Reade learskes
“Hasto myn learskes ek sjoen?” Dineke’s twingjend lûd oerstimde it gerattel fan de gersmasine. Mark sette it apperaat út en seach ferheard nei syn freondinne, dy’t op it tegelpaad stie. “Wurde dy dingen net smoarch”, frege’r, wizend op de wite pantysokjes dy’t se oan’e fuotten hie.
“Ja, snuggere, dêrom moat ik myn learskes ha”, antwurdde Dineke skerp. Oer in kertier soe Ellen, har kollega, har ophelje, se soene tegearre nei it téater. Se wie al kant en klear, it nije reade blazerke, dat se tegearre mei de learskes kocht hie, stie moai op de wite broek. Mar wêr wiene dy dingen no dochs, se hie se noch net iens út’e pûde hân.
“No leave, ik soe it net witte, moast noch marris om dy hinne sjen.” Mark koe’m út noch yn net drok meitsje om in pear learskes. Ellen hie genôch fan dy dingen, juster hie er noch in sek fol fan’e sliepkeamer nei de dyk tôgje moatten, foar de kleanaksje. De sek wie sa fol dat se der noch in pear apart yn in plastik pûde by lein hie…
Och heden! “Wat foar kleur ha dy dingen eins.” Mark wist it antwurd al foardat Dineke wat sein hie.
“No, read fansels, ik ha se dy dochs sjen litten. Do beardest der wakker fan, echt “trendy”, seist. No, ik sil nochris boppe sjen.” Dineke soe hastich op’e doar ta.
“Eh…ik tink dat dyn trendy learskes op reis binne, leave.”
“Hoesa op reis. Toe, gjin grapkes, Mark, ik moat opsjitte.”
“Ik bin bang dat se by Bram op’e trekker belâne binne, tegearre mei de âlde klean en skuon, dy’t ik juster by de dyk setten ha.” Mark fielde him net sa noflik doe’t er Dineke’s eagen seach, it fjoer spatte d’r sawat út.
“Sukkel!” Rimpen fleach Dineke nei de garaazje en skuorde de fyts der út. “Wat silst no”, frege Mark. “Der achteroan fansels, miskien hat er se wol apart holden, net elkenien is sa stom en smyt in pear nije learzen fuort.” Dineke spatte de dyk út.
“In pear reade learskes, seist?” Bram Dykstra seach Dineke op en del oan, syn each foel op har fuotten mei de panty-sokjes, dy’t allang net mear wyt wiene. “Ja, sjoch wy sammelje ýn, it is net de bedoeling it guod wer út te dielen. Dizze aksje...”
“Mark hat se by fersin by de dyk setten, se wiene noch gloednij”, foel Dineke yn. “Se sieten apart yn in iepen plastik pûde, dat moat dochs wol opfalle.”
“Skuon en klean moatte yn tichte pûden ferpakt wurde, dat stie dúdlik op it bryfke dat jim krigen ha”, sei Bram belearjend. “De kontainer is grôtfol, we ha goede saken dyn. Sjoch, de klean bringe acht euro-sinten de kilo op en de skuon…”
“Kinne we net even yn’e kontainer sjen.” Dineke wie har rie hast te’n ein.
“Hu, hu, dan kinst noch better om in spjelde yn in heaberg sykje”, nokkere Bram.
Op dat stuit stoppe der in read Renaultsje foar it hûs. Ellen stapte der út en kaam hastich it paadsje op rinnen. “ We moatte fuort, hear, oars krij ik gjin parkearplak mear”, rôp se.
“Mar ik kin sa dochs net mei”, jammere Dineke, op har fuotten wizend.
Ellen wie fan it trochtaastjende type. “Jo ha hjir skuon by’t soart, dêr sit fêst wol wat gaadliks by”, sei se beret tsjin Bram. Sjit op, man, lien ús oars mar in pear fan jo frou.”
“Hu, hu, dan ha jo Gryt har fuotten noch net sjoen. It fanke soe in rare misstap dwaan yn dy slachskippen. Mar wacht… dêr giet my in ljocht op. Yn’e garaazje lizze noch in soad pûden, dy pasten net mear yn’e kontainer. Miskien dat dêr wat gaadliks by sit.”
Uteinlik fûnen se in pear wite skuon yn de goede maat, dy’t der noch wat fatsoenlik útseagen.
“Dy kinst wol meinimme, foar fiif euro”, sei Bram. “Fiif euro?”, rôp Dineke, “Myn learskes kostten achtensantich euro!”
“De kaartsjes foar de musical kostje tritich euro it stik”, gie Ellen der tsjin yn. “Kom op, net seure, we betelje se tegearre.”
Ellen en Dineke wiene de lêsten dy’t yn’e téaterseal har plak ynnamen.
In pear wike letter wie Dineke mei har buorfrou nei Grins te winkeljen. Doe’t se op in terraske achter in bakje kofje mei in mânske slachrjemmesoes sieten, sei Maaike: “Sjoch, dêr hast Rianne. Sjonge, wat rint dy der eptich by.” Dineke seach de kant út dy’t Maaike oanwiisde. Oan’e oare kant fan de dyk rûn de dochter fan Bram en Gryt, dy’t yn Grins op keamers wenne. Oan har fuotten pronken in pear reade learskes, krekt sokke as dy’t Dineke kwytrekke wie.
“Trendy. Dat hiet trendy, Maaike”, sei Dineke.
FROUKJE POPMA