Linepraatsjes
Estafettewedstriid foar senioaren
04 feb. 2012 - De iisklub fan Reduzum hâldt sneintejûn in estafettewedstriid foar senioren. Foar eltsenien dy’t fan de legere skoalle ôf is. De wedstriid begjint om 19.00 oere.
Miskyn ha de Frienzers noch puf oer om ek yn Reduzum te riden?
Opjefte kin by de iisbaantinte of oant 16.00 oere snein ta by Yfke Boersma.
Hurdriden yn Friens
03 feb. 2012 - Snein 5 febrewaris is der hurdriden foar leden en stipers fan iisklub de Izeren Wjuk. Om 13.00 oere op de opfeart by Peter. Opjaan oant sneon 21.00 oere by Max Brinksma.
Info@veehandelbrinksma.nl
Gefaarlik bûtenwetter
03 feb. 2012 - De iisbaan is iepen. It Swin ek. Mar allinne foar de einen.
Op meardere plakken leit it Swin suver folslein iepen.
Foaral no’t der snie fallen is, is net mear te sjen wêr’t de swakke plakken sitte.
De IJWC (iiswegensintrale) Idaerderadiel warskôget dan ek mei klam IT SWIN NET OP TE GEAN! Foar fragen: Loekie Kooistra,
Henk Korf.
IIsbaan iepen
02 feb. 2012 - De iisbaan leit der moai hinne. De iismasters hawwe fannemoarn oan it mjitten west. En se binne ta beslút kaam dat de baan iepen koe foar publiek. De redens kinne dus út it fet!
|