Jiergearkomste Linepraat

Ferslach fan de jiergearkomste fan Linepraat 7 maart 2018.

De Iepening is om 19.25 oere troch foarsitter Jantsje Kalsbeek. Se hjit elts wolkom.
Oanwêzich binne: Sijtske Hijlkema, Tsjeppy Hijlkema, Afke v Gorkum, Gerrie de Leeuw, Geesje Oosterloo, Geeske Smorenburg, Jantsje Kalsbeek, Marjan de Jager, Anneke Nijdam, Anneke Boonstra en Henk Korf. / Ôfmelding fan Ineke de Leeuw.
Der bin gjin meidielings. Jantsje fertelt oer de situatie fan Ineke de Leeuw, sij hat in steunhart krige.
It Jierferslach wurdt goedkard en Tsjeppy wurdt hjir foar betanke.
It ferslach fan foarich jier wurdt bepraten en Jantsje freget oan Anneke B. of’t der noch faak te let kopy oanlevere wurdt. Sij stjoerd soms herinnerings- mailtsjes nei minsken ta. It lettertype dat we foar Linepraat brûke witte de measte minsken no wol, nl. Arial en grutte 10.
Finansjeel ferslach fan Geeske: Dit jier is der in posityf saldo om bij te skriuwen as winst, € 1212.58 Der bin wol minder postabonnees en minder stensilwurk foar oaren. Dit komt omdat der meer fia de computer ferstjoerd wurdt as at men nei in drukkerij giet foar in boekje as folder.
De stensilmachine draait al wer 3 jier en hat €6000.- koste, dêrom stelt de penningmaster foar om no elk jier €1000.- te reserveren foar ôfskriuwing fan de machine.
De kas is neisjoen troch Ineke en Afke, oar jier troch Afke en Gerrie en as resevelid is no Tsjeppy bij de kaskommissie kaam.
Bestjoersferkiezing: Tsjeppy Hijlkema en Anneke Nijdam ha beide no 9 jier yn it bestjoer en redaksje sitten en holpen te pakken. Tsjeppy bliuwt helpen bij it meitsjen fan de Linepraat, as chef nietmachine. Foar harren yn’t plak komme Marjan de Jager en Geesje Oosterloo. Tsjeppy en Anneke wurde bedanke en krije in prachtich boeket blommen. De nije froulju ha tasein om yn it bestjoer te kommen en sij wolle beide ek wol yn de redaksje. Dan wurdt der in persoan út Idaerd/Aegum frege om de tiisdeitejûns te helpen mei pakken. Dit sil nochris frege wurde fia de Idaerder-doarps-app. It soe handich wêze omdat dan de boekjes deselde jûns noch yn Idaerd brocht wurde bij Geertje Kleefstra, die al jierren lang hjir de besoarging docht.
Opmaak en tariven advertinsjes: de tariven bliuwe gelyk.                                                                    Der binne 20 postabonnees, wêrfan de helte mei de post ferstjoerd wurdt en de oare helte wurdt op de fiets rûnbrocht troch Tjeerd Jorna.
De besoarching troch de skoalbern giet de lêste tiden net goed, sommige strjitten wol, mar ek yn strjitten krij se net sa gau of hieldendal net in Linepraat. Dan moat de fam. Smorenburg it belije mei de tillefoanstjes fan minsken mei klachten. Dan is der no beslúten dat fan no ôf allinnich grutte minsken rûn bringe en skoalle sil de bern ynljochtsje hjiroer. Geeske hat al in srtjitteskema makke en hjir ek al minsken foar fûn. Sijtske sil de boekjes meinimme nei Friens.
De krystwinsken ophelje litte troch skoalbern wie dit jier ek op sommige plakken net dien troch de skoalbern. Der wurdt no earst in proef dien om dit jier de minsken sels in winsk ynleverje te litten, digitaal/of op papier. Sijtske wol dan earst de bern yn Friens freegje yn hokker foarm at sij wolle.
Omfreegjen: Afke hat in flaterke fûn: der stiet noch fermeld dat men bloedprikke kin yn Reduzum.
Jantsje fynt it moai dat der dochs wer in nije ynstjoerder bij is mei copy, nl: Klaske fan de kapperssaak. Anneke B. hat in fersyk krige om stikjes yn te stjoeren, prima salang hjir mar gjin reklame yn stiet.
Henk tinkt oan in nije rubriek bijgelyks: De pinne trochjaan, mei fêststelde fragen. Dan leare je ek de minsken yn de omjouwing yn bytsje kennen tinkt hij. Jantsje sil wer in ynterviuw fersoargje.
De foarsitter slút om 20.40 oere de gearkomste en winsket elts in wol thús.
Anneke Nijdam.

