Dorpssite Reduzum / Friens

Jansma's hof

15 maai - It like der earst op dat de rein in spulbrekker wurde soe. Dêrom earst mar in bakje kofje en in praatsje mei de eigenaresse.
Om't in soad froulju fragen hiene oer de tún kaam dat moai út. In oantal túnen hie skea troch de froast fan de ôfrûne winter. En dan kinne je wol in goed advys brûke.
Doe't it dan dôchs droech waard, koene we ris sjen wat foar moais der op Jansma's hof yn Ketlik te sjen wie.
It bedriuw dat begûn as hoveniersbedriuw, is sûnt 2006 túnsintrum en teeskinkerij.


Prov.jaarvergadering

18 april was de provinciale jaarvergadering van de Vrouwen van Nu in Sneek. Met veel Redúster inbreng.


Wist u dat...
-Blijke Vellinga al 10 jar de zaal opfleurt met bloemen?
-Dat op deze avond de kleur magenta de boventoon had?
-Jantsje Kalsbeek een functie heeft gekregen in de provinciale beleidsgroep communicatie?
- Gedeputeerde Jannewietske de Vries nu ook lid is van de Vrouwen van Nu?
-We blij zijn dat ze bij ons op ledenlijst staat?


Op konsult by GGD Fryslân

Vrouwen van Nu op 11 april, al wer de leste bijienkomst fan it seizoen.

2 meiwurkers fan GGD Fryslân, Linda Verhagen en Marja Hottinga binne op dizze jûn gastsprekkers. De GGD hâldt har dwaande mei u.o. jeugdsûnenssoarch, t.b.c bestriding,milieu  en sûnens, ynspeksje sa as op skoallen en bêrneopfang en reisfaksinaasje en hat de coördinaasje bij grutte rampen.

Op dizze jûn wie der in soad útlis oer de tyk ,Q-koorts, griep en in filmke oer polio as link nei reisfaksinaasje.

 

As je in byt fan in tyk krije kin je de sykte fan Lime oprinne.Fan de tyken ha 25 % deborreliabacteerje die de sykte fan Lime feroarsaakje.De tyk moat dan wol langer as 24 ûren op it lichaam sitte foar je besmet wurde.Tyken kin je oeral yn de natuur opdwaan.Je kinne de tyk fuorthelje mei in tyke pen en der nei de hûd ûntsmette.As je besmet binne kin der in readachtige ring om it plak komme of je ha grypachtige ferskynsels.Je kinne noch jierren yn it bloed oantoane dat je besmet binne. De sykte is te bestriden mei antibiotica.

 

Q koorts is in zoönose d.w.s. in sykte die fan bist op minske oerdroegen wurde kin. Minsken besmette elkoar net.Q koorts kin je krije troch ynademjen fan Coxiella burnetii bacterie fia de lucht yn in gebiet mei besmette molkgeite en molkskieppe bedriuwen. Ek troch direct contact mei besmette bisten kin je Q koorts krije. De bacteerje sit net yn it fleis en pasteurisjerre molke en tsiis. De helte fan de minsken die besmet binne ha gjin klachten. Besmettingsferskynselen binne oanhâldende koorts en heftige pine yn´e holle of spier en gewrichtspine en wurgens, ek hjir helpt antibiotica.

 

De gryp as influenza komt ek ter sprake. Gryp wurdt feroarsake troch in firus en is net te bestriden mei antibiotica. Gryp wurdt ferspraat troch praten en hoastjen.Risico groepen ha gruttere kans op earnstige gefolgen. Fanôf 60 jier wurde jo oproppen foar in grypspuit, sa ek bewenners fan in ynstelling en gehandicepten. Elk jier moat je wer spuitsje want in grypfirus feroaret regelmatich. It biedt in heal jier beskerming.

 

Yn it filmke oer polio sjugge wij noch ris de gefolgen hjirfan. It is in besmettelike firussykte. It komt noch op 3 plakken yn ´e wrâld foar. Yn it noarden fan India is it op it slimst.Yn Nederlân ha we soms in lichte útbraak yn streken wer se út it geloof wei der op tsjin binne yn te intsjen.

 

Sa komt de fraach wanneer en werfoar moat je faksinearje as je op reis geane. Je geane nei de hûsdokter om in faksinaasje en die freget adfys bij de GGD. Al of net faksinearje hinget n.l. of fan de syktes die der binne yn´e streek wer je nei ta gean.

