Dorpssite Reduzum / Friens

Activiteitenkalender 2012

Tennisvereninging Stānfries


Binnendoarstoernoai (tegearre mei Aldeboarn)

Op sneon 7 jannewaris is der yn de tennishal fan TC Nomi te Snits foar leden fan TF “Stânfries” en

leden fan de tennisferiening út Aldeboarn in Binnendoarstoernoai organisearje.

 

Inkelspul Kampioenskippen 2012

De tenniskampioenskippen froulju- en manlju inkelspul wurde spile yn de perioade fan 13 maart o/m 23 maart. Omdat de finales op de jûn fan freed 23 maart spile wurde, moat men op dizze jûn beslist

beskikber wêze wol men mei dwaan kinne oan dit kampioenskip. Opjaan kin oant 6 maart.

 

Ynterne Kompetysje

Op freed 30 maart start de Ynterne Kompetysje, de earste wedstriden begjinne om 19.00 oere. De

lêste wedstriden binne op freed 25 novimber. Fanôf it begin fan de simmerfakânsje oant en mei de finaledei fan it Boarnsterhim Toernoai binne der gjin wedstriden. Opjaan foar de ynterne kompetysje kin oant 14 maart.

 

De opset is oer it generaal it selde as foarich jier. Wol moat der rekken mei hâlden wurde dat der in kompetysjeteam is dat op freedtejûn har wedstriden spilet. Dertroch kin der op in pear jûnen gjin ynterne kompetysje spile wurde. Fansels sprekkend hâlde wy eltsenien op’e hichte. Foaral ek om’t de leden die’t gjin KNLTB-kompetysje spylje, foarrang ha op dielname oan de ynterne kompetysje en om’t der op sneintejûn spile wurde kin yn de wiken dat it kompetysjeteam thús spilet.

 

Wir-Re-War Toernoai

Op snein 1 april wurdt fanôf 10.00 oere it Wir-Re-War Toernoai spile. Dit jier fynt it op ús banen plak.

As jo meidwaan wolle, dan kinne jo ús dat oant 25 maart witte litte.

 

Strjittetoernoai

Op snein 1 july wurdt foar leden en net-leden foar de fjirde kear op rige it “Heckman -

strjittetoernoai” organisearre. De ynformaasje oer wichtige saken folget sa gau as mooglik mar de opset fan dit toernoai sil net (folle) ôfwike fan de edysje fan 2011.

 

Thúsbliuwers Toernoai

Om’t it earste Thúsbliuwers Toernoai in grut sukses wie, organisearje wy it dit jier wer. Dit kear kinne de leden die’t op freed 24 augustus net fan hús binne om fakânsje te fieren mei elkoar tennisje. Ek foar dit toernoai jildt dat de wichtige ynformaasje sa gau as mooglik folget.

 

Dûbelspul Kampioenskippen 2012

Alle dûbelspul kampioenskippen, te witten froulju- manlju- én mingd dûbel, wurde ferspile yn de

perioade fan 5 o/m 23 septimber. De finales wurde op snein 23 septimber spile. Sy dy’t kâns meitsje wolle op sa’n kampioenskip, moatte dus op dizze dei beslist beskikber wêze en kinne har oant 25 augustus opjaan.

 

Boarnsterhim Toernoai

Fan 25 o/m 30 septimber kin der meidien wurde oan it Boarnsterhim Toernoai. In toernoai dat

wy in gearwurking mei en op de banen fan oare tennisferieningen út de gemeente organisearje sille.

Lykas by de dûbelspul kampioenskippen kin der yn 3 gearstallingen tennist wurde. Foar dyjinge die’t meidwaan wol, wurdt rom op tiid oanjûn foar wannear jo jo opjaan moatte. Mar wis is wol dat it dus per twatal (2 manlju, 2 froulju of 1 man + 1 frou) moat.

 

Eartetoernoai

Op snein 18 novimber wurdt it tennisjier tradisjoneel wer ôfsluten mei it eartetoernoai. De tiid fan begjinnen moat noch bepaald wurde mar opjaan kin al wol (oant 11 novimber).

 

Nijs oer (de aktiviteiten fan) Tennisferiening “Stânfries” stiet fansels ek op ús doarpsside:

www.reduzum.com. De aktiviteitenkommisje (Joop, Gerda, Jantsje en Sido) rekkent ek yn 2012 wer

op in sportyf tennisseizoen.

 

Moandei 13 febrewaris 2012: jiergearkomste TF “Stânfries”, 19.45 oere yn ús sportkantine


Aktiviteitenkalinder Tennisferiening “Stânfries” (foar it jier 2012)

Aktiviteit:

Datum:

Opjaan foar:

Opjaan fia:

Binnendoarstoernoai

07 jannewaris

01 jannewaris

tvstanfries@live.nl

Inkelspul Kampioenskippen

13 o/m 23 maart

06 maart

tvstanfries@live.nl

Ynterne Kompetysje

Fanôf 30 maart

14 maart

tvstanfries@live.nl

Wir-Re-War Toernoai

01 april

25 maart

tvstanfries@live.nl

Strjittetoernoai

01 july

 

tvstanfries@live.nl

Thúsbliuwers Toernoai

24 augustus

 

tvstanfries@live.nl

Dûbelspul Kampioenskippen

05 o/m 23 septimber

25 augustus

tvstanfries@live.nl

Boarnsterhim Toernoai

25 o/m 30 septimber

 

tvstanfries@live.nl

Eartetoernoai

18 novimber

11 novimber

tvstanfries@live.nl

 

Foar alle aktiviteiten jildt dat oanfoljende ynformaasje sa gau as mooglik folget. Sjoch hjirfoar

regelmjittich yn de Linepraat, op de doarpsside www.reduzum.com of yn jo e-mail.

 

De aktiviteitenkommisje fan Tennisferiening “Stânfries” bestiet út de folgende persoanen:

Namme

Telefoannûmer

E-mailadres

Joop Andringa

(0566) 602 254

jmandringa@hetnet.nl

Gerda de Boer

(0566) 601 884

g.boer32@chello.nl

Jantsje Kalsbeek

(0566) 601 539

l.kalsbeek@chello.nl

Sido de Schiffart

(0566) 600 151

s.deschiffart@kpnplanet.nl