 

 

 


Ferslach fan de jiergearkomste fan Linepraat op 16 maart 2017

Iepening is om 19.35 oere troch foarsitter Jantsje Kalsbeek. Se hjit elts wolkom. De agenda wurdt efkes oars, we dogge earst it finansjele ferslach, dan kin Geeske wer nei hûs ta fanwege har rêch.
Oanwêzig binne: Gerrie de Leeuw, Ineke de Leeuw, Jantsje Kalsbeek, Sijtske Hijlkema, Henk Korf, Anneke Boonstra, Geeske Smorenburg, Tsjeppy Hijlkema en Anneke Nijdam.

Ynkommen stikken en meidielings: Der binne gjin ynkommen stikken.

Wol in meidieling fan it bestjoer; de rubryk Burgerllike Stân ferfalt, ek om net ien te passearen. De yn memoriam’s wurde frege troch de Plaatselijke Belangen.

Finansjeel ferslach: We binne dit jier 794.92 euro foarút buorke. Der bin goeie ynkomsten fan advertearders en extra stincilwurk, hjir giet dan noch wol papier- en inkt kosten fanôf.

Der wurdt om de 3 moanne in stencil-telling bijhôlden, dit heart bij it kontrakt. De tariven litte we deselde bliuwe it kommende jier. We kinne no yn de begrutting foar takommend jier ek begjinne mei jild te reservearen foar wer in nije machine. De kas is neisjoen troch Anneke Boonstra en Ineke de Leeuw en goedkart.

Foar 2018 sitte yn de kaskommissie Ineke de Leeuw en Afke van Gorkum, resevelid wurd Gerrie de Leeuw.

Oer it jierferslach hat Jantsje in opmerking dat sij en Janneke 1 intervieuw dien ha mei Klaske fan it Kaphûs. Der binne ek noch reserve-paksters: Baukje Zijlstra en Loekie Renia.

Ferslach fan de jiergearkomste fan 2016: De agenda-datum’s soenen de ferienigings sels sa gau as mooglik trochjaan moatte oan LP en de Reduzum.com.

 

Bestjoersferkiezing: Gerrie giet no út it bestjoer, sij hat hjir no 9 jier yn sitten. Gerrie bliuwt wol yn de redaksje, hjiryn hat sij de taak ek om de teksten nei te sjen, foaral Fryske teksten. Fan foarsitter Jantsje krijt se in prachtich boeket blommen as dank.

Ineke de Leeuw hat har spontaan oanmelden en komt no yn it bestjoer.

Jantsje Kalsbeek hat har earste 3 jier der al wer op sitten en wol wol fjirder as foarsitter yn dit bestjoer.

Opmaak en tarieven advertinsjes:

Oer de opmaak fan de Linepraat binne de advertinsjes soms moeilijk yn in bledside te passen, om’t it âlde binne. Anneke Boonstra docht har best mar it slagget net altiten om it sa te krijen at je wolle.

As lettertype brûke we Ariel en de grutte is 10. At immen in stikje ynstjoert, dan it leafst yn in word-bestand.

De tariven bliuwe dit jier gelyk, sjoen ús finansjele cifers.

 

Omfreegjen:

Sijtske wol graach in nije rubryk deryn ha; in kollum, resept of puzzel. De Bistedokter stiet der faaks eltse moanne yn en is sa’n foarbyld. Fanôf no komt der eltse moanne in ferhaaltsje yn oer it iepenloftspektakel foar 2018 oer Oeds fan Fierwei skreaun troch Yme H. (Hylke Tromp).

Ineke freget oer de rubryk wêr ’t elts nei ferhûze is noch werom komt en sij wol graach de datum fan de folgjende redaksje bijienkomst witte.

 

Jantsje freget at de sekretaresse ( Anneke Nijdam) al har bestjoers-papieren wer klear en ynfuld hat om nei de KamervanKoophandel te stjoeren.

 

De foarsitter slút de gearkomste om 21.00 oere.

Anneke Nijdam.


Jierferslach 2017  de feriening “De Fjouwer Doarpen” útjouwer fan de Linepraat

 

2017 hat foar de Linepraat in goed jier west.

De doarpskrante is, sa as wenst, 11 kear útkommen en hie meastentiids wer in hiel soad kopij, al is de ynfloed fan Reduzum.com grut, dy is fansels altyd aktueler.

 

16 maart hiene we de jiergearkomste.

Gerrie is út it bestjoer gongen en Ineke de Leeuw kaam der yn. Troch sykte hawwe we spitergenôch Ineke net sa faak sjoen op ús redaksjegearkomsten. We winskje har in soad sterkte ta de kommende tiid.