Hjirmei binne we oan de ein fan in nijsgjirrige en learsume jûn.

Foarsitter bedankt de oanwêzigen en winsket ús in goede simmer ta.

 

Ymkje

35 vrouwen stil

 
 

   50 jaar lid gehuldigd




Aaltsje Santema uit Wytgaard werd op deze avond gehuldigd omdat ze 50 jaar lid is van Vrouwen van Nu


35 vrouwen stil

Ondanks dat de spreekster eigenlijk gewend is om voornamelijk te luisteren,
en de 35 aanwezigen een hoog kakelgehalte hebben, lukt het Jantien de Boer,
journaliste, columniste én feministe prima om een mooi verhaal te vertellen,
en om de zaal stil te krijgen.

Uitgenodigd op een bijeenkomst van de vrouwen van Nu in Reduzum vertelt
Jantien over haar werk en leest een aantal columns en artikelen voor.

Een column, dat kan een aai over je bol zijn, maar ook een draai om je oren.
Maar altijd vanuit een achterliggende gedachte, en soms ook met een boodschap.

Door middel van de columns kregen de aanwezigen een kijkje in de zielenroerselen
van de spreekster.

Van Wim Anker tot Jelke en Loltsje

Bij de eerste column ‘Porno’ zat iedereen dan ook gelijk rechtop.
Tjonge, jonge, dat is wel wat, moet dat zo, was van een aantal gezichten af te lezen.

Geïnspireerd door een collega schrijfster had Jantien besloten wat brutaler te worden
in haar columns, vertelde ze na het voorlezen van deze Porno. Gezien de reacties
van de zaal was dat met deze column zeker gelukt.

Als Jantien vertelt hoe ze in het leven staat, wat haar passies zijn, en wat voor
schrijnende toestanden ze soms tegen komt, begrijpen de dames waarom ze zo
schrijft.

Want ook in andere columns schuwt ze de confrontaties niet. Dat ze als gevolg
hiervan mails krijgt van aardige en minder aardige dames en heren, is dan ook een
gevolg. Er zijn altijd mensen die zich aangesproken voelen.

Jantien hoopt dat sommige columns en artikelen mensen aan zal sporen om in
actie te komen. Zij kan dat niet, maar kan wel zaken aan de kaak stellen, die in
haar ogen niet kloppen.

Onderwerpen waar zij ‘graag’ over schrijft, om hier aandacht voor te vragen zijn huiselijk
geweld, kindermishandeling en prostitutie.

Het schrijven van mooie ‘kleine’ artikelen is een andere gave van Jantien. Het verhaal van
Jelke en Loltje, met een prachtige link naar de Vrouwen van Nu, en de mogelijkheden die
de organisatie Loltsje geboden had, toverde bij iedereen een glimlach op het gezicht.

Voor het schrijven van een column moet Jantien goed op de hoogte zijn van het onderwerp.
Zo las zij een column voor waarvoor zij een studie gemaakt had van gestreepte,
grijsgebaarde zangers, en na afloop van haar ‘spreekbeurt’ bekende ze nog een aflevering
te gaan bekijken van dokter Deen, voor haar volgende column.

Een column die alle aanwezige vrouwen van nu ongetwijfeld gelezen zullen hebben.

 

Werom yn de tiid

Ferslach ôfdielingsjûn 16 febr.

Foarsitster Marianne Kemmere iepent de gearkomste en hjit eltsenien wolkom, yn it bysûnder de dames Amarins Hibma en Sietske Bloemhof fan Tresoar. Sy fertelt noch efkes oer it moaie winterwaar en de Alvestêdentocht, dy’t der hast komme soe.

De meidielings binne:

-       21 en 22 feb. kinne wy pizza ite yn Grou;

-       28 feb . kinne wij in rûnlieding krije yn de Harmonie, kosten € 3.50;

-       De beurs EVENT GREEN fyn’t plak yn opdracht fan Club 2025: ‘Werken aan een duurzame toekomst’ en is fan 23 t/m 26 feb. Vrouwen van Nu ha hjir ek in stand. Leden fan Vrouwen van Nu krije koarting op de entreepriis.

