It skouderklopke

Elts fertsjinnet wolris in skouderklopke al is it mar mei in fingertopke.

Minsken mei hert foar har omjouwing binne belangryk foar de leefberens fan it doarp en de ferieningen. It liket soms sa gewoan wat se dogge, mar sûnder har kinne we net.
Wa moatte we neffens jo ris troch dizze rubryk yn it sintsje sette?
redactie@reduzum.com

Augustus 2018 Omdat het sportveld ontzettend (door warme zomer)droog is, het grasveld niet meer groen is, heeft de kaatsvereniging en sportstichting een aantal keer contact gehad met BV sport. BV sport had de capaciteit niet om het veld te sproeien en te onderhouden. Daarom heeft de kaatsvereniging een aantal mensen in en om Reduzum gevraagd om ons te helpen. Loonbedrijf de Jong van Tsienzerbuorren was bereid om te helpen en heeft spullen bij elkaar gezocht om het veld te sproeien. Oene de Jong, Tiede de Jong, Remmelt Hoekstra, Theunis Hoekstra, Jarig Jan Boersma, Sietse Dijkstra bedankt!


Juli 2018
Wat wie it in feest! Trije wykeinen lang útferkochte foarstellingen fan Oeds fan de Fierwei.. Neist de spilers wie der ek in hiel team efter de skermen dwaande. De naaisters, bouploech, ferkearsregelaars, katering, EHBO ers, sminksters en wa al net mear, dizze minsken hawwe Oeds ek makke en der foar soarge dat it stik 5 grutte stjerren kriigen hat. Elkenien foar en efter de skermen, tige by tige.

Juni 2018
De rommelmerk, in top-organisaasje mei in soad help fan  ‘gewoane’ doarpsgenoaten en fansels de kuorballers (ek om útens). Wat ha se in soad wurk foar de kuorbalklub dien. Guod sammelje, op ferskate plakken it spul sortearje, romtes en karren beskikber stellen. De sneons alles te plak bringe, en dan de ferkeap!
It waar siet mei en der wiene soad keapers. De opbringst wie sa’n €3500 euro.  In skouderklopke foar jimme!

Mei 2018
De trainers van KV Jan Reitsma worden in het zonnetje gezet, om hun eigen inzet.Annie begon drie jaar geleden haar training aan 5 kabouters, deze groep is de afgelopen twee jaar gegroeid naar 25 kabouters op de maandagavond. Door grote Anie- mo, kwam de alert- hulp van Nora, Brent en Nynke goed van pas.Hans Brinksma zijn groepje dames was vorig jaar karig, maar deze groeit nu ook, elke week komt er wel iemand bij. Andre, Willem en Melle staan voor de welpen,  Anne Baukje en Albertine proberen de pupillen in het gareel te houden. En Wiebe probeert de schooljeugd en techniekje bij te brengen.

April 2018
De Versmarkt, in moai inisjatyf fan de Sakeclub. Alle freedtemiddeis is der fan 14.00 oant 17.00 wer gesellige reuring op’e Haven. Jong en âld kinne hjir dan terjochte foar farske en earlike produkten.

Maart 2018
Maart wie de moanne fan Muzuder Rock. Wie, om’t dit jier de Final Edition wie. Se binne der mei ophâlden. Tige tank Leo, Tsjeard, Jeroen, Willem en Pieter. In skouderklopke foar jim, foar acht jier wille op’e planken

Febrewaris 2018
Froast, en it is foarjiersfakânsje.
Troch eardere wynwekken wie it iis op de iisbaan net
betrouber genoch om kloften minsken te hâlden.
Lokkich binne der doarpgenoaten dy’t foar de bern
(mar ek foar harsels) op de sleatten in baantsje fege, sadat
elk dochs efkes ride kin.

 

 

 

 


Jannewaris 2018
Oant begin fan it jier stean de tonielspilers fan de tonielferienings klear om ús in gesellige jûn te besoargjen. De Vriendenkring fan Idaerd, Tusken Swin en Moezel út Friens en Roto. Mar ek de spilers fan Fier binne drok oant oefenje foar it ûnder de Toer spektakel, Oeds fan Fierwei.
Prachtich dat der safolle minsken drok mei binne, soks ferstjinnet in skouderklopke!

