Froulju wer ûntsnaptTiisdei 12 oktober is der in groep gefaarlike froulju út R. oppakt. Se binne nei de swier befeilige finzenis “de Blokhúspoarte” brocht. Dêr kamen se earst yn de arrestantesel, dêr’t al in soad bekenden fan harren sitten hiene. Nei it fûllearjen en ynleverjen fan persoanlik guod, brocht de bewaker de froulju fuort. Oer de luchtplaats kamen se troch allegear gongen, by har tydlik ferbliuw it sellenkompleks A. Hjir krigen se in keamer tawezen, mei in eigen baaikeamer. Wolle de arrestanten tillevyzjes en oar ‘lúks’ guod, dan kinne se dat fan har eigen jild betelje, fertsjinne mei û.o. knippers meitsje. |
|