In wike nachtmerje
De moarns healwei alven skille se, “it is mei frou Doustra, ik woe graach in ôfspraak mei dy meitsje.
Ik haw dan leaver datst hjir komst, ik wol wat mei dy beprate dêr ‘t dyn man mar neat fan ôfwitte moat.” Takommende tiisdei kinst dan om nei teetiid komme?”
Ik wie efkes ferbjustere wat yn de goedichheid moast se fan my? Wy wiene allebeide by it koar foar de rest hie ik gjin konneksjes mei har, it wie ek sa ‘n trutsje om mei om te gean. Altyd en ivich pypje en sangerje. ast har ien kear oanhellest koe men der mar min wer ôf komme.
“Om my kin it fan 'e middei wol”, sei ik. Mar dat skikte har net dan takommende wike mar.
Dat ferrekte âld wiif, no lei ik al twa nachten te prakkesearjen wat se fan my woe. Ik dreamde de mâlste dingen.
It hert jage my en it klamme swit bruts my oan alle kanten út.
Mar efkes nei ‘t húske en in mûltsje wetter dan koe ik my wer del jaan.
Mei it driigjende fingerke stie se foar my, “ik fyn dat it myn plicht is dy te warskôgjen.
Dat grutte fanke fan jimme Jehannes stiet hjir wol gouris efter buorfrou har hok mei de pels omheech, straks moat se in bern ha, ik wik it dy, it komt sa net goed.”
Ik alhiel oerstjoer, dat leave lytse famke amper fan de skoalle en no al mei jongers omslaan. Hoe moat ik dit yn de goedichheid oanpakke. By ús Jehannes hoech ik net de boadskipper te wêzen. Hy kin it bern wol it sikehûs ynslaan. O gottegot dit is net bêst!
Ik draai my om en raam wat yn it dweilwite holkessen om.
It duorret mar efkes dan stiet se wer foar my oer, se fynt it wer har plicht my te warskôgjen .
“Jimme jongste dochter hat stellen by de Poaizz, ik wie der by doe 't se oppakt is.”
O, gottegot hoe moat ik hjir mei oan. Jankende wurd ik wekker.
Nei in pear minne nachten wie ik der skier fan om ‘e holle. It wie net te leauwen hoefolle rampen my of de bern oerkommen binne.
As útsetter kaam se op in nacht tichte by my en lústere my ta wiles de triennen har oer de wangen rûnen dat se ûngenêslik siik wie. Se woe hiel graach dat ik oan it lêste ta op har passe soe. Koe ik my hjir de kont foar weiwine? In iensum meiminske fersoargje, har eigen bern hoegde se net te ferwachtsjen die hiene yn gjin jierren nei har omsjoen. Mar yn de goedichheid “wêrom ik?”
Ik wie hielendal op ien ein, doe‘t ik in wike letter nei de tee ,om healwei fjouweren by har oanbelle.
It duorre noch in hiel skoft heart se de doar fan de skoattel hie.
Ik mocht der yn komme!
Nei in skoft eameljen om neat kaam se noch tichter by my. Lei har skrale hân op myn earm en preuvele mei wiete lippen.
“ soe sto as wy oer trije wike mei it reiske fan it koar nei Hollân geane wol myn kammeraatske wêze wolle, oars fiel ik my sa iensum!” Kinst nêst my yn de bus sitte en by it iten en by it kuierjen, do bist altyd sa fleurich, dêrom haw ik dy útkeazen!
Nee, nee, tocht ik dat yn de goedichheid net.
“No dat treft moai,” sei ik,” dan kinst moai de rôlstoel fan Ymkje skowe, want dy haw ik tasein om mei har op en út te gean!”
No haw ik noch noait in gesicht sa gau feroarjen sjoen. As in hekse kaam de ferninige noas nei foarren en de oars sa sleauwe eagen skeaten fjoer.
“Nee, sei se , dêr lien ik my net foar.”
Tietsje. |