Dorpssite Reduzum / Friens

Metafoor

Al in oantal jierren bin ik by de skriuwgroep. Faak betinke wy sels in ferhaal mar wy krije bytiden ek in opdracht. It liket dan wol hiel dreech mar as men ienris dwaande is, dan falt it wol wat ta.

Sa hiene wy de folgjende opdracht.

Metafoar   (is in fergelyk).
Nim in bepaalde persoan en betink ris op hokker beam e.d hy liket.  
Brûk de ferskillende symboalen.
1 boat, 2 stof, 3 blom, 4 it waar, 5 ding, 6 ark, 7 beam, 8 wetter, 9 grûnstof, 10 gerjocht, 11 ferfiermiddel, 12 dier.

Ik haw in persoan betocht dy’t eartiids yn alle doarpen te finen wie. Tsjintwurdich is it in mear sintrale funksje wurden.
Kinne jimme riede wa it is?

METOFOOR

Rjochtop as in populier ,men kin der net omhinne as in oar kermjend ynstoart bûcht er, mei mar bliuwt ûnfersteurber oerein   lyk as in pôle bamboereit.
By tiden is it krekt in hageskjirre, steile hânfetten en ferninige blêden knippe en meane wat er yn ‘t  paad stiet.
Om him hinne de geur fan in jarrekolk, net oangenaam mar wol funksjoneel.
As in stikelbaarch skarrelet er ivich en altyd om yn de deade blêden, wat heger de bulte hoe moaier.
As in goederentrein sjogge je him sa no en dan hjir yn de omkriten dinderjen. In protte ynhâld en mooglikheden dochs bejout er him net op sydspoaren rjocht op de reels, net te hastich, syn eigen gong geand. Altyd in grouwe karrider ( in minne stjonksigaar yn ‘e holle. As in hagelbui ,de rjochterhân fan de man mei de seine.
In poerbêst minske, mar net by ús oer de flier.

Tietsje, 20-5-06