 

Provinciale activiteiten
Busreis naar de opera Orfeo en Euridice op 8 juni
Kuier rûn it Doarp: Kuiertochten fan 10 km.
Feb. 2012 Start Rûntsje om de tsjerke.
Alle ynformaasje hjiroer www.vrouwenvannufriesland.nl

It PB fan de Vrouwen van Nu biedt in ôfdielingsbijienkomst oan yn it kader fan it ferbreedzjen fan it ôfdielingsoanbod. Men kin in kar meitsje út: Filosofie, Mindfulness, Sociale Media. Ynformaasje hjiroer op de Website.
Marianne lêst noch in gedicht voor : ’Fantasie’ en yntrodusearret dan de dames Hibma en Bloemhof fan Tresoar. Hjirnei kriget Amarins Hibma it wurd.
 

Tresoar bestiet no 10 jier en is in bibliotheek, in argyf en museum yn ien. It bestiet út 3 ûnderdielen, to witten: Provinciale en Bumabibliotheek, Ryksarchyf en Frysk Letterkundich Museum. De namme Tresoar (schatkamer) is betocht troch Baukje Wytsma. Hjir wurkje 66 minsken en net to ferjitten 45 frijwilligers, dy’t archyfmateriaal yn de database sette. Tresoar is húsfeste yn 2 gebouwen ferbûn troch in loftbrêge, om’t hiel âlde weardefolle papieren net bleatsteld wurde meie oan de bûtenloft. In praktyske gearwurking is der mei de Fryske Akademie. Der is in unyk stúdzjesintrum, der’t elts mei help fan frijwilligers fan alles opsykje kin. Tresoar hat in heal miljoen boeken ( 13km) yn prachtige draaikasten en ek stiet der noch 25 km boeken yn depots. Wat is hjir te sjen:

De hiele Boargelijke Stân fan Fryslân, Ljouwerter Krante fan ôf 1752, Fotoargyf mei Literêre foto’s en portretten fan skriuwers. Gedichten: Gelûdsopnames fan gedichten, ynsprutsen troch de skriuwer sels.
Doarpsfilms, der’t wy wat fan seagen, fan Reduzum, Aegum en Idaerd, men giet dan nei it ûnderdiel Beeld en Lûd. Wij seagen de trouwakte fan Rembrand en Saskia; it âldste boek fan Tresoar út 836; in brief út 1903 fan Nynke fan Hichtum oan Pieter Jelles Troelstra.
Sietske Bloemhof, dy’t Genealogie studearre hat, giet nei it skoft fierder en fertelt dat elke provinsje in Provinsjaal Archyf hat dêr’t de hiele Boargelike Stân yn stiet.
Fia in Stappenplan, dat wij allegear krije, kin jo jo stambeam neisykje nei 1811. Dêrfoar moat yn tsjerkeboeken en trouboeken socht wurde. Srafregisters kinne jo ynsjen 75 jier nei de straf!!

Op de site www.allefriezen.nl fan 1923 en ynskend yn 1933, joech Sietske in foarbyld fan hoe’t je in houliksakte besjen kinne. Wytske Jorna joech de nammen fan har pake en beppe en sa rûgele de akte der út nei wat tiid. Hiel ynteressant. Dit is in site der’t hast alle gemeenten oan meidogge, útsûndere Dantumadeel, Dongeradielen en de Stellingwerven.

Wij kinne online thús besjen û.o.:
Stambeamûndersyk, Kaartekolleksje, Frysk foto-argyf, gedichten, âlde kentekens fan aoto’s, ansichtkaarten, notarieel argyf ensf.  Wy krije ek noch in gedicht fan 1768 mei nei hûs, dat Sietske foarlêst, it giet oer in houliksynhuldiging yn Reduzum. Al mei al in hiel interessante jûn en wolle wij mear witte dan kinne wy ek in rûnlieding krije, miskien is dit wat foar ús ôfdieling.

Marianne betanket de dames foar dizze moaie jûn en ek de teekommisje en Zwaantsje foar it meitsjen fan it ferslach.

 

www.tresoar.nl

Efter de skermen

28 febr. 2012 - De Vrouwen van Nu hawwe in rûnlieding hân efter de skermen fan skoubourch de Harmonie yn Ljouwert.
De Harmonie is ien fan de fiif grutste skouboargen fan Nederland. It gebou hat de foarm fan in skip. Rûnom yn it gebou komme je details tsjin dat mei wetter en skepen te meitsje hat. Somtiden moat je dat mei in bytsje fantasie besjen. 'Mar dat is teater ek', sa seit ús rûnliedster Jenkie van Essen. Yn de 3 grutte teatersealen is plak foar musikals, muzyk, kabaret, dûns en oar fertier. Yn de grutte seal is in goeie akoestyk, dat 'regelt' wurd troch de autoruten fan de fiat Panda dy't hjir tsjin de muorre sitte. En wat te tinken fan de koplampen yn it plafond fan artiestenfoyer, as de ynklapbare tribune. In tige nijsgjirrige middei dus.


