún fan keunstskilder Ton ter Linden en syn partner fotograaf Tabak op ‘e Feanhoop west. Nei in ynlieding yn it atelier koene we de tún troch. Keunstskilder Ton ter Linden sjocht syn borders yn syn tún as in 'libbend skilderij'. Troch de heechopgeande transparante beplanting en de kleurekombinaasjes is it in boeiend gehiel. Der is in grut ferskaat oan tunen. Sa is der bygelyks in maaitiidshoeke dy’t yn dizze tiid fan’t jier fansels hiel moai is. Op www.ateliertonterlinden.nl kinne je hjir mear oer sjen.
Tongersdei 23 juny sille se de middeis wer der op út. Dan sil it doel It Heidenskip wêze. Hjir sille we in lanlike tún fan sa’n 3000 m2 besykje. Mei in fiver en in grut ferskaat oan blommen en planten sil dit grif in moaie middei wurde.
En wolle jim ris mei de Vrouwen van Nu út fytsen? Dat kin op moandei 6 juny. We sette de fytsen earst op 'e auto, om sa ris yn in oare omjouwing te fytsen. We sille om12.30 fuort by kafee bar de Welp.
Oant gau Met de LAB op stapJan Velstra wennet al sûnt syn jeugd tsjinoer de bushalte op de Trije Romers. Miskien dat dêr de fassinaasje foar de LAB-bussen weikomt. Nei in wiidweidich ûndersyk nei de skiednis fan de LAB, de Leeuwarder Autobus Onderneming, hat er mei syn soan Minne hjiroer in boek útjûn ‘Met de LAB op stap’. Hy hat in hiele protte foto’s en knipsels sammele, mar ek technyske gegeven, leppeltsjes, bushaltebuordsje en oare saken dy’t mei de LAB te krijen hawwe. Dat dit ûnderwerp ek manlju oansprekke soe, wie foar it bestjoer fan de BvPF Vrouwen van NU reden om in ôfdielingsjûn te hâlden dêr’t de manlju ek tige wolkom wiene.
Yn it begjin fan de tweintichste ieu wiene der noch gjin autós, yn 1906 krige notaris Swierstra fan Ljouwert de earste auto. De earste bus kaam yn 1920. Dêrfoar gie in hieleboel ferfier mei de beurtskipper en mei hynder en wein. Yn 1920 kamen de earste buslijnen, earst tusken Holwert en Ljouwer en tusken Ljouwert en Snits. Al gau kamen der mear lijnen by, men hoegde doe gjin fergunning te hawwen. Op in bepaald stuit wiene der mear as 100 lytse busûndernimmings yn Fryslân. Se hiene der ek faak in taksybedriuw by. Mar in soad fan dizze ûndernimmings binne letter opgongen yn gruttere maatskippijen. Nei de oarloch wiene der noch fiif oer yn Fryslân, de LAB (yn de Greidhoeke), de LABO (yn noardwest Fryslân), de NTM (yn súd en súdeast Fryslân), de NOF (yn noardeast Fryslân) en de SWH (yn súdwest Fryslân).
De LAB hat sa’n fyftich jier bestien en hat oant 1971 rieden yn de Greidhoeke, it gebiet tusken Makkum, Boalsert, Wommels, Snits, Wommels en Ljouwert. Se diene ek in soad reiskes, bygelyks skoalreiskes nei Appelskea, mar ek nei de oarloch mei groepen nei it bûtenlân. Sa ha se ûnder oaren yn Moskou west. Op in bepaald stuit wurken der sa’n 60 minsken by de LAB, dit wiene net allinne sjauffeurs, mar ek wiene der konduktrises, soks is no net mear foar te stellen, soe fjirstente djoer wêze. It persoaniel hie in hechte bân, sa wie der in persoanielsblêd, ‘De Contactsleutel’ en ek de Sinteklaasjûnen foar bern fan de wurknimmers wiene populêr (ús gast Chris Lantinga, syn heit hat dêr ek sjauffeur west, wit dit noch hiel goed). Yn de sechstiger jierren krigen de minsken hieltyd mear brommers en auto’s, sadat se foar it reizgjen net mear ôfhinklik wiene fan it iepenbier ferfier. Yn 1971 gong de LAB op yn de NTM, wat letter de Fram wie, dy’t der no ek al net mear is. Mei Brian Kabbes de tún ynWa tinkt dat it nei it winterskoft in deade boel is by de Vrouwen van Nu, hat it goed mis. Mei in grut ferskaat oan ynteresse groepen is der it hiele jier wol wat te dwaan. De túnklub is 17 maart begûn mei it nije túnprogramma. In be-Lutz-en frou yn politykSe hat op’t heden in ADHD aginda. Sa ferteld Lutz Jacobi moandei 14 febrewaris op de gearkomste fan de BvPF, Vrouwen van Nu, Reduzum e.o. En fljocht hjirtroch dizzer dagen fan Limburch nei Friens. Jubilarissen op jiergearkomsteJiergearkomste BvPF Vrouwen van Nu Reduzum e.o. Hwat OarsNijjiersgearkomste Vrouwen van Nu
Dan iepent ús foarsitster Marianne de jûn en winsket eltsenien in goed en foaral sûn nijjier. Ek in wurd fan wolkom oan de mesyk, dy’t by de binnenkomst al fan harren hearre litten hat. It is ‘Hwat Oars’ besteande út Jan Eijzenga op gitaar en Lammert Kingma dy’t ferskillende blokfluiten bespilet. Neidat alle froulju in hapke en in drankje fan de tafel helle hawwe, giet it kulturele diel fan de jûn los. Earst spilet ‘Hwat oars’ in pear âlde sankjes en dan is it wurd oan trije leden fan ús skriuwgroepke. It binne Tietsje Rodenburg, Anneke Boersma en Froukje Popma.Hja lêze foar út eigen wurk, Froukje makket der hast in toanielstikje fan. It binne prachtige ferhalen, ‘uit het leven gegrepen’.
