Lêste nijs fan it Lokaeltsje

Sûnt de earste novimber binne Corrie de Jong en Franke Visser- de grutske nije behearders fan doarpshûs ’t Lokaeltsje yn Friens, wêr’t sy fan ôf de earste desimber ek wenje sille. . De earste wike binne hja fuortendaliks troch de wol ferve, mei de toanielklup, de kaartklup, Frouljuswille, de Gesellige Jûn en Sinte Maarten! Ôfgryslik… gesellich, dus dat komt hielendal goed!