| Ferdivedaasje |
| Ra ra - wêr is dit? | |
|
Sjoen yn Reduzum, mar witte jo wêr? Stjoer jo oplossing nei de redaksje. Mei koarten fine jo hjir it antwurd. |
| Wêr is dit | ??? | |
|
Dit muntstikje leit ter hichte fan Master Gorterstrjitte 36. Postrinners, hûn útlitters of kuierders, allegear gongen se grif efkes troch de knibbels foar dit grapke. |
||
![]() |
Nei it EK-fuotbaljen wiene de slingers rap fuort.
De
twa froulju Gerda
Minke (fan Wytgaard) en Hinke Richtsje (fan Tsienzerbuorren) binne it rinnend troch it doarp
tsjinkaam yn de
tún fan |
|
| Dizze hynderkopkes sitte oan de éntree fan it hûs fan de Fam. Langeberg op de haven. | ||
|
Jan Willem Bleijswijk en Janneke Broers wenje yn dit
hûs oan de Legedijk,
dêr’t dit buordzje foar it
rút stiet. |
||
|
Neffens in Redúster
om útens, Durkje Fennema út Goutum moat dit de buorkerij oan de Ayttawei, "Ayttastate" fan frou Jagersma
wêze. Se hat hielendal gelyk
|
||
| De nije brêge oer it Swin nei it Swinlân is in fleurige brêge. Somtiden sjongt en fluitet er der oer. | ||
| It wie al in drege opjefte, oan de reaksjes te sjen. Mar de wiene dochs in pear dy' t it wol wisten. It binne de boppeste rútsjes fan de pleats oan de Headstrjitte, fan Roel en Durkje Witteveen | ||
| As âld bewenster fan dit pand wist Elske Tolsma wêr't dit wie. Oan de Joksewei 1 | |
|
| De famylje Boersma út Friens wist wol wêr't dit einepykje thús hearde. Neffens har swimt dizze ein by de Fam.Bijker neist hûs yn de sleat oan de Mr.Gorterstrjitte. Hielendal goed. | ||
|
In protte reaksjes, it goede
antwurd kaam fan Sjouke Zijlstra. Dizze râne sit oan it dakkajút fan
it hûs fan de famylje Nicolaij oan de
Headstrjitte. |
||
![]() |
It wapen fan Reduzum is te finen op it monumint by de bushalte op Trije Romers. Der wiene mar in ferhipt lyts bytsje Redústers dy't dit wisten... | ![]() |
![]() |
"Hier krijg je het Reduzum-gevoel van", schrijft Anton Langeberg. Dit is namelijk bijna het eerste wat je ziet als je naar het dorp rijdt: het muurtje van de oprit van een van de woningen bij "de wite brêge". | ![]() |
![]() |
Dizze mini-rotonde leit oan it ein fan de Ds. Boersstrjitte. | ![]() |
![]() |
Moderne architektuer of net, it sjocht der moai út, it hûs fan de fam. Okkinga op Súd, ek fan de achterkant! As it Swinlân der straks leit, sille gâns mear minsken dit sjen kinne. | ![]() |
![]() |
Ja, as je by de wiete haven net nei it wetter en de boatsjes sjogge, mar omheech, dan kinne jo dit prachtich skildere kajútsje fan Noordenbos sjen. | ![]() |