Nordic walking estafette
De waargoaden diene it dizze moarn net elkenien nei’t sin, mar de froulju koene dôchs in moaie kuier meitsje. Tegearre mei de ôfdieling Reduzum, rûnen sa'n 25 froulju fanút Drachten, Grou, Snits, Menaam en Aldeberkeap dizze moarn in slach om Reduzum. Nei it bakje kofje waard der earst in warming-up dien troch Sonja Osinga fan Snits. De tocht gie dizze moarn op nei Wytgaard, nei it Noardein, troch de lannen op nei de Ayttawei. Nei in pypskoft op it Swinlân gie de tocht fierder oer it nij kuierpaad “it âld Swin”. Underweis fertelde Itteke de Leeuw oer bysûnderheden yn de omjouwing.
Alwer sûnt 2007 rinne froulju mei oan de Nordic Walking estafette fan de Vrouwen van Nu yn Fryslân. Alle moannen (útsein it simmerskoft) nimt in ôfdieling it stokje op om in tocht by har yn omkriten út tesetten. Sa rûnen de stokjerinners û.o. fan de Lippenbuursterheide oant Gaasterlân. De tochten hawwe in ôfstân fan 10 km sadat it foar in grutte groep hjir oan mei dwaan kin. Ek froulju sûnder stokken kinne oan dizze estafette meidwaan.
Froulju dy't ynformaasje wolle oer de Nordic Walking groep yn Reduzum kin kontakt opnimme mei Itteke de Leeuw tel 601964
En wolle jim ris meirinne? Alle moandeitemoarns wurd der rûn, om 10.00 fanôf de Greidhôf.
|