Desimber 2017
Al jierren , as Sinteklaas in besite bringt oan de bern yn Reduzum, binne it Jantsje Kalsbeek en Klaske Okkinga dy’t op boppeseal, op skoalle en by de pjutten foar in muzikale noat soargje.  De froulje spylje fleurige sinteklaasferskes op harren akkordeon.

 

 

 


November 2017
Of het nu om de trainingen van kaatsers of voetballerjeugd gaat, om ze alle kansen te bieden is er veel en goed materiaal nodig. Daarom zijn er af en toe acties om geld in te zamelen voor nieuw materiaal.
Via huis aan huis verkoop acties van snert of droge worst wordt er veel geld voor de betreffende clubs verdiend. Mooi om te zien dat de jeugd zich hier ook met plezier inzet voor hun club.

Oktober 2017
Bernard Kemperman won vorig jaar al de gouden grijper van de gemeente Leeuwarden. Maar ook in ons dorp maakt hij zich verdienstelijk met het opruimen van zwerfafval. Mede dorpsbewoners waarderen dat erg. Dat verdient een schouderklopje.

 

 


September 2017
Een loungeset voor en door sporters
Naar een idee van de sportstichting hebben een aantal oudere en jonge sporters een loungeset gemaakt voor op het platte dak van kantine. Zo kan tijdens de wedstrijd het publiek samen de sport op ‘grote’ hoogte blijven volgen.

Augustus 2017
Hessel Kuipers is eins syn hiele libben belutsen west by Stânfries en letter Mid-Fryslân. Hy hat protte funksjes hân binnen de kuorbalklub.
Hy wie spiler, skiedsrjochter, trainer, coach, aktyf by de organisaasje fan KWC en ek in fanatyke supporter. Jierren ferlyn wie er al stoppe as spiler mar no hâldt er ek op mei it fluitsjen. De kuorbalklub wol him graach tank sizze foar al syn ynset.

Sjoch op de site fan kv Midfryslân foar it hiele artikel

 

 

 


July 2017
Neist har eigen skoallewurk, eksamen meitsje en slagge, hat Hillie Bergsma yn har frije tiid nei de TDS west om efkes op skoalle te helpen. Yn groep 1 hat se juf Hilde holpen mei allegear wurkjes. De bern helpen mei it iten, foarlêze, knutselje en spultsjes dwaan.
Moai om te sjen dat âld learlingen út en troch noch graach ris in stientsje bydrage mei harren frijwilligerswurk op skoalle.

Juni 2017
Internet is snel, maar de maaiers van de bank waren nog sneller. Toen de redactie begin deze maand een bericht plaatse over een ‘prikkelbare’ bank, bleek dat de brandnetels een dag daarvoor al waren weggemaaid. Ook langs het rinpaad rond de volkstuinen is nu gemaaid door Daam de Boer en de hoekjes door Siep van Lingen bijgewerkt in samenwerking met Bartle de Leeuw. Deze superactie van onze dorpsgenoten is zeker een schouderklopje waard.

Maai 2017
En doe lei de ôfslach nei Trije Romers der út. Fan’t iene op it oare momint moast der in oplossing komme foar de skoalbus. Earst wurde de bern út Idaerd ophelle. Dy moatte dus no alle dagen moarns om healwei achten klear stean. Dan giet de rit troch it doarp, om fia de Hôflânswei yn Grou te kommen. De Reinerswei del, oer Jirnsum nei Friens. Fanút Friens rydt neist de bus alle dagen ien fan de âlders want de wenstige tredde rit mei de bus nei Tsienzerbuorren sit der omwille fan de tiid net yn. Op Trije Romers wurde de auto en bus parkeard, en rinne bern en sjauffeurs fia it Houtstek nei skoalle. Middeis de omkearde folchoarder. Foar alle sjauffeurs  en de bern fansels in skouderklopke.

April 2017
As mem fan twa bern wol Maaike Heegsma ek graach belutsen wêze by skoalle.  Op de TDS  is se OR lid. De wurksumheden hjirfoar docht se mei in soad nocht.
It wurk efter de skermen fan de blomkesmerk, en har ynspannings foar it plein, it realisearje fan de pannekooi, se stiet altiden paraat mei ideeën en praktyske help.

