Ljochtspoaren
Op krystnacht-jûn kamen de ljochtsjes fan ús Ljochtspoaren troch de doarpen byelkoar. Se stiene lâns it tsjerkepaad. It is yndrukwekkend, moai en bysûnder wat alle minsken beskreaun hawwe yn de bygeande skriften. Levo sil de skriften bewarje en miskyn komme we der letter nochris op werom. It is hast te moai om neat mei te dwaan.
Mar oan de oare kant, hat it syn wurk miskyn al dien en hawwe wy in soad minsken berikke kinnen.
Der binne noch 4 lytse ljochtsjes ûnderweis en noch 2 grutte, goudkleurige. Graach sjogge wy de ljochtsjes werom op
skoalle of op de Ayttawei nr. 1. Ek de bygeande skriften wolle wy graach werom hawwe.
Eltsenien tige betanke foar jimme meidwaan yn dit gehiel.
|