Linepraatsjes
Hurdriden yn Friens
03 feb. 2012 - Snein 5 febrewaris is der hurdriden foar leden en stipers fan iisklub de Izeren Wjuk. Om 13.00 oere op de opfeart by Peter. Opjaan oant sneon 21.00 oere by Max Brinksma.
Info@veehandelbrinksma.nl
Gefaarlik bûtenwetter
03 feb. 2012 - De iisbaan is iepen. It Swin ek. Mar allinne foar de einen.
Op meardere plakken leit it Swin suver folslein iepen.
Foaral no’t der snie fallen is, is net mear te sjen wêr’t de swakke plakken sitte.
De IJWC (iiswegensintrale) Idaerderadiel warskôget dan ek mei klam IT SWIN NET OP TE GEAN! Foar fragen: Loekie Kooistra,
Henk Korf.
IIsbaan iepen
02 feb. 2012 - De iisbaan leit der moai hinne. De iismasters hawwe fannemoarn oan it mjitten west. En se binne ta beslút kaam dat de baan iepen koe foar publiek. De redens kinne dus út it fet!
IJsdikte
01 feb. 2012 - Nederland is in de ban van de dikte van het ijs, voor wedstrijden of het openen van de ijsbanen.
Zo ook het bestuur van onze Koninklijke IJsclub. Vanmorgen heeft het bestuur het ijs gemeten en kwam tot een ijsdikte van 4,5 à 5 centimeter.
Dit is niet dik genoeg en de baan is dus vanmiddag NIET OPEN.
|