Dorpssite Reduzum / Friens

Soas De Fjouwer Doarpen

  Bestuur:
Clazina van Balen-Jorna:  foarsitter
Jacob Hoogland:  ponghâlder
Klaas Jorritma:  skriuwer

Op 22 oktober 1892 is ús soasjeteit oprjochte. De oprjochting fûn plak op de boppeseal fan it logemint De Gouden Leeuw De eigner hjirfan wie de hear J. Steenhuizen.
It bestjoer bestie doe út de hearen D. Burgij, foarsitter, S. Schilstra, ponghâlder en  Tj. Kuperus, skriuwer.
It doel wie om noflike jûnen mei elkoar te hawwen. Dizze jûnen wiene allinnich tagonklik foar troude manlju út Reduzum, Friens, Idaerd en Eagum en moasten minstens 21 jier âld wêze  Der waard in biljert oanskaft foar f 135,- en hjirfoar waarden oandielen ferkoft foar in tientsje it stik. En der kaam noch mear. Twa dam- en skaakbuorden, skaakstikken, damhoutsjes, in dominospul en 12 pakjes spylkaarten. 

Ek waard der wol ris wat organisearre foar froulju, sa as in reciteer/foardrachtwedstriid.
Dit wie op 17 desimber 1892.  De earste priis wie foar: mej. Parfumeur út Harns, hja wûn f 25,-. De twadde priis wie foar mev. Hijlkema-Couperus út Ljouwert, f 10,-  De tredde priis wie foar mej. E.Bosma út Niehove, f 7,50