De pinne yn oanslach . .

. . mar op ‘e kompjûter of laptop kin ek!


Wa hat der nocht oan, om ris in artikel, kolumn, in ferhaal of anekdoate foar de Linepraat te skriuwen?

Wy, as bestjoer en redaksje, binne op syk nei nije ynbring.

Hawwe jo wat ludyks meimakke, moat dy wat fan ’t hert, hast earne argewaasje fan, wolle jo ris immen yn it sintsje sette of hast gewoan ynspiraasje foar in aardich ferhaal? Lit it ús witte!

We hawwe wol de betinkst, dat it in positive ynstek ha moat, mar it mei sawol yn it ’Nederlands’ as yn it Frysk skreaun wêze.

Reaksjes graach maile nei de redaksje fan de Linepraat: linepraat@gmail.com