Wisten jo dat?

April 2018

-Reduzum ynkoarten sûkerskjin is?

-der al wiken lang twa minsken dwaande binne mei prikkers en plestyksekken?

-dat der sels in grutte bus brûkt wurdt om de ophelle rotsoai yn mei te nimmen?

-dat ek de skoalbern ôfgryslik harren bêst dien hawwe om ús doarp wer ‘himmel’ te meitsjen?

-sels de kantinekaaien út it bakje by de famylje Smit (nei trije jier!) wer boppe wetter kamen?

-toanielferiening ROTO in priis wûn hat by de STAF-toanielprizen?

-se dêr by de lêste trije ferienings fan Fryslân sitte foar de haadpriis?

-de sjuery mei nammen te sprekken wie oer de gearwurking mei- en de oanwaaks fan jongeren?

-de biljertclub DWEI dit jier 40 jier bestien hat?

-dizze club springlibjend is mar der dochs noch wol in pear nije leden by kinne?

-Germ van Essen nei sa’n fiifenfyftich jier út it bestjoer fan de Sportstifting gong is?

-hy him no wat mear talizze wol op syn artistike kwaliteiten?

-Geert Spijkstra ek hiel artistyk, kreatyf en histoarysk ûnderlein is?

– hy in prachtich út hout snien famyljewapen by de foardoar hingjen hat?

-der noch twa minsken binne dy’t harren artistike kwaliteiten sjen litten hawwe?

-Marike Compagne en Tjitske Roorda mei FAAM de stjerren fan’e himel songen op de lêste
edysje fan Muzuder Rock?

-en dizze froulju twa wiken letter, mei ien fan de Bands fa Muzuder, foar tûzen man publyk
op Aaipop spile hawwe?

-se fan’t simmer ( jaja!) ek te sjen binne op it grutte Pinkpopfestival (as publyk)?

-der rûnom yn de doarpen nije fûgelhokjes ophongen binne troch ús fûgelwacht?

-dizze jonges yn’t winterskoft in dei lang dwaande west binne om in tal hokjes te timmerjen?

-de skutjasprizen fan de soos yn Idaerd dit jier suver allegear nei de bestjoersleden gong binne?

-wolle jo dus ek ris in priis winne, soargje dan dat je in bestjoersfunksje krije!

-tusken Idaerd en Reduzum in setsje kaaien ferlern, mar in oar setsje fûn is?

-Reduzum.com no ek op Instagram te finen is?

-de earste wimpel fan de Kulturele Haadstêd yn Reduzum sinjalearre is?

-lâns de Haadstrjitte al in tal jonge beammen plante binne?

-de plantgatten fan de Douwe S. Bangmastrjitte noch hyltyt leech binne en soks fansels gjin
gesicht is tusken de opkommende roazestruken?

-ferline wike Friens syn HIGH TEA-middei hie en men allegear sels wat lekkers makke hie?

-der safolle iten op’e taffeltsjes stie dat Idaerd en Reduzum ek hast mei-ite koene?

-de grutte Ljouwerter KH-mienskip noch in protte leare kin fan sa’n lytse doarpsmienskip?