Maart 2017
Styn de Vries is in echte spin yn’t web foar doarpshûs It Lokaal yn Idaerd. As behearder makke sy de skema’s foar de ferskate aktiviteiten sa as it himmeljen en de bartsjinsten. Mar ek de lytse boadskippen, de sinteraasje en de boekhâlding wie by har yn goeie hannen. Styn hat har der 20 jier mei rêd. No’t se ôfskied nimt is it moaie gelegenheid om har nochris yn’t sintsje te setten.

Febrewaris 2017
Dizze moanne hawwe 15 minsken har AED reanimaasje kursus behelle. Dizze kursus wie oanbean troch doarpsbelang. Der binne no al 65 offisjele boargerhelpferlieners mei sa’n sertifikaat yn it doarp.
Dizze minsken, dy’t faaks fia studzje, it wurk of privé dizze kursus dyn ha, gean 1x per jier op werhelling. Guon dogge dat fia it wurk of fia in opfris kursus yn’t doarp. En dat dogge se fansels allegear belangeleas foar jimme!

Jannewaris 2017
It hiele winterskoft binne de biljerters  fan biljertferiening DWEI sportyf aktyf yn kafee-bar de Welp mei û.ô de Pier Riemersma partij, maatspartijen en in maraton. Mar 1x per jier is der neist biljerten in kulinêr barren tusken de freedtejûn-froulju en de tongersdeitejûn- manlju. Dit jier wiene de froulju wer te gast by de mannen. Biljertende kok Henk Schaafsma sette de froulju hearlike fiskhapkes en eigen makke loempias foar, mar ek alle oare gasten yn’t kafee mochten mei-ite. De froulju wûnen dizze jûn it biljerten mar Henk ferstjinne in Michelin-stjer

 

 

 

Desimber 2016
Aldjiersdei sil oan de Legedyk de karbidploech fan Reduzum fan ôf 10 oere wer knallen. Dit alles ûnderlieding fan Willem Bijker, dy’t ûnder oare fergunningen en alle omballingen sa as it lân, karbid en de tinte hjirfoar regelet hat. Op in lege mage kinne je net sjitte. Dêrom makket Coby Hiemstra elk jier apelflappen foar de mannen en Jeroen van Dijk soarget foar de kofje en de broadsjes kroket.

 

 

 


November 2016
Na het opheffen van de ANBO afdeling Reduzum e.o wilden de dames Siemie dijkstra, Bep Zoutsma, Hylkje Hettinga en Janke Kooistra dat de 55+ ers niet vergeten moesten worden. Daarom besloten ze een activiteitengroep op te zetten. Op ‘e Sweef. Wat betekent ‘Er op uit’.  Zij organiseren een aantal keer per jaar een leuke activiteit. Alle 55+ inwoners van Reduzum, Friens, Idaerd en Eagum zijn dan van harte welkom.Hou de site en de Linepraat in de gaten voor al hun uittips.

 


skouderklopke-keatser

 

 

Oktober 2016

It keatsseizoen is wer foarby. Neist keatsers stean der ek altiten soad frijwilligers op en rûnom it fjild klear foar de sporters.Mei de jierlikse merkepartij, manlju en froulju 1e klas, wiene der rom 50 âlders en bern oan de slach om hjir in fantastyske dei fan te meitsjen. It bestjoer is ek tige wiis mei de help dizze minsken.

 

 


skouderklopke

 

 

Septimber 2016
Fan 2 july oant 10 septimber wiene de tsjerken yn Idaerd, Reduzum en Friens yfm Tsjerkepaad alle sneonen iepen. In soad frijwilligers hawwe doe meiholpen. Fan it it ophingjen fan de spandoeken en flaggen oant gastfrou as gasthear wêze.
Geweldich sa as elk him dêr foar ynspand hat.

 

 

 


skouderklopkeAugustus 2016

De skoalle is wer begûn. Dus ek de rop om help by alderhande lessen as aktiviteiten. Neist de âlders binne der in oantal minsken út de doarpen hiel belutsen by aktiviteiten op skoalle.
Ien dêrfan is Marjolein van der Meulen. Sy helpt de learkrêften mei ûndersteuning yn de lessen. Mar ek oare minsken stekke de hannen út de mouwe om mei de bern te lêzen, ride by ekskurzjes of help by it nifeljen