Digitaal fotoboek

25 jannewaris giene 11 froulju u.l.f Gerrit van der Sar dwaande mei digitaal fotoboek meitsje. Oan de hân fan in dúdlik stappenplan waarden har allegear foefkes útlein foar in meitsjen fan in digitaal fotoboek.
Kommende tiid kin elk thús oan de slach mei alle foto's fan fakânsje, tún as beppesizzers.
Fan de kursuslieder krigen se noch in cd mei it fotoprogramma en in koartingsbon foar it meitsjen fan harren earste fotoboek.


Jiergearkomste Vrouwen van Nu

19-01-2012

Nei’t Marianne Kemmere dizze jûn de oanwêzige leden wolkom hieten hat, komme de meidielings op tafel.

• 25 jannewaris kursus Digitaal foto-album meitsje yn it lokaal. Der kinne noch in pear misken by. Opjefte by:Tryntsje Hemstra, tel. 0566 601051.
• Tiisdei 24 jannewaris nei de film Nova Zembla opjefte by Wytske as Djoeke
• 28 febrewaris in kijkje efter de skermen by skouboarch de Harmonie. Opjefte by Wytske as Djoeke

Der binne dit jier trije jubilarissen. Zwaantsje Hellinga, Tsjitske Spijkstra en Aaltsje Santema binne 40 jier lid. Tjitske en Zwaantsje binne oanwezich en krije in spjeltsje.

Nei foarlêzen fan it Jierferslach oer 2011, gean we fierders mei de sinteraasje. Der binne dit jier grutte útjeftes west. Om by de tiid te bliuwen is der in beamer en in skerm oanskaft.
De kaskommisje, besteande ut Afke van Gorkum en Zwaantje Hellinga hawwe by Tsjeppy troch de boeken west. It kloppe allegear. Yn 2013 sil Zwaantje mei Wilma van Marrum de boeken kontrolearje. Reserve is Henny Hof.
Bestjoersferkiezings- Tryntsje Hemstra is nei trije jier oan bar om it bestjoer te ferlitten. Mar sy wol noch wol trije jier bytekenje. Foar Djoeke fan der Hem sitte der twa periodes fan bestjoeren op. Sy kin net wer mei ‘reagearen’ dus sil der in opfolger komme moatte. Anneke Boersma sil it stokje fan Djoeke oernimme. Nei in bedankje foar Djoeke, krige se fan it bestjoer in blomstik en in ‘hoop âld izer’.

Om’t it bestjoer noch net op syn âlde nivo fan fiif leden sit, wurd der yn de takomst in berop dyn op de leden. Fleksibel bestjoeren wurdt de takomst foar de Vrouwen van Nu. Der binne wol froulju dy’t wat dwaan wolle yn it bestjoer mar hawwe faaks gjin nocht om hjir trije jier oan fêst te sitten. Saken as in notulearje fan ôfdielingsjûnen, lief en leed, in aktiviteit opsette as wat dan ek, sa wurdt der besocht om leden der op oare wize by te belûken. Foar de folgjende gearkomste, 16 febrewaris De schatten van Tresoar, wurdt der in lid benadere om hjir in ferslachje fan te meitsjen.

By de rûnfraach woe Wilma graach witte as elk it weardearret as men út en troch in mailing kriget mei it leste nijs fanút de feriening. De lûden wiene posityf. Der wurd dan ek besocht om safolle mooglik leden fia de mail te beriken. Wa’t gjin email hat kriget it nijs dan fia in oar lid oanlevert.

