Dorpssite Reduzum / Friens

Rûntsje tún

De túnklup fan de Vrouwen van Nu gong op tongersdei 23 juny nei It Heidenskip. It wie in dei mei ôfwikseljend fikse buien en sinneskynwaar. Oankommen by de prachtige romantyske tún fan Lies en Feiko Pijst oan de Heidenskipsterdyk 49 stie de sinne gelokkich heech oan de himel. Der waard dan ek fuortdaliks begûn mei in kuier by de fiver del dêr´t in grutte diversiteit oan te borders sjen wie, ek stiene rûnom de roazen yn folle bloei. De tùn, 3000 kante meter, lei prinshearlike yn it wide lânskip mei yn de fierte it ùtsicht op de wite seiltsjes fan fan de boatsjes op de Fluessen. Gastfrou Lies Pijst hie de kofje en de tee klear stean yn it seishoekige túnhûs dêr´t al gau in pear froulju harren efkes noflik deljoegen op de reiden stuollen. Ek bûten, smûk tusken de roazen, wiene in pear terraskes oanlein. Elk hie alle tiid om yn eigen tempo en op eigen wize te genietsjen fan de bysûndere planten, de fruitbeammen, de ferrassende kombinaasjes oan kleur en de ferrassende `doorkijkjes’.De freonlike wite hûn Sem, ek al in lust foar it each, folge de gasten op de foet. It wie in moaie en gesellige middei yn it doarp It Heidenskip dat sintraal stiet yn it boek De oerpolder fan Hylke Speerstra.

Baukje


Keunst yn'e tún

De froulju fan de túnklub hawwe der ek op út west. 12 maai hawwe se nei de tún fan keunstskilder Ton ter Linden en syn partner fotograaf Tabak op ‘e Feanhoop west. Nei in ynlieding yn it atelier koene we de tún troch. Keunstskilder Ton ter Linden sjocht syn borders yn syn tún as in 'libbend skilderij'. Troch de heachopgeande transparante beplanting en de kleurekombinaasjes is it in boeiend gehiel. Der is in grut ferskaat oan tunen. Sa is der bygelyks in maaitiidshoeke dy’t yn dizze tiid fan’t jier fansels hiel moai is. Op www.ateliertonterlinden.nl kinne je hjir mear oer sjen.

Er zijn op dit moment geen afbeeldingen in deze gallerij.