It bestjoer bestie út: Jantsje Kalsbeek – foarsitter; Geeske Smorenburg – ponghâlder; Anneke Nijdam – skriuwster; Tsjeppy Hijlkema – jierferslach en Ineke de Leeuw. De oare meiwurkers binne: Anneke Boonstra, dy’t de haadredaksje docht, as der noch wat typt wurde moast diene Anneke Nijdam, Tsjeppy Hijlkema en Sijtske Hijlkema dit, mar dit wie krekt as oare jierren net sa folle, trochdat alles hast digitaal oanlevere wurdt. Gerrie de Leeuw die wer de korreksjes.

De fêste pakploech, besteande út Geeske Smorenburg, dy’t lokkich wer wat opknapt is, Griet Hofstra, Gerrie de Leeuw, Sijtske Hijlkema, Alie Fennema, Tsjeppy Hijlkema, Anneke Boonstra en Anneke Nijdam, faak bystien troch Loekie Renia en Zus Tiesema en ek oare frijwilligers, soarge de lêste tiisdeis fan’e moanne wer dat de krante yn elkoar kaam.

Tseard Jorna en Theo v.d. Woud hawwe – somtiden mei help fan Henk Korf – soarge dat de moandeis tefoaren alles netsjes stinsele waard.

Henk Korf fersoarge, sa as al jierren, de redaksaksjonele earste bledside en skarrele de ‘Wisten jo’s’ by elkoar.

Ek de finansjele sitewaasje koe besjen lije, wy wiene wer wat foarút buorke, mei ek troch ús eigen stencilmasjine.

De tariven fan de advertinsjes koene dêrtroch dit jier wer gelyk bliuwe.

De krante waard rûnbrocht troch de bern fan de Trije Doarpenskoalle, wat dochs noch wolris wat swirrichheden oplevere. Inkle adressen waarden soms fergetten en de krante waard somtiden wol wat let besoarge. Hjir is mei skoalle oer praten en we hoopje dat it yn de takomst better wurde sil.

 

Wy hoege net folle mouite te dwaan om it oantal advertinsjes op peil te hâlden, faak melde bedriuwen harren sels. Ut eigen doarpen nimme wy dy altyd oan, út oare doarpen sjogge we earst oft it yn ús eigen doarpen ek konkurinsje jout.

Wy hiene, krekt as oare jierren, wer inkle fêste ynbringers fan kopij.

De Sakeklub, mei de ledenlist, sij moatte der sels foar soargje dat dizze aktueel bliuwt.

De aginda wurdt byholden troch de redaksje. De ferienings moatte de data trochjaan, wêrtroch sa folle  mooglik foarkommen wurde kin dat dingen op deselde dei holden wurde.

De bledside mei ‘Vereningingen en kontaktpersoanen’ is de ferantwurdlikens fan de ferieningen. Sy moatte trochjaan oft der wizigingen binne.

Ek kinne je eltse moanne nijs oer de húsdokter en de iepeningstiden fan oare wichtige saken lêze.

Carina v.d. Weg hie hast alle moanne wer in stikje oer de middenstân fan Reduzum fan eardere tiden. Ek fan de bistedokter hie gauris in nijsgjirrich stikje.

Fan De Trije Doarpenskoalle stiene der eins alle moannen in pear bledsiden yn mei û.o. nijs oer de skoalle, jierdeis fan de bern, somtiden ferhalen en tekeningen fan de bern.

Ek fersoargen se, sa as hast alle jierren, de foarkant it desimber nûmer fan LP.

Jantsje en Janneke hiene dit jier twa ynterviews, yn juny mei Leander en Hannah de Goede út Idaerd en yn novimber mei Rianne en Glenn oan’e Haven yn Reduzum.

We haw de jierstikken fan ferskate ferienings fersoarge, sa as Doarpsbelang Reduzum, ROTO, Iisclub en de Laatste Eer.

Ek waarden wy eltse moanne bypraten troch Oeds fan Fierwei oer de stân fan saken fan “In Odyssee troch it hert fan Fryslân”, it stik dat yn it ramt fan Kulturele Haadstêd Fryslân 2018 yn’e simmer fan 2018 yn  Reduzum, Friens, Idaerd en  Eagum opfierd wurde sil, in hiel grut barren.

Ek Pleatslik Belang hie eins eltse moanne wol in stikje.

 

We kinne werom sjen op in hiel goed jier foar Linepraat en hoopje yn 2018 op deselde wize troch te gean.

 

Tsjeppy H.