Nei’t skoft is Menno Wiersma oan bar. Hy fertelt dat syn mem dizze jûn graach der bywêze woe, mar dat troch de omstannichheden net ynsit.
Menno is feedokter en hat mei trije kollegas in praktyk yn Grou. It unyke oan har praktyk is dat se gjin assistentes ha, mar dat dizze taak ynfulle wurd troch harren froulju.
De dei fan in feedokter is nea gelyk. Neist bedriuwsbegelieding, sprekoere moatte de feedokters geregeld op paad. Troch dit fariearre bestean is der ek in soad oer te fertellen. Net ien bist as baas is gelyk. It smyt in hoop moaie ferhalen op.
Yn 2002 is Menno foar de krante mei syn kollega Erik begûn om dizze ferhalen en oare ynformaasje oer de praktyk op papier te setten. De bistedokter. Yn de rin fan de jierren hawwe in soad dorpskranten en websides dit oernaam. Fansels kinne we de jûn net slute sûnder dat Menno ús noch in ferhaal foarlest.
As tank foar dizze jûn kriget er fan Marianne in sjek fan €50 dy’t Menno graach oan in goed doel jaan wol, Doe een Wens. Om’t Els de Groot, frijwillichster by dizze stifting, oanwêzich is mei se dit tagelyk fan Menno yn ûntfangst nimme.

De folgjende gearkomst is 16 febrewaris oer de Schatten van Tresoar. Nijsgjirrich nei dizze jûn? Wês wolkom.


In smûke winterjûn

Winterjûn 14 desimber 2011

Dit kear wiene de stokjesrinners frege om in jûn te fersoargjen.

Wy hiene ûnder it stokjerinnen der al oer praat: “Hoe moatte wy dat ha?” doe’t Carina v.d. Weg sei: “Geurt wil het misschien wel doen”. Geurt is aljierren mûnder (molenaar) yn’t Hearrenfean.

Doe wiene wy út’e brân en lokkich woe Geurt wol. Dat wy hawwe it lokaal de 14e desimber wat smuk opsierd en it gie oan.

Hendrika hjitte ús wolkom en winske ús in goeie jûn.

Earst woe de projektor net om lyk, mar lokkich dat waard ek ferholpen.

Geurt liet ús earst de beskermhillige fan de molens sjen, dat wie in sekere Victor.

Dêrnei seagen wy bakker Boonstra yn’t spier mei sekken moal út de mûne en letter yn de bakkerij, wat foar bôlen hy bakte en hoe oft hy dat die.

De froulju koene ek priuwe hoe’t de eigenbakte koeken smakken en letter ek de ferskillende soarten bôle mei lekker spul der op.

Geurt hat ús fan alles oer de mûne ferteld en ek oer dat de mûnders eartiids net altyd earlik wiene.

Wat ha dy minsken in soart wurk ferset mei it oansetten fan é mûne en mei it sjouwen fan de folle sekkern. Hy fertelde ek oer hoe’t se it graan mealden en de beste, sûnste yngrediïnten net iens troch de bargen opiten wurde mochten en weismiten waarden. Yn de bibel lêsden jo al hoe oft it moal meald waard, earst hiel primityf. Letter kamen linkendewei de molens. Ek wettermolens en oaljemolens waarden omraak brûkt.

Carina fertelde oer de mûnen yn en om Reduzum. Hja neamde ferskillende nammen dy’t ús bekend yn’e earen klonken. Sa as de fam. Hoekema en A.J. Smeding en Klaas Hofstra. Se liet in kaartsje sjen mei withoefolle molens dy’t yn dizze omkriten stiene. It wie in nijsgjirrich ferhaal.

In pear froulju hawwe nei it Hearrenfean west en ha mei Geurt troch de hiele mole (mûne) west. De mûne hjit “Welgelegen” en is yn de Tjepkemastrjitte. Hy is alle sneontemoannen iepen en dan kin men dêr moal keapje.

Wy hawwe meielkoar noch oan it sjongen west: “Daar bij die molen” en Ïk zag eens een muis”.

 

Hendrika, dy’t it ek iepene hie en no slute, hie foar Geurt en Carina in attinsje en in enveloppe foar de mûnder.

Dêrnei stie allegear lekkere bôle (dy’t Carina bakt hie) yn partsjes mei hearlike smarseltsjes en ossewoarst te wachtsjen en krigen wy lekkere glühwein of frisdrank en ha wy noch hiel gesellich oan it neipraten west.

It bestjoer hie foar ús allegear in prachtich hert fan hout mei in fersiering en in leuk kaartsje der oan, werop se ús goede Krystdagen en in sûn 2012 tawinsken. Dat wie in leuke ferrassing.

 

Dukke

Wat docht Fryslân mei duorsume enerzjy

It is al 8 oere as foarsitster Marianne Kemmere dizze jûn iepent. De Boerinnegroep begjint om altyd om acht oere, dus moatte we efkes wachtsje op de lêste binnenkommers.

