Foar Djoeke en Anneke
Bêste Djoeke en Anneke
Wat spitich no dat jimme by ús wei moatte
Jim moatte romje út ‘t fjild
It giet fanseks werom jild
Ik tink dat ús klupke wol hast fjouwer jier bestiet
Wy protesteare en binne hjirmei net bliid
Nim no bygelyks in skip
dệr op moat in kaptein, stjoerman en in masinist
want as der in boutsje en in moerke los sit
en de koers ferjit, dan fart er net goed
dan binne sokke minsken ûnmisber hjoed
sa giet it mei ús as âlde minsken ek
elts hat syn lek en brek
as ien fan ús raar wurdt en falt yn in slomme
dan witte jimme moat der in dokter as sike-auto komme
De jas wurdt foar ús ophongen, de stoel klear set
de kofje en tee is brún en wat lekkers derby is ‘t net
earst efkes kletse, hoe is it mei jo en hoe giet it mei dy
dan in kwis of in spultsje dwaan
sjoele of kaarte, skilderje, ja, fan alles kinne wy meitsje
mei in frijwillichster derby kinne wy sa´n middei wol laitsje
Ek foar in reiske wiene jimme mei ús op reis
mei twa auto’s want der wiene mear as seis
we ha nei Ot en Sien west yn Surhústerfean
allegearre âld spul en Ot en Sien yn âlde klean
ek ha wy nei de Intratún yn Ljouwert west
Prachtige blommen en planten, kofje mei gebak, it wie wer bệst
en dan de orchideeënhoeve, no dệr wie sa folle
prachtige blommen en flinders, we seagen ús de eagen út de holle
ek sieten wy wer op ús gemak
mei tee of kofje mei gebak
En dan in middei nei Grou nei restaurant de Vrijheid oan it wetter
prachtich moai waar, it koe net better
fan alles ha jimme mei ús dien
ek de frijwilligers kamen ien foar ien
dy bliuwe no by ús
it is spitich dat jimme fuort geane, wat in krús
Djoeke en Anneke, út namme fan alle froulju
wolle wy jimme betankje foar alles wat jimme foar ús dien ha.
Fokje Toering
|