Hjirnei noch in ferassing, Marianne Kemmere sjongt mei begelieding fan ‘Hwat oars’. Wat kin hja moai sjonge, dit hawwe in hiele protte fan de oanwêzige froulju noait witten. Hjirnei is it al tsien oere en is it offisjele diel fan de jûn dien, inkle froulju binne noch lang net útpraat, dat it is al hast alve oere as wy de boel oprêden hawwe en de doar fan it lokaal op slot dogge. It wie in tige slagge jûn, wa wit dogge wy dit it folgjend jier wer. Oant ús jiergearkomste op 19 jannewaris mei Wiebe van Marrum oer syn reis nei Rwanda.
It bestjoer
Permakultuur en duorsum libje
Der wiene, nettsjinteande de glêde diken en mist, dochs noch 25 froulju ôfkaam op de ôfdielingsjûn fan 7 desimber.
Hja sil ús oan de hân fan bylden wat fertelle oer ‘Permacultuur’ en duorsum libjen.
It doel fan permakultuer is de gearwurking tusken minsk en natuer. Alles hat yn’e natuer in funksje, alles hat mei elkoar te meitsjen. Mei permakultuer kinne je in lekkere ytbere tún ûntwerpe, dy’t net allinnich moai, mar ek nuttich is. As foarbyld fan in kringloop neamt se: yn in beam sitte fûgels, dy ite de siedsjes, troch harren útwerpsels komme dy siedsjes wer op de grûn en hjir komme wer nije beammen fan. Foar permakultuer hoege je gjin grutte tún te hawwen, it kin ek yn in lytse tún. Sels wennet Sissy yn in hierwente yn Jirnsum mei in lytse tún. Je moatte de planten wol op in goed plak sette, sadat der optimaal gebrûk makke wurde kin fan sinne, wetter, skaad ensfh. Sissy makket in hiel soad gebrûk fan houtsnippers, se struit in dikke laach oer de grûn, sadat dy folle minder útdroeget en se simmers eins hielendal net hoecht te sproeien. Hjirtroch hat se ek folle minder lêst fan ûnkrûd. Mei permakultuer kinne je in tún ûntwerpe mei in soad ytbere produkten en kinne je hjirtroch enerzjy en jild besparje. Ek kinne je in helofitenfilter oanlizze, dat it wetter suveret, sadat je dat wer brûke kinne foar bygelyks de waskmasjine of it toilet. It leanet net om it wetter sa goed te suverjen dat je it drinke kinne, omt dit hiel djoer is en drinkwetter út de kraan hiel goedkeap is. Der binne sels minsken dy’t permakultuer op lytse skaal tapasse op it balkon yn blombakken en potten.
Sissy kaam ta permakultuer om’t se altyd al hiel bot yntressearre wie yn duorsumens en de natuer. Se hie net in protte jild, dat se begûn mei lytse plantsjes, sa hat se har tún stikje foar stikje opboud. No hat se yn har tún mear as 150 ferskillende planten. Fan krûden, sa as kamille en pepermunt, makket se tee, se hat allegear beistruken, dêr’t se jam fan makket en appelbeammen wêrfan de apels hiel lang bewarre bliuwe kinne. Grienten wekt se, sadat se ek winters hast hielendal selsfersjenjend is. Yn Nederlân binne ferskillende Transition Towns, as inisjativen dêrta. Dit binne lokale mienskippen dy’t oan de slach geane mei permakultuer en net ôfhinklik wêze wolle fan oalje. Yn Ljouwert en De Jouwer binne bygelyks inisjativen dêrta. Ek binne der inisjativen om yn Fryslân in permakultuer skoalle op te setten, mar dit is noch yn in pril stadium. It is al oer tsienen as Marianne Sissy betanket foar dizze ynteressante jûn. Hja oerlanget har in kadobon en winsket alle oanwêzigen wol thús. Us folgjende gearkomste is op 6 jannewaris, wy hawwe dan de nijjiergearkomste mei muzyk, ferhalen, in hapke en in drankje. Oant dan, it bestjoer.
Foar mear ynformaasje oer permakultuur kinne jim ûndersteande linken besykje:
Niet perfect is goed genoegWorkshop ‘Niet perfect is goed genoeg’ Pink Ribbon-maandBvPF Vrouwen van Nu
20 oktober 2010, foarljochtingsjûn oer boarstkanker
Marianne Kemmere kin dizze jûn sa’n 40 froulju wolkom hjitte, wêrûnder inkle leden fan de Boerinnegroep en inkle gasten. Nei de meidielings jout se it wurd oan Aukje Postma en Astrid Haarsma fan it mammacareteam fan it Medysk Sintrum yn Ljouwert. As earste komt Astrid Haarsma oan it wurd, hja is ferpleechkundich spesjalist mammacare. Hja hat as ferpleechkundige in spesjalistyske oplieding folge en mei medyske hannelings dwaan, de sjirurch docht allinne de operaasje, fierder docht sy alle hannelings. As in frou by de mammapoly komt, faak neidat by it befolkingsûndersyk in ôfwiking konstatearre is, wit sy meastentiids deselde dei de útslach fan it ûndersyk en wurdt der bepraat wat de fierdere behanneling wêze sil.Der binne 4 soarten boarstkanker. De meast tapaste behannelings binne operaasje, bestraling, chemoterapy of hormonale terapy. It hinget fan de soarte boarstkanker ôf watfoar behanneling men kriget. Omt it by jongere froulju (ûnder de 50 jier) dreech is om op de röntgenfoto te sjen oft der ôfwikings binne, wurde froulju boppe de 50 jier allinne oproppen foar it befolkingsûndersyk. Nei it skoft komt Aukje Postma, ferpleechkundich konsulinte mammacare, oan it wurk. Sy sit by it gesprek dat je hawwe as je by de mammapoli komme. Faak witte je net mear wat der yn sa’n earste gesprek allegear sein is, der komt safolle op je ôf. Der wurdt dan ek in ferslach makke, wat tastjoerd wurdt. Se fertelt wat oer komplikaasjes dy’t foarkomme kinne, sa as in oedeemearm troch it ferwiderjen fan lymfeklieren ûnder de earm. Dan noch wat feiten en fabels oer boarstkanker. Boarstkanker komt ek foar by mannen, al is dit folle minder. Yn 2009 wiene der yn it MCL 289 froulju mei boarskanker en 2 manlju. Boarstkanker hoecht net altyd te kommen troch in knobbeltsje, der binne ek oare symptomen. 75% fan de pasjinten is âlder as 50 jier, 25% is âlder as 70 jier en 25% is jonger as 50 jier. 2 fan de 100 froulju, dy´t nei it befolkingsûndersyk west hawwe, krije in oprop fan it sikenhûs, wêrfan 1 boarstkanker hat. Boarstkanker komt net fan it brûken fan deodorant. Erflikheid komt net allinne fan de kant fan de mem, it kin ek fan de kant fan de heit komme. It is net sa dat as der boarstkanker konstatearre is, dat der dan sa gau as mooglik behannele wurde moat, soarchfâldigens is belangryk, der moat tiid nommen wurde foar oanfuljend ûndersyk en geastlike ferwurking. Boarstamputaasje is net better as in boarstbesparjend operaasje, dit hinget ûnder oaren ôf fan de grutte fan de tumor. As de behanneling oan de gong is wurde je faak swierder, dit komt trochdat je faak minder bewege, wurch binne, mar troch emoasje faak wol mear ite. By hormonale behanneling groeie je ek faak. It is belangryk dat je safolle mooglik je deiritme behâlde en oant wurk bliuwe. 85% fan de pasjinten is nei 5 jier noch yn libben. Nei 10 jier libje 3 fan de 4 pasjinten noch. Men bliuwt 5 jier ûnder kontrôle. Yn Nederlân komt relatyf in soad boarstkanker foar, it is net dúdlik wêr´t dit fan komt. Alkohol is wol in oarsaak. It is al oer tsienen as foarsitster Marianne de beide frouju betanket foar harren bydrage dizze jûn, de tiid is omflein. De folgjende gearkomste is op 10 novimber yn Café/bar De Welp,´ Niet perfect is goed genoeg´, in workshop oer it omgean mei bern en pubers. Dizze jûn is foar eltsenien dy´t te meitsjen hat mei bern, Dus sawol âlders, pakes en beppes en eltsenien dy´t bern begeliedt of opfiedt. De entreepriis is € 5.
Tsjeppy PlantloretuinDe túnklub hie 21 augustus har lêste útstapke fan dit seizoen. It waard in besite oan krûden- & planteloretún yn Joure. Dêr stie by oankomst in echte high-tee foar de túnklubleden klear. De ferskate krûden makken de tee net allinnich geurich mar ek kleurich. Ek it lekkers dat der by servearre waard wie makke mei help fan krûden en fruit út dizze tún. In slach troch de tún mei de eigners, learde ús dat blommen en krûden foar ferskate saken goed wiene. De rûgebol, it ljippekopke of de sûkerei, eltse plant hie syn eigen ferhaal. Oan de ein koe der noch omstrúnd wurde yn in winkeltsje fol mei saken omtrint de tee- en kofjedrinkerij. Teesoarten mei namen as heksetee of stress-weg tee sprutsen wol ta de ferbylding. Al mei al, hat dizze tún ús tige goed smakke. |
|