Sy betinkt Sietske Hijlkema, dy’t 8 novimber ferstoarn is. Hja wie ien fan de leden dy’t mei it 90-jierrich jubileum in spjeldsje krige omt hja mear as 50 jier lid wie.

Us ôfdieling hat op útnoeging fan Lutz Jacobi op 10 novimber mei in bus nei Den Haach west foar in besyk oan de Twadde Keamer. De moarns binne we nei it lanlik kantoar fan Vrouwen van Nu west. Om de bus fol te krijen wiene der ek froulju út Grou mei. Dizze dei wie in grut sukses.

Nei noch wat oare meidielings jout Marianne it wurd oan Bouwe de Boer.

 

Bouwe de Boer is sûnt 1994 yn tsjinst fan de gemeente Ljouwert, in gemeente dy’t in soad docht oan enerzjybelied, dit yn tsjinstelling mei Boarnsterhim. Hja hawwe in budzjet fan € 1,5 miljoen.

Bouwe wie ôfrûne wike yn Amerika, dêr’t 5% fan de minsken op’e wrâld wenje, mar dy brûke wol 25% fan alle enerzjy. Dêr is dus noch in hiele protte te winnen.

Yn it Kolleezjeprogram fan Ljouwert stiet dat hja yn 2020 ûnôfhinklik wêze wolle fan fossile brânstof.

Dit leveret boppedat in hiel soad banen op.

Der wurdt yn Fryslân in projekt opstart om mear sinnepanielen op gebouwen te krijen. Fan it jild dat je oars oan Nuon, Essent of in oare enerzjyleveransier betelje, wurdt oan de leveransier fan de sinnepanielen betelle, nei 13 jier binne de sinnepanielen dan ôfbetelle. Der dogge 19 ynstallateurs oan mei. Fan eltse 1000 wennings dy’t meidogge is der wurk foar 40 man. Je kinne je fia in website oanmelde.

Hy fertelt ek noch oer it projekt op Nij Bosmastate, de proefbuorkerij by Goutum. Der is in lieding oanlein fan dizze buorkerij nei de wyk Techum by Ljouwert. Mei it biogas dat dêr produsearre wurdt wurde 1100 wennings yn de wyk fersjoen fan enerzjy en waarmte. Ek tusken Dokkum en Ljouwert wolle se in lieding oanlizze, hjirmei soene 25000 wenning fersjoen wurde kinne.

Ek in wettersuvering en grien ôffal kin biogas opleverje.

Bouwe is ek ien fan de initiators fan de Frisian Solar Challenge, mei û.o Wubbo Ockels.

Dizze boaten op sinne-enerzjy wurde hieltyd better en sneller. Der binne minder sinnepanielen nedich en ek de akku’s dêr’t de stroom yn opslein wurdt, wurde steed better. Yn 2012 is der wer in Alverstêdetocht fan sinneboaten. Dêr dogge 15 boaten út Fryslân, 15 út Nederlân en 15 út de rest fan de wrâld oan mei. Yn 5 dagen farre se by de alve stêden lâns. It is de kuenst om slim mooglik mei de enerzjy om te gean, sadat je sa fier mooglik komme. Der kin in snelheid helle wurde fan 35 km per oere.  De’ Stichting Elektrisch varen’ wol it elektrysk farren yn Fryslân befoarderje, der binne no 5 bedriuwen dy’t elektryske boaten meitsje. Yn Fryslân farre sa’n 400 elektryske boaten.

Ek binne der yn Ljouwert 50 taksibuskes oanskaft dy’t op grien gas ride foar it ferfier fan learlingen yn Ljouwert en Boarnsterhim. Ek Omrin rydt yn Ljouwert op grien gas.

Nije bedriuwen op it gebiet fan elektyske enerzjy (b.g. it meitsjen fan elektryske skooters) hawwe it faak mouilik, hja moatte troch de oerheid stipe wurde. Ek de akku’s, dy’t faak makke wurde yn Sjina soargje dêr foar in hiel protte fersmoarging fan it miljeu. Dit binne saken dy’t oplost wurde moatte.

Reduzum docht it hiel goed op it gebiet fan de enerzjybesparring, it is in foarbyld foar in protte oare doarpen. Hy ferwiist ek noch efkes nei de enerzjyjûn dy’t hjir krekt holden is.

