Dorpssite Reduzum / Friens

Binne jo 55 +?


Dan is it tiid om efkes nei te tinken as der ek mear is as keatsen, kuorbal, follybal, lêzen, fytsen no ja wat noch mear.

Wol op woansdei 5 oktober begjint de middeis om 13.30 oere wer de lytse soas mei harren kaartmiddeis. Binne jo al 75+ en hawwe jo noch nea kaart, dan helpe wy jo om dat ûnder de knibbel te krijen. Om de kosten hoecht it net oer te gean € 1.10 de wike en dan krije jo der in koekje en tee op ta.

It plak is achter de tsjerke yn it Lokaal.

 

Wolle jo mear witte, dan kinne Henk Krans 601256, Willem Hemstra 601051 of Jehannes Zijlstra 601574 jimme miskyn wol bijprate.

 


 

Klaverjassen & schutjassen

Klaverjassen &schutjassen 2009 / 2010

Utnoeging - Soas de Fjouwer doarpen

Yn septimber binne we wer begûn mei it kaarten op de freed, ien kear yn 'e twa wike.

By it klaverjassen is eltsenien wolkom en wurdt der eltse kear troch elkoar lotte.
By it skutjassen graach mei in maat komme.
Slagget it finen fan in maat net, dan kinne jo altyd efkes skilje.

De dielname rint  werom, dus nije leden binne fan herte wolkom.
It sil begjinne om 20.00 oere en de data steane yn de aginda foar yn de Linepraat en op 'e site.

Graach oant dan, yn Kafee Bar de Welp!
Groetnis Clazina van Balen-Jorna
tillefoan: 0566 - 600039

 


 

Correctie:
   op het briefje dat verspreid is,
staat schutjassen op 7 november
maar dat moet 27 november zijn!