In memorabel jierferslachJierferslach āld papier In “memorabel jierferslach”. Der is noch al wat feroare. Fan de oarloch ôf ( ’46) wurdt it papier yn ús doarpen garre. Earst diene de bern dat mei karren en kroaden. It gong dan nei de berch en dêr waard it perst. Letter wie dat tink yn de âld skoalle by de Prinsetún. Ik ha it oars net meimakke ( bin hjir sûnt 1978) as dat we mei trekker en wein ( fan Daam de Boer en Anne Okkinga) der by lâns gongen en dat we dan it papier yn in bak kiperen, dy ’t letter wer ophelle waard. Somtiden hiene we wurk oant healwei twaen middeis. De lêste jierren mei de kliko gong it yn Reduzum in stik nofliker. Friens en Idaerd diene it noch op de âlde wize mei trekker en wein. Der stie dan in bak by de droegerij. En no docht OMRIN it. Fanôf begjin dit jier. En ha we allegear in bak. Foar Friens en Idaerd is it no ek makliker wurden. Yn Reduzum nimt it noch wat mear tiid, mar sa stadich oan, nei in kear as trije, is it al aardich bewend. We binne hiel benijd nei de opbringst.
In hiel oare saak is dat ek de betelling feroare is. Ferline jier krigen we ynienen gjin bankôfskriften mear. Doe ’t we nei in moanne as wat de bank skillen, dy bliken dat de skoalle it adres fan de papierkommisje feroare hie. Dat skynt samar te kinnen. Nei wat hin en wer gefreech kamen fan ‘t hjerst de ôfskriften fia de skoalle. Mar.. yn novimber en jannewaris wie it wer mis. Nije neifraach levere op dat de bank gjin ôfskriften mear joech. We ha no as Doarpsbelang-bestjoer besletten dat it it handichst is dat de papierrekken mar by Doarpsbelang Reduzum komt. As de Doarpsbelangen fan Idaerd en Friens, de skoalle en de buskommisje der gjin beswier tsjin hawwe dan is dat de koartste klap. Ha we ek gjin aparte kosten mear.
MAR JIMME WURDE ALLEGEAR WER BETANKE FOAR DE MEIWURKING!! EN DAT AL GOED 65 JIER!!! Oersjoch āld papier2009 Ynkommen: Rinte 20,90 útjûn: werom 200,00 Papier 2897,30 Bus 500,00 Skoalle 1109,10 Friens 221,82 Idaerd 221,82 Reduzum 665,46 1109,10 ____________ ___________ Mei elkoar 2918,20 2918,20 Troch in foute berekkening en dêrnei in foute ôfboeking (fan de gemeente) siet der in ferskil yn fan € 200,00. Dy woe men fansels wol werom ha. Fierders moatte we konstatearje dat it oantal kilo ’s sakke is fan 98.480 yn 2008 nei 91.260 yn 2009. Foar in part leit dat oan de minne desimbermoanne (snie!). Yn de takomst sil it papier ophelle wurde yn (blauwe) konteners. De fergoeding sil nei alle gedachten ferdwine. Mei tank oan alle helpers.
Oersjoch āld papier2008
Ferline jier wie der 94.282 kg ynsammele. Foar it earst yn in jier as 5 stiicht de opbringst wer. De papierkommisje Oersjoch āld papier 2007Ynkomsten: Papier 94.282 kg x € 0,03 = 2828,46Rinte 22,70 ________ 2851,16 Utjûn: Skoalbus 500,00 It oantal kilo's sakket alle jierren wat. We bin fan 107.000 kg ôfkaam. Piter |
|||||||||