Sjoukje Jonker betanket Bouwe foar dizze ynteressante en learsume jûn. Hja oerlanget him in slúfke mei ynhâld en in suvelpakket. It jild is bestimd foar sinnepanielen op it dak fan in weeshûs yn Cambodja, dat syn suster mei har man ekploitearje.

Op it Haachske pluche

10-11-2011

It wie noch witte betiid, doe’t de spilersbus fan SC Hearrenfean by de Welp foarriden kaam. Froulju fan de Vrouwen van Nu út Reduzum en Grou soene dizze dei op útnoeging fan Lutz Jacobi foar in besite nei de Twadde Keamer yn Den Haach.


As echte spilersfroulju joegen we ús del yn de lúkse bus fan sjauffeur Sytse Alberda. Televyzje, ynternet en in koelkast fol mei drinken, it ûntbruts ús oan neat dizze dei. Sytze fertelde dat trainer Ron Jans him dizze dei as scout oansteld hie. Hy hie de opdracht meikrigen om op syk te gean nei in nije spits, dus foaral op it rinnen fan de froulju te letten. De toan fan de dei wie set

.
De earste stop yn Den Haach wie in lanlik kantoor fan de Vrouwen van Nu. Sûnt 1961 sit de NBvP oan de Jan van Nassaulaan. De froulju dy’t hjir net mei hinne woene, waarden persoanlik troch Sietse op it strân fan Skeveningen útset.
Direkteur Anke Vervoort fertelde ús wat der sa al bart op it lanlik bureau. Neist administrative en bestjoerssaken, is der ek plak foar in grut tal gearkomsten. Nei dat we it pand besjoen hiene, giene we fierder nei it úteinlike doel fan ús reis. De Twadde Keamer.


Om it gebouw binnen te kommen, moasten we in hiel parcours ôflizze. Nei dat we heal ûntklaaid wiene, moasten we noch troch de deteksjepoartsjes. Doe die bliken dat der froulju, mei snoade plannen,  mei in mes yn de tas op stap wiene. As grutte boeven moasten se de tas leech helje en har ark ynleverje. Doe’t alles goed efter slot en grindel lei, gongen we nei de fraksjekeamer fan de PVDA dêr’t Lutz al op ús siet te wachtsjen mei in lekker bakje tee. Nei in petear oer har politike wurk, har kontakt mei de parse, ensfh moast Lutz nei in oare gearkomst. Har meiwurkers Sandra en Vincent joegen ús in rûnlieding troch it gebou.


Sa ha we yn de âlde keamer en yn de âlde biblioteek fan it ministearje fan Justysje west. It eindoel wie in sit op de publike tribune fan de plenaire seal. Dizze middei waard dêr drok praat en in ferskaat oan moasjes yntsjinne oer besunigings yn de sûnenssoarch. Moai om dat ris live mei te meitsjen.


Tsjin fiven stie de bus alwer klear foar de wêrommereis nei Fryslân. Yn it Haske op ‘e Jouwer waard ús in hearlik miel foarset. En doe koene we, mei in holle fol moaie yndrukken fan dizze dei,  op hûs oan.


Politike fraachstikken wurde net allinnich yn de Twadde Keamer oplost, mar ek gewoan yn de bus. Ommers al dy files binne hielendal net nedich. It ministearje fan ferkear en wettersteat soe foar de oplossing ris mei Sietse kontakt opnimme moatte. As je de earste auto út de rige helje, dan kin de rest flot troch ride. Hoe simpel kin it wêze.


Gjalt swetst derop los

Byienkomst 13 oktober mei natuerman, aaisiker, greidefûgelbeskermer, fisker, ielrikker, einekoermakker Gjalt de Groot

't Himsterhof

20 sept. 2011 - In besite oan de tún 't Himsterhof yn Koartehimmen. Dizze tún (sa'n 2200 m2) hat in protte feste planten en strúken en om dizze tiid al moai yn de hjerstkleuren.


Gesellige ynfojûn

08 sep. 2011 - Workshops yn eigen omjouwing. Mei-elkoar bakke as kokkerelje. Leuke ôfdielingsjûnen mei nijsgjirrige sprekkers. Utstapkes nei de twadde keamer, filmhûs as teater. Dat is wat de Vrouwen van Nu jo dit winterskoft te bieden hat. Yn it lokaal efter de tsjerke wie de ynfojûn foar it fan de Vrouwen van Nu. Der kamen